deiboek   skriuwersdeiboek 2001
(04-01-2001) - Internet en de Fryske skriuwerij - dêr sil it televyzjeprogramma oer gean dat snein 28 jannewaris op Nederlân 1 útstjoerd wurdt. Mei programmamakker Geart de Vries haw ik dêr tiisdjetemidzje in noflik petear oer hân. Geart sil ek prate (of hat al praat) mei Cornelis van der Wal, mei Albertina Soepboer en mei oaren. Wy sille ús betinken jaan oer in medium dat yn de Fryske literatuer lykwols noch net oan de berneskuon ta is. En dat is tryst. Fan dy berneskuon, bedoel ik. Jo soene dochs ferwachtsje dat sa njonkenlytsen hiel skriuwend Fryslân him op it internet stoart. Om de wrâld fernimme te litten dat der wier wol soks as in aktive Fryske literatuer bestiet. Dat der skreaun wurdt dat it klapt! Hjoeddeisk, yn alle mooglike sjenres en wier net mear (sa 't ik hjoed yn in ynstjoerd brief yn de LC lies) yn de styl fan 'de 19de eeuwse streekroman'.

Fryske skriuwers moatte har oppenearje op it internet en net allinne mar wachtsje oant de redaksje fan in literêr tydskrift in ferske of in ferhaaltsje opnimt of oant in útjouwerij beslút oer in jier (of noch langer) in boek út te jaan. Dy tiid hat west! It eigen skriuwersbestean ek sels yn hannen nimme, dat moat der barre. Gebrûk meitsje fan de aktualiteit fan it nije medium: it hjoed skreaune fers kin moarn te lêzen wêze troch de hiele wrâld. Op de thússide fan de auteur. Donderje de boel sels de wrâld yn! Op in eigen internetside. Net mear ûnderhearrich wachtsje op it oardiel fan oaren. De auteur sels bepaalt wat publikabel is en hy/sy kin publisearje. Elke dei, elke wike. Op it eigen foar elk tagonklik plakje op dat nije medium. Internet betsjut persoanlike frijheid - ek foar de Fryske skriuwer/skriuwster.

Of hat te uzes dat internet noch gjin status? Binne jo noch altyd allinne mar in echte literator as jo publisearren op de bewende wize: tydskrift, boek?

Sokke dingen haw ik tsjin Geart sein. Hawar, ik bin benijd nei de wurden fan Albertina en Cor. En faaks oare Frysk-skriuwende internetters. Nije wike wurde de opnames makke.

(06-01-2001) - Al in hiel skoft lyn - ik wie goed fjirtich - wurke ik mei oan in literêre jûn mei jonge Fryske skriuwers. Ik wie de jongste fan de trije dielnimmers. Sûnt bin ik nea wer 'jong' neamd. Yn Frysk fermidden.

Fannemidzje lykwols hie 'k suver efkes oanstriid en plak mysels dat predikaat wer op: jong wie 'k op de Nijjiersgearsit fan It Skriuwersboun yn Akkrum. In pear hannenfol auteurs noflik by elkoar oan 'e kofje en de koeke. En de foarsitter winske ús folle lok en seine. En dat der mar fiks skreaun wurde mocht! Mar hy prate ek oer jong en âld. Oer jong benammen, oer de jongere Fryske skriuwers dy 't allegear yn de stêd Grins skine te wenjen en dy 't - want it binne idealisten, sei de foarsitter - yn Fryslân poadia sykje om foar te dragen. Op skoallen bygelyks om sa de Fryske literatuer ûnder de oandacht te bringen en talinten oan te boarjen ûnder it puberfolk. Moai fûnen wy dat. Yn stilte. En de foarsitter fertelde ek oer praterij mei de Provinsje oer in opfolger fan it sa mislearre tydskrift FRSK. Dy tekst is my lykwols wat ûntkommen; myn gedachten namen my mei nei oare oarden. Faaks dat it deselde tekst wie as in jier lyn en it jier dêrfoar. Ik rekke wer by de les doe 't omsittend laach fleurich reagearre op in fleurich berjocht fan de foarsitter: op 16 febrewaris is it Feest yn Theater Romein yn Ljouwert. Foar leden fan it Skriuwersboun en guon oaren. Tryater, poppespul en it boekewikegeskink fan Douwe Kootstra. No! Dat wie noch ris goed nijs, fûnen wy. Nei tsienen soene wy dûnsje meie en sûpe en oangean! Sei de foarsitter.

Doe wie der muzyk en guon liezen in fers of in ferhaal foar. En der rinkele ynienen in mobile telefoan. Dochs noch in bewiis fan de tiid fan hjoed.

(08-01-2001) - Ea yn de trein nei Grins siet foar my oer in man dy 't in boek ûndersteboppe lies. Syn rjochterhân omklamme de titel, tusken de fingers fan de oare hân skimere it pertret fan de auteur, it hier wiisde nei ûnderen. Apart fûn ik dat. Ik haw it in hoart mei niget oansjoen. Ik gun minsken har eigenaardichheden, mar dit fûn ik wol hiel bysûnder.

Justerjûn sei myn frou ynienen: "Do hast dyn boek op 'e kop". Se hie gelyk, út har stoel wei sjoen. De ynhâld fan 'Hookstrooks trije hollen mear' fan Giny Bastiaans is ferkeard yn it omkaft set. Yn myn eksimplaar. Ik hie der gjin erch yn hân doe 't ik op in willekeurich plak yn dat boek oan in ferhaaltsje begûn. Sûnder neitinken hie 'k de tekst rjocht foar de eagen draaid.

Ik siet thús op de stoel. Aldergeloks net yn in trein. Mar in apart gesicht moat it al west ha.

(09-01-2001) - Hy kaam rjocht op my ta en krekt foar 't ik in stap fansiden dwaan soe, tilde er de pet op: Piter Yedema! Blinders! Hoe is 't mei dy jonge? Bêst! En mei dy? Ja, bêst. Mei my ek bêst! Ja hear... Doe wie 't efkes stil. Sels de Mercuriusfontein swijde. Piter draaide yn stilte in sjekje.

Skriuwers kinne allinne mar prate oer skriuwen. Want fierders binne skriuwers sa a-sosjaal as de pest. Dat Piter en ik praten oer de skriuwerij. Piter dichtet en Piter is dwaande mei Rilke. Oersettings, bewurkings. En Klaes Bruinsma stipet. Gôh, sei ik. En, sei Piter, Eric Hoeksma of -stra hat Nietsche oerset yn it Frysk. Zaratûstra. 'Er sprach' of soksawat. Gôh, sei ik wer. Want Nietsche yn it Frysk - dat Frysk is dochs wol in hiel wichtige taal, hear.

Piter wipte it oubrânde sjekje rûtineus yn 'e goate - wy fûstken wer. Ik dichtsje ek, hie 'k noch sizze wollen. Tsjin de man dy 't yn in earder libben myn earste dichtbondel de himel yn priizge. Mar Piter wi al ûnderweis nei De Tille. Of nei V&D. Kin ek.

(11-01-2001) - In 'harkersliet' meitsje, juster 'live' by Omrop Fryslân-radio - it is efkes bannich, jo wrotte mei wurden, ideetsjes, folsleine fersen en oare opsetsjes, farsk oanlevere fan harkers nei 'De Middei'. Efkes oer twaën in oprop yn 't programma en oardel oere letter moat der in produkt wêze, in sjongsum refrein dizze earste útstjoering. Want it moat in liet wurde, gjin gedicht mei in frije foarm. Dat piele mei metrum, tal wurdlidden en rym. Skriuwe, skrasse, telle, op 'e nij skriuwe, skowe mei wurdgroepkes, wer ris de opsetsjes fan harkers der by, op 'e nij begjinne, skriuwe, skrasse, sykje nei in gaadlik rymwurd. Soks. Yn oardel oere in refrein meitsje- (ho! sûnt Gurbe elke wike taalman Rienk de Haan yn de útstjoering hat is in refrein ommers in 'kearsang') -, hâldfêst foar de harkers, om dêr de kommende dagen op fierder te bouwen, om my de gelegenheid te jaan nije wike wensdje in earste kûplet te meitsjen. Of mear. Bannich, want ûnder tiidsdruk. It is dus wier net sa dat de 'begelieder' fan it harkersliet thús yn alle rêst dat liet skriuwt en yn de útstjoering de harkers sabeare de yndruk jout dat it ynteraktive radio is. Is is echt in wikselwurking: it liet wurdt foar it grutste yn de studio makke, tidens de útstjoering, 'live' dus. Bannich efkes, mar prachtich wurk. Oer goed twa wiken moat de tekst klear wêze - in komponist/sjonger kin der dan in liet fan meitsje.

(11-01-2001) - Wer in erfaring riker: as Grutte Hear Nayf yn Televyzjelân. Yn 'e wenkeamer breedút op in bank dêr 't ik oars noait op sit, it each fan in mânske kamera op my rjochte, boppe de holle oan in soarte fan angel in mikrofoan en deun foar my de freonlike holle fan Geart de Vries dy 't my ('Kalm oan mar, it stelt neat foar, it is mar televyzje' liket syn lichemstaal te sprekken) syn fragen stelt. En ik? Ik praat oer internet, oer myn pielen mei dit medium, oer it belang fan internet foar de Fryske skriuwerij. Foar myn gefoel swets ik foar it leave faderlân wei, bliuw ik hingjen yn sinnen, sis ik trije kear itselde, betink ik 'statements' oer saken dêr 't ik eins noch noait oer neitocht haw. De kameraman sjocht ûnfersteurber nei de monitor, de lûdman nei syn lûdbân en Geart fitert my hyltyd oan mei nije fragen. En mei eardere fragen dêr 't ik yn earste ynstânsje wat knoffelich op antwurde. Trije faklju dy 't my - nearzich mantsje, Grutte Hear Nayf - efkes middelpunt meitsje fan harren bestean. Har wurk dogge dus.

Letter, op myn keamer achter de computer, fiel ik my lykwols as in fisk yn 't wetter. It each rjochte op it byldskerm, my net mear sa bewust fan de drokte om my hinne.

Hast twa oeren opnames foar - wat sil it wurde? - in hânfol menuten televyzje. Gôh, tink ik as ik de mannen útfûstke ha en in glês sûpe drink: ek in fak om bannen fol swetserij werom te bringen ta in menútmannich besteklik praat...

(11-01-2001) - Hjoed lies ik: "Een schrijver is iemand die zelden schrijft" ('Het roer kan nog zesmaal om', autobiografise oantinkens fan Maarten 't Hart, side 153). Neffens 't Hart wurdt in skriuwer te faak fan syn wurk ouholden omt er allerlei oare saken dwaan moat. Kloppet. Seker ek yn myn gefal. Mar oars as by Maarten 't Hart binne it by my net oaren dy 't jo oandacht freegje, jo fan it skriuwwurk ouhâlde - ik doch it mysels oan. Faak hiel bewust. Ik griis der tsjinoan om wer oan in roman te wurkjen. Ik flechtsje. Yn saken dy 't ik eins aardiger fyn. Folle aardiger.

(14-01-2001) - Wy ha hjoed oerdei wer hurd wurke oan 'Baas boppe Baas', de televyzjeseary dy 't Omrop Fryslân fan 't hjerst yn 12 wyklikse ouleveringen útstjoere sil. Wat in Fryske 'soap' wurde soe, wurdt in lichte dramasearje. It idee fan in 'soap' hat trouwens mar hiel koart oan 'e oarder west. Daalk troch ús, de skriuwers, fersmiten. It wurde 12 ousûnderlike ferhalen. Mar wol mei deselde haadfiguren op ien lokaasje. It doel is dat it drama mei in knypeach wurdt. Net te swier. Lichtfuottich - sûnder maatskiplik relevante saken út 'e wei te gean.

Nimmen fan ús hat echte erfaring mei sénarioskriuwen. Dat leare wy fan Michael Belderink en Karin van der Meer, twa topminsken fan Endemol/Scriptstudio. Dat wy piele mei 'synopsis', 'beatsheet' en 'treatment'. In einprodukt (it 'script') is noch net echt oan 'e oarder, mar komt wol hyltyd tichter by fansels. Yn maaie moat der in fikse steapel troch Steven de Jong te ferfilmjen kant-en-kleare skripts lizze. Komt wol yn oarder. Wy leare hurd oan. Wêr 't it dus om giet is dat wy de ferhalen dy 't wy betocht hawwe yn in skript fan sa'n 28 menuten jitte. Dat ferget in beskate skriuwtechnyk. En dy is ús hjoed dus wer wat mear oanleard.

Ik fyn it prachtich. Dizze wize fan tinken en skriuwen, fan it komponearjen mei sênes, it gûcheljen mei tellen en menuten is nij foar my. As skriuwer fan bygelyks in roman gean jo selden op de stoel fan in lêzer sitten - in skriuwer fan in skript sit duorjend op de stoel fan in televyzjesjogger. Jo tinke by it skriuwen duorjend yn bylden. Fassinearjend!

(16-01-2001) - It binne fan dy ûnbestimde mominten. Yn de nijsgroep alt.culture.friesland.frysk binne guon lju wer ris benypt-Frysk warber. Ik haw besletten om mar in skoft net mei te dwaan. Myn tiid kin yn oare saken stutsen wurde. En dan wol it net rjocht mei dat 'harkersliet' - moarn moat ik wol 'live' op Omrop Fryslân: wrotte dus, dizze nacht en moarn oerdei! Want Gurbe (en de harkers) ferwachtsje al wat. Ik bin dwaande, mar it wol net. En dochs bin ik der moarn. Mei in kûplet. Tink der mar om... Ik bin allinne benijd of Wim Beckers mei myn tekst út 'e fuotten kin. Hy sil fan myn gepiel en wrotterij in liet meitsje moatte. Komt by dy skriuwerij foar OF-televyzje: wat ik oant no makke, wie wol yn oarder. Mar ik wol fierder. Rare momìnten. Oerslaan sa'n dei as hjoed.

(17-01-2001) - Sa dwaande mei dat 'harkersliet' krije jo wol djip respekt foar de âlde masters dy 't it iene nei it oare sonnet komponearren. In sonnet: de wurdlidden telle per rigel, tinke om einrymskema's en metrum en soks allegear yn it beheinde ramt fan in beskaat tal rigels. Wat in gedoch moat dat west hawwe - en noch wêze, want út en troch komt my sa'n keunstwurk noch wol ris ûnder eagen. As dichter makke ik my noait drok om sok nifeljen, as makker fan in liet ûntkomme jo dêr net oan. Respekt dus foar keunstfersmakker, respekt ek foar lietskriuwers, tekstdichters. Myn hobby sil dat noait wurde. Foar my is it echt wrotten!

(21-01-2001) - Fannemoarn lies ik de earste beide haadstikken fan 'It Guozzeroer', de nije en - dat is wis - lêste roman fan Rink van der Velde. It ferskinen fan dizze lytse roman (119 siden) bin 'k wiis mei, mar tagelyk wurd ik der wat tryst ûnder. Rink is slim siik. "Ik gean dea", sei er in wike as wat lyn troch de telefoan, "mar dizze útjefte woe 'k eins al efkes meimeitsje". Benammen ek, sa sei er, omt der foar de earste kear in ynbûne útjefte mei gean sil fan in boek fan him. Njonken de wenstige paperback. Dêr hie er by syn útjouwer al withoefaak om frege. Koe noait. No wie dat dus slagge.

It boek is der. En Rink hat de útjefte belibbe. Earne yn my libbet no in earnstige en tryste ferwachting: hoe lang noch? Wannear berikt ús it berjocht fan syn dea?

(21-01-2001) - 'Uitgeverij Noordboek' is de Grinzer poat fan de Friese Pers Boekerij. Dizze útjouwerij leit him ta op Nederlânstalige útjeften. Ek Fryske skriuwers profiteare dêrfan. Sa ferskynden koartlyn de earste Nederlânstalige misdiedroman fan Sietse de Vries ('De spelbepaler') en de oersetting fan 'De oare helte' fan Tineke Steenmeijer-Wielinga by Noordboek. Tineke har boek oer Nynke van Hichtum is no beskikber foar in breder publyk. Dat is moai.

Tsjinstridige gefoelens haw ik oer de nijste útjefte útjefte fan de Grinzer útjouwerij: 'Moord in het Provinciehuis', de Nederlânse oersetting fan 'Moard yn it Provinsjehûs' fan Frâns en (no ja...) Tineke Steenmeijer. Fansels, ik bin bliid mei elk Frysk boek yn oersetting. Bliid foar de Fryske skriuwerij, bliid foar de auteur(s). Ik gun elke skriuwer syn of har sukses. Myn betinken yn dit gefal giet oer de kwaliteit fan dit boek: 'Moard yn it Provinsjehûs'. Ik haw dat boek twa kear lêzen en myn oardiel is net posityf. It is in boek dat oan 'e iene kant in moderne misdiedroman wêze wol, yn ús tiid spilet (ik lês oer de arkaden op it Ljouwerter Zaailand - om mar ris wat te neamen) , mar tagelyk de sfear asemet fan lang lyn. De tiid fan 'oubollige' Havanks en dy fan Theo ('Moord in de Ridderzaal') Joekes. It feit allinne al dat in Fryske 'mynhear de resjersjeur' (in Deschesne(!)) út Den Haag wei roppen wurdt om suver op syn ientsje in moard op te lossen dy 't yn Ljouwert barde, is net fan dizze tiid. En hoe 't dy resjersjeur as in echte bobo heind, let en set wurdt - soks kamen jo yn de âlde speurdersboekjes tsjin. Fan jierren her. In 'speurdersroman met een knipoog', neffens it parsebrocht fan Noordboek. My is dy knypeach blykber ûntkommen. Of ik lês net goed. Kin ek.

Ik hoopje wier dat dizze Nederlânse oersetting (nettsjinsteande myn betinken) goed ûntfongen wurdt yn it Nederlânse taalgebiet. Mar ik hoopje ek dat Noordboek meikoarten oare Fryske misdiedromans yn oersetting útjaan sil. 'De ielfretters' fan Bertys Klazinga bygelyks. Of 'De lange jacht' fan Rink van der Velde. Dat binne boeken dy 't mei har regionale kleur echt wat tafoegje oan de misdiedskriuwerij yn it Nederlânse taalgebiet.

(21-01-2001) - Krekt de lêste siden lêzen fan 'It Guozzeroer'. Rink nimt yn styl ouskie fan de Fryske skriuwerij.

(22-01-2001) - Trije nije Fryske boeken dit kear. Ien minder as gewoanwei. Foar de mikrofoan fan Radio Eenhoorn (Het Bildt, Frjentsjeradiel, Menameradiel) koe 'k jûn wer wat aaien kwyt. Echte besprekken binne it net fansels, mar it is altyd aardich om ienris yn de trije wike in menút as tsien prate te kinnen oer krekt ferskynde boeken. Jo witte net oft der immen nei harket, en jo kinne ek noait neigean of myn praatsjes ynfloed hawwe op it keapgedrach fan lêzers - mar, tink ik dan mar - net sketten net rekke. Oandacht foar Fryske boeken (yn alle sjenres) bliuwt needsaak. Ek foar in lokale omrop.

Komt noch in persoanlik 'belang' by: omt hast alle útjouwers sa freonlik binne my de measte nije útjeften ta te stjoeren, fiel ik my ferplichte alles te lêzen én oandacht te jaan. Ik bliuw dus op 'e hichte fan de nije Fryske literatuer.

Besprutsen dit kear in roman, in mearkeboek en in boek fol berneferskes. Fan trije ferskillende útjouwers. Want dat hâld ik skerp yn 'e gaten.

(24-01-2001) - Yn de gebou fan Omrop Fryslân moete ik fannemidzje in jonge út it noarden fan Finlân. Syn namme haw ik net ûntholden. Hy sil even âlder as 20 west ha. Wy ha mar in wurdmannich wiksele, want suver op datselde stuit moast ik by Gurbe op besite. Wylst ik nei de radiostudio rûn, realisearre ik my: wy praten Frysk tsjin elkoar. Jo ferdomd: wy praten Frysk! In Finse jonge - noait earder yn Fryslân west - praat Frysk tsjin my. Ik fûn dat hiel bysûnder. Letter hearde ik dat syn Frysk skriuwen noch better is as syn Frysk praten. No herinnerje ik my ynienen dat er sei dat der yn de streek dêr 't er wennet, in soad belangstelling foar de Fryske taal is. Tsjong!

(24-01-2001) - De tekst fan it harkersliet is klear. Ik haw de definitive ferzy yn 'De Middei' foarlêzen en de tekst trochjûn oan de oudieling 'nije media' fan Omrop Fryslân. It liet is te lêzen op de 'website' fan OF. Wim Beckers sil der mei syn groep 'Om 'e Noard' in echt liet fan meitsje. Nije wike wensdje wurdt it útfierd.

(25-01-2001) - "De eenentwintigste eeuw wordt de eeuw van de Dood, dacht ik. Van jouw dood en mijn dood. Iedereen die ik liefheb zal de volgende eeuw sterven". (neffens it haadpersonaazje yn 'Verloren tijd' fan Jef Rademakers - 1999). Sterker noch, tink ik: suver elkenien dy 't no libbet, sil dizze ieu net oerlibje. In gedachte dy 't my rêst jout. Alle minsken feriene yn itselde lot.

(27-01-2001) - 'It literatuerfabryk' is in hiel aardich ûndernimmen: jou literêre talinten in stim foar in libben publyk. Sa hearde ik fannemidzje yn it kafee fan Teater Romein (Ljouwert) bekende en ûnbekende stimmen dy 't eigen en oarmans wurk foardroegen. Dat lêste yn de rubryk 'it favorite fers fan'. Aardich. De beide minsken fan de Parnas-skriuwoplieding foldiene my omt se it bewiis joegen dat talint stipe wurde kin - saakkundige begelieding kin beginnende skriuwers in paad wize en soms docht dat fertuten. De sjonger yn dit bûnte selskip song min en hy spile noch minder gitaar - sa beroerd allegear dat it prachtich wie om der nei te harkjen.

Djiptepunt fan de midzje wie in petear tusken Nyk de Vries en Elly Veltman. Nyk moatte jo gjin fragen stelle oer wat 'er bedoelt' en 'wêrom 't er it sa opskreaun hat' en sa. De jonge krijt dan gjin trije wurden achter elkoar. Seker net as de fraachstelster yn panyk ek noch freget hoefolle tiid der noch is. Se wie der dúdlik ou. Nyk moatte jo foarlêze litte. Dat die er nei dat mislearre petear. Doe koe er himsels wêze. Prachtich. It hichtepunt fan de midzje. Om my hie er wol wat langer oan it wurd wêze kinnen. Mar yn 'it literatuerfabryk' wurdt yn menuten sprektiid rekkene.

(28-01-2001) - Fansels seach ik fannemidzje op Nederlân 1 nei de dokumintêre oer Fryske skriuwers op it internet. Ik bedoel: hoe faak bart it dat jo kop en wurd lannelik oandacht krije... Knap makke programma, wie myn earste oardiel. Profesjoneel. Moai fan foarm. Ouwikseljend fan ynhâld. Mar - en dan bin ik mei myn eigen plaatsje oan 'e gong: wie ik net tefolle de 'oudere grijze goed formulerende heer' (sa 't ik yn in e-mail lies, jûn)? Ja fansels. Moarn sil ik dizze dokumintêre nochris besjen. En bewûndering opbringe foar de kreativens fan Cor, foar it ouwoegene fan Albertina, foar it dizenige fan Eeltsje, foar de noflik-ûnnoazelens fan Trinus, foar it saaklike fan mysels(?) Bewûndering - och ik wit net. Wy hawwe ús ferhaal ferteld. De regisseur hat syn kar dien, hat it programma makke sa 't er dat sels foar eagen hie. En wy, ûnderwurpen, hawwe ús dêr ûnder del jûn.

Feit is wol, fernaam ik niis, dat myn thússide ynienen bestoarme wurdt troch tsientallen besikers. En dat fyn ik dan wer skitterend!

(30-01-2001) - 'Impact' is it wurd, miende ik. Binne jo al safolle jierren op allerhande mêd warber, bealgje jo bygelyks tiden oan in roman, dogge jo wolris wat op de radio, stiet jo foto út en troch yn de krante - och, allegear wol aardich. In inkeld wurd as reaksje. In e-mailtsje. Soks. Dan komt jo kop in telmannich op de televyzje en ynienen wurde jo oansprutsen troch frachten minsken dy 't fertelle dat jo op de televyzje wiene. Wat hat sa'n medium ynfloed! Ik fyn 't prachtich, hear. Mar ik tink ek: wat moat bygelyks Albertina Soepboer oerkomme dy 't even earder ek noch in wichtich 'item' wie yn it NOS-Journaal...

(30-01-2001) - Utnoege wurde foar in 'feestlike boekpresintaasje' is moai. As it giet om twa boeken is dat noch moaier. En hielendal skitterend fyn ik it as it giet om nij wurk fan minsken waans wurk ik bewûnderje. Sjoerd Bottema skreau in literêre thriller: 'It aai fan Siderius'. Hjirmei wurdt in nije speurder yn de Fryske misdiedskriuwerij yntrodusearre, want it sil in 'ynspekteur Hofstra-mystearje' wêze. Fan Baukje Wytsma komt har sânde dichtbondel út: 'Kom mei de koer'. Ja, tink ik dan by sa'n berjocht, wat jo ek op it internet útfine en hoe grut jo mei dat medium de mooglikheden foar de Fryske literatuer ek ynskatte, der giet neat boppe in 'echt' boek. Twa echte boeken op kommendeweis dus. Feestlik presintearre. Mei rjocht en reden, hoopje ik.

(30-01-2001) - Hjoed saaide mei in lome mar o sa krêftige wjukslach in mûzefalk krekt foar de auto oer de dyk. In grutte dûnkere man. Efkes fierderop struts it wyfke buizerd op in peal del. Poëzij yn beweging. Ik woe dat ik soks dichtsje koe.

nei boppe» © Joop Boomsma