Deiboek

Begjin jannewaris 2001 sette ik útein mei in ‘Skriuwersdeiboek’ op it internet. Fan it begjin ou oan hat it myn doel west om min ofte mear fan de sydline kommintaar te leverjen op wat him yn it dochs wol beheinde wrâldsje fan de Fryske skriuwerij ouspilet. Dy sydline is net alhiel slagge: ik bin ek wolris meispiler. Fansels makke (en meitsje – want it ‘Deiboek 2003’ rint oant hjoeddedei) ik wolris in útstapke nei it ferline. Wertinkens hat elk minske. Myn persoanlike ynteresse (fûgels, byldzjende keunst) kamen en komme ek oan ‘e oarder. En as it my oan ‘e strôt grypt kin ik fansels net om de polityk hinne.
Mar it Skriuwersdeiboek giet benammen oer de Fryske skriuwerij, sjoen út myn persoanlik perspektyf. Sa wie it, sa bliuwt it.

Út en troch    
2005 oant no
Deiboek 2003/2004    
Lêste deiboeken
Deiboek 2002   
Út en troch deiboek
Deiboek 2001   
Fan internet nei papier
nei boppe» © Joop Boomsma