deiboek   skriuwersdeiboek 2001
(01-03-2001) - Ea lies ik in ferhaal oer Stephen King: de man skreau yn in sa ferskuorrend tempo syn boeken dat de útjouwer it allegear net mear byhâlde koe. Twa nije romans fan King yn ien jier, dat waard fan it goede wat tefolle. Kin it wat minder, Stephen? Nee dus. De oplossing wie like simpel as geniaal: guon fan syn boeken ferskynden ûnder it pseudonym Richard Bachman. Twa miggen yn deselde klap: de auteur rattele it iene nei it oare boek út de tekstferwurker en der wie in nije suksesskriuwer op de merk. Kassa! Soks is earder fertoand fansels.

Trinus Riemersma is de lêste jierren suver produktiver as ea. Syn lêste boek ('Tinzen oer it Libben en oer de Dea') ferskynde koartlyn ûnder de skûlnamme Jelke Bos. In nije skriuwer op de Fryske merk en Trinus skriuwt fierder oan syn mânsk oeuvre... No wit ik wol, it leit even oars as doedestiids mei Stephen King. Dit boekje is 'skreaun' troch de hûn Jelke fan (omkoal) Trinus en syn frou Dineke Bos: "Omkoal sil dusse tekst tekst wol fine as er werris oprûming hâldt yn syn rotsoai. Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje. En dan moat hy as tsjinprestaasje der in moai boekje fan meitsje. Dat kin er wol, efter de kompjûter is 't in hele flinke fint". Jelke kin tefreden wêze: omkoal hat der in moai boekje fan makke. Posthúm in monumintsje foar in libben wêzen dat der deagewoan wie, dat bestie.

(02-03-2001) - Wat is dat no ougryslik spitich: in boekhanneler dy 't de lêste dagen fan de Fryske Boekewike nee ferkeapje moat: it presint is op! Dat is tryst. Nee: dat is belachlik! Stomstomstom fyn ik dat! Hjir moat in enoarme ynskattingsflater makke wêze. Fan 'Kuneara', it presint fan ferline jier, rekken suver yn ien wike alle 3200 eksimplaren de doar út. Dan witte jo dochs as Stichting It Fryske Boek dat de oplage fan it takomme jier heger wêze moat: 3500 op syn minst yn earste printinge, mei de mooglikheid fan nochris 500 of 1000 der achteroan. Dat betrouwen hie der yn Douwe Kootstra, noait fiis fan in fikse krom publisiteit en dus in ferneamd Frysk skriuwer, wêze moatten. Neat gjin skiterige 3000 yn earste oplage, neat gjin noch skiteriger 500 neiprintsje. Stampe de parsen, foarried oansette! Ek al soene der nije wike noch withoefolle doazen mei berjochten út Boedapest yn it magasyn stean: elkenien dy 't yn de Fryske Boekewike in Frysk boek keapet, hat rjocht op dat boekewikegeskink! No stiet de boekhanneler foar lul, no wurdt de boekkeaper foar de (lege) kroade riden. Soks raast oan alle ljippen en skriezen dy 't op dit stuit ús greiden opsykje! Management fan minne Fryske grûn. Tongblier op 'e harsus! Krintekakkerij yn 't kwadraat!

En dan lês ik hjoed ek noch yn de LC dat de dea fan Rink van der Velde en as gefolch dêrfan de 'run' op syn lêste boek (en guon fan syn eardere boeken) as ferlechje brûkt wurdt: hjir hiene wy gjin rekken mei holden... Ja hallo! Kaam soks út 'e loft fallen dan? Ha se by It Fryske Boek gjin aan hoe 't de merk wurket? No, sa dus.

(02-03-2001) - Niiskrekt krige ik 'Woede' fan Salman Rushdie yn hannen - it boekewikegeskink yn de 'Boekenweek' op kommendeweis. In fikse pocket fan 254 siden. Ik bin benijd of dêr ek te min fan makke binne. Soe my net iens fernuverje, trouwens. Hoewol: dy oplage is fan jier wer moai heger as dy fan ferline jier.

(02-03-2001) - Tsja, Durk Hibma - dan fleanst dy de rambam sokke dagen/wiken en dan krijst ek noch dit oer dy hinne. Ik haw it wier mei dy te dwaan. Ik wit hoe 't dit oan dy fret. Mar der is mar ien soart pr en dat is positive pr. Dit is dus gjin pr.

(03-03-2001) - Hjoed oerdei realisearre ik my ynienen hoe 't Steven de Jong syn nekke útstutsen hat troch skripts skriuwe te litten troch (op dit stik) folslein ûnerfaren Fryske skriuwers. Jo komme al mei in nuodlik ûndernimmen: in 12-dielige Fryske televyzjeseary, jo witte dat busfollen kritikasters yn 't foar al in negatyf oardiel ha, jo witte dat der yn Fryslân mar in frekt lyts espeltsje minsken is dat ea serieus oan in skript foar de televyzje wurke hat - en dochs! Folle simpeler (en feiliger) hie 't west en jou Sciptstudio ('Westenwind' en sa) yn Amsterdam opdracht en skriuw 12 skripts om dy letter yn it Frysk te bewurkjen. Mear jild hie dat net koste. Steven hat hiel bewust keazen foar skriuwers út de provinsje. Ik fyn dat moedich. Ik haw dêr in tanimmend respekt foar. Seker no 't ik fernim (by mysels mar ek by myn 7 kollega's) dat it wrotten en wramen is, sokke skriuwerij. Mar Steven - sa fernaam ik hjoed - hâldt betrouwen yn ús. Of hy is in noch bettere tenielspiler as ik tocht. Nee, Steven spilet gjin teniel. Steven leaut yn wat er docht. En hy leaut yn ús. My jaget dat lêste lykwols it swit yn 't hier!

(05-03-2001) - Efkes in skean each op de klok: it is noch krekt 5 maart, snein - nee, mendje blinders! Hast tiisdje. Oerdei haw ik my ûngelokkich wurke oan in dialoochferzy fan ien oulevering fan de seary 'Baas boppe baas' - neffens de LC fan ourûne saterdje in 'soap' om de belangstelling fan de jongerein te lûken. Of soks. No, tink ik dan, meitsje myn skripts dan mar net. Ik skriuw in soart drama dat net daalk rjochte is op jong spul. Of faaks al. Wa wit dat noch tsjintwurdich? De LC (Leeuwarder Courant) wit it al. Dy berjochtet der oer. In 'soap'. Om de jongerein nei de stjoerder te lûken. Fan Omrop Fryslân-televyzje. Komyk. Hawar, ik piel mar troch. En lear.

(07-03-2001) - Hjoed lies ik in stikmannich (opgarre) stikken oer Nederlânse auteurs dy 't ynienen fan újouwer wikselje. Reboelje, rabberij, gedonder. De grutte útjouwers wurkje blykber mei in ploech fêste skriuwers en dy skriuwers fiele har ek ferbûn mei dy útjouwer. As sa'nien 'opkocht' wurdt troch in konkurrint, binne efkes de rapen gear. Teminsten as it in wichtich auteur is. Komyk eins. As soe in skriuwer in fuotballer wêze op in transfermerk. Hoe oars is dat yn de Fryske skriuwerij. Krekt oarsom, soe men tinke. By ús is mar in hiel lyts bytsje sprake fan trou oan in útjouwer. En útjouwers dy 't har deawrotte foar in skriuwer ha wy hielendal net. Suver elke Fryske skriuwer is bliid mei de útjefte fan syn of har nij masterwurk. By welke útjouwer dan ek. Dat liket gjin donder út te meitsjen. As it boek der mar komt. Guon Fryske auteurs hawwe sa njonkenlytsen alle útjouwers yn Fryslân hân, ha in 'útjeftebelied' dat liket op in karûsel. Neat op tsjin fansels. It tsjûget eins allinne mar fan in grut trochsettingsfermogen: ik haw in boek skreaun en ik sykje krekt salang oan 't ik in útjouwer fûn ha. Op himsels is dat al in hiele prestaasje, in útjouwer fine dy 't ree is om spesjaal foar jo boek it hiele sirkus draaie te litten - fan beoardieling via subsydzjeoanfragen nei produksjeproses, de útjefte, de distrúsje. Reboelje om in skriuwer of skriuwster dy 't wikselet fan útjouwer sille wy hjir dan ek noait krije. Al wer in foarbyld fan hoe lyts in lytse literatuer is. Wêze moat, nei alle gedachten.

(07-03-2001) - 'Der bloeie blommen yn 'e barm / by Kleaster Anjum. / Se flokke kleurich yn dit skiere lân, / laitsje blier-heechhertich / klaai en rein / fansiden, -'... en fierder. Ik besykje wer is in gedicht te meitsjen.

(08-03-2001) - Hjoed kocht ik in nije printer: in Canon bjc 6200 - oanbieding fan de hearen V&D. Trije oeren haw ik dwaande west - jûn - om it saakje te ynstallearjen en sa. Alles wurket no, it rattelet en it docht oan ien dinges wei troch. Prachtich! It lûd fan dizze maatskippij. Ien probleem oan 't no lykwols: der komt gjin letter drukinket op papier. Myn lege A-fjouwerkes fleane as lege A-fjouwerkes de masjine wer út. Ek al hie ik it oars bedoeld. Simy har dialoochferzy hie 'k ouprintsje wollen en Bouke hie'k myn antwurd oan him efkes printsje wollen. Der wie in mail fan Josse (foar myn wiidweidich argyf) en mear soks. In bytsje panyk? Jawiswol! Dy djoere, nije printer...dat oare dinkje die it doch ek wol aardich. Wat in tiidfergriemerij mei sa'n ding!

(09-03-2001) - Apart! Jou ik fannemoarn de printer in opdracht en hy docht it! Wa hat fannacht oan myn nije printer sitten? Ik bin him/har ivich tankber!

(09-03-2001) - Einlings is it dan safier! Ik bin beneamd ta ien fan de 'nestoaren' fan de Fryske literatuer. Goed fjirtich wie 'k al doe 't ik noch in jonge skriuwer neamd waard. Wie ek te mâl fansels, koe noait lang mear duorje. Mar no, ûnderweis nei de 56, kaam einlings dan dochs de gerjochtichheid: nestor! Tige tank, Marga Claus. Ik bin grutsk op dizze earetitel dysto my joust yn dyn stikje yn Trotwaer-2. As ik no grommelje en nije ûndernimmens de grûn ynboarje, as ik wer ris lytsachtjend skriuw oer jonge skriuwers, as ik yndied net by steat bin en tink kreatyf - ik bin in nestor! En 'nestoaren' wurdt in bulte ferjûn.

(10-03-2001) - Ik lies dat stikje fan Marga Claus yn Trotwaer-2 nochris en op slach wie myn eufoary fan juster (nestor!) fuort. It is in gjalperich stikje. Trije útjouwers wolle de kommende fiif jier fyftjin opdrachten jaan oan nije/jongere skriuwers en dat inisjatyf waard (yn in útstjoering fan 'Breedbyld' fan 20/2), sa skriuwt Claus, 'troch twa nestoaren dalik de grûn yn boarre. Gjin grevel kreatyf of konstruktyf meitinken'. Hee hallo, frou Claus! Nestor Boomsma frege him allinne mar ou wêr 't yn sa'n koarte tiid samar 15 nije Fryske skriuwers/skriuwsters weikomme moatte. Fierder spruts er letterlik de hope út dat dit ûndernimmen slagje soe. Neat gjin grûnynboarderij dus. En noch wat: '... op 'e tribune in nustje (tolve) belangstellenden, mantsjes foar, wyfkes kreas dêrachter'. Wa siet twa stuollen by my wei op de foarste rige? Krekt!

Sa'k skreau: in gjalperich stikje. Ik skriuw sokke stikjes ek wol. Mar dy stjoer ik net op nei in literêr tydskrift.

(10-03-2001) - Folle hat skoanheit noait op 'e tekst west oer syn jongestiid op 'e Gerdyk, mar syn eagen glinsteren àl as er it hie oer syn aventoeren mei skoallematen lykas Jelmer van der Schaaf en Hotse de Roos. Oer De Roos lies ik krekt in hiel aardich boek fan Paul Steenhuis: 'Helden zonder zee'. Wat jo dan yn de ynlieding daalk al opfalt is dit: fan de 'Kameleon'-seary binne mear as 13 miljoen eksimplaren ferkocht. Dat binne goed 3 miljoen mear as fan it samle berneboekewurk fan Annie M.G. Schmidt! Fierder in hiel nijsgjirrich boek. Moai wurdt Hotse de Roos yn 'e tiid pleatst, hoe 't er yn wêzen syn jonges- en jongfeintetiid (earst yn Langsweagen, letter op 'e Gerdyk) plak joech yn de Hielke en Sietse-stoarjes. De Roos wie fan 1909, groeide op yn in wrâld wêryn 't earmoede en de emansipaasje fan de arbeider wichtige eleminten wiene. Neffens de auteur fan it boek hat Hotse de Roos it sosjaal-demokratise boadskip yn al syn 'Kameleons' ferwurke. Lêze oer Hotse de Roos syn libben en ideeën is foar my ek in bytsje mear leare oer de jonge tiid fan skoanheit. It wiene skoallematen ommers (Ane, Hotse, Jelmer) en - letter - soasjalisten yn ieren en sinen. Ik ha skoanheit oer dit boek ferteld. Hy glimke. It is him (hast 93 jier) wol goed.

(11-03-2001) - De 'âlde' master fan dy prachtige, faak filosofearjende mar o sa heldere teksten efkes werom yn de Fryske teaters: Hessel van der Wal. Fannemidzje yn in boppeseal fan de Harmonie. Moai, suver intym optreden mei (benammen) nij wurk. Harkje nei sa'n lietsje as 'Aldeboarn'! Werom nei it âlde doarp, sûnder te fersûpen yn romantise nostalgy. Masterlik sa'n tekst! Harkje nei syn oersetting fan 'Iemand moet het doen' en jo fernimme taalbehearsking yn alle fasetten. Harkje nei syn stim: noch altyd sêft mar sealfoljend. Ja, Hessel is werom. Efkes. In lytse toernee.

De muzyk is makke troch pianist Martin van Dijk: in Drint mei humor! En, tocht ik, doe 't ik syn kop seach: ik ken dy! Ja ferdomd! Ea haw ik him stampen sjoen mei Cuby and the Blizzards. Mar dat is fansels noch langer lyn as it lêste optreden dat ik fan Hessel meimakke...

(12-03-2001) - Ik sjoch in bytsje nei de televyzje. In part fan it nijs, in priuwke sport, in stikje Nova. Soks. Wat dat oanbelanget bin ik net oars as allerlei saneamde intellektuelen. Ik haw gjin geduld foar televyzje. In healoere op 'e stoel foar 't skerm en ik wurd ûnrêstich, haw it gefoel dat ik wat dwaan moat, dat der wat barre moat - skriuwe of sa. Of lêze. Of piele, samar wat piele - aktyf wêze, warber. By ús yn 'e hûs binne se dêr ta wend. It wurdt sels akseptearre. As ik myn grutte bek mar hâld, as ik mar gjin kommintaar leverje op de televyzje dêr 't nei sjoen wurdt. Joop, opdonderje, gean nei dyn keamer, doch wat, fyn wat út. Soks dus.

Mar jûn! Ik kaam ûnder, de televyzje wie oan, ik foel yn in programma mei Pytsje Afke - wy neame har Pia - Dijkstra. En noch twa bekende froulju. Neffens Jenny Monyk van der Ven en Linda de Mol. Wat in stel wiven by elkoar! Wat skitterend! De froulju knalden fan it skerm ou, wiene sa ougryslik prachtich manifest, dat ik tocht: as soks samar op in willekeurige jûn útstjoerd wurdt, wat mis ik dan allegear, wat lit ik elke dei wer oan my foarby gean? Moai wie trouwens ek dy man mei sa'n âldmannekop dy 't as in jongfeint siet te gnuven nei dy froulju dy 't him folslein negearren, eins wat de gek mei him hiene. Jan Mulder, werkende ik yn dy gnuver. Dit fûn ik supearieure televyzje. Dit is moaier as piele, sa'n programma. Moarn wer.

(13-03-2001) - Fjouwer en in heale dichtbondel lies ik de ourûne wike. Fan Baukje Wytsma (2), Lida Dykstra, Jelle Kaspersma en Meindert Bylsma. Nije Fryske bondels dus. Hoewol, dy fan Jelle is minder nij. Der wurdt yn 't Frysk op heech nivo dichte. is myn betinken. En de boekjes sjogge der tige keapsjoch út, benammen dy fan de beide froulju. Moai en frustrearjend. Moai omt je mei sokke útjeften foar de literêre kreamen lâns kinne. Frustrearjend omt ik tink: wat sil ik sels noch poëtys bepiele. Der is al safolle. En moais.

(13-03-2001) - Soms wurdt de humor jo per post besoarge. Hjoed krige ik in brief fan de stifting Lira dy 't sûnt in jiermannich de útlienfergoedingen foar skriuwers fersoarget. Kontrôle hat útwiisd dat ik rjocht haw op in neibetelling. Nei it oulûken fan administraasjekosten (6 sinten) en 19% btw (1 sint) bleau der ƒ1,02 oer. Dat bedrach sil meikoarten op myn bankrekken stoart wurde. Sinterse negoasje, mar hawar: in gûne is in gûne. Doe 't ik de steapel (ja wier!) papieren nochris trochlies, die bliken dat it net iens gong om in boek fan my. Dy grouwe gûne is ornearre foar in J.Boomsma dy 't oer klokken publisearre. Sneu foar my fansels. Mar de winst is dat ik efkes fiks laitsje koe. Ik fyn soks wol komyk.

(14-03-2001) - Fryske poëzijrigels op jiskeweinen, aansen rûnom te fernimmen yn de provinsje. Ea sil in argeleaze foarbyfytser op sa'n wein lêze "de reek kringelet dit gedicht", in rigel út myn fers 'Dreame fan 2005'. In kar fan Afûkminsken. It is mar goed dat dy rigel net keazen is foar de bondel 'It libben rûn' (teksten foar berte, trou en rou). Ik soe as de dea wêze dat sa'n rigel boppe in rou-advertinsje kaam te stean fan immen dy 't in dei as wat letter de lêste reis nei Goutum makket.

(14-03-2001) - Martin van Dijk (de pianist om Hessel van der Wal hinne) hat nea by Cuby spile. Dat fertelde my Walter Hofstede út it Limburchse Beek (en dichter fan Flylân!). Wol by de Harry Muskee Band, ein santiger jierren. Okee, myn ûnthâld lit my wat yn 'e steek. Korsakov? Hoe dan ek: ea haw ik Martin stampen sjoen. Oars as by Hessel.

(16-03-2001) - De namme Remco Heite kaam ik de earste kear tsjin begjin santiger jierren. As redaksjelid fan in literêr tydskrift. De lêste kear - yn literêr ferbân - as 'útlieder' fan in dichtbondel. Dat wie koartlyn. Yn de jierren dêr tuskenyn stjûge er op ferskate plakken en yn ûnderskate fermiddens fan syn leafde foar literatuer en taal. En hy waard boargemaster yn de Stellingwerven. Johan Veenstra hold my lange jierren yn syn columns op 'e hichte fan Heite's wegerjen om as boargemaster Stallingwarfs te praten. Moai fan Johan. Raar fan Remco Heite. Wat is der no natuerliker as yn it offisjele ferkear de taal fan jo regio te brûken. Fûn ik. Fyn ik. De kultuerminnende boargemaster hie syn taal mear status jaan kinnen, de status dy 't it Stallingwarfs fertjinnet ommers. It is in folweardige taal mei in prachtige literatuer. Ik lês graach Stallingwarfs. En net allinne de boeken fan Johan. Remco Heite moat witte dat in taal mear is as autochtoane kommunikaasje, út en troch ferpakt as boek. Wol sa'n taal - seker ek troch de ynwenners fan de regio - searieus nommen wurde, dan sille de pommeranten fan dat taalgebiet dy taal safolle mooglik brûke moatte. In plicht. Oan de taal. Oan it folk. De boargemaster praat it gewoan, no, dan wy ek. Sa wurket it.

Mar it sil no oars, haw ik begrepen. De Stellingwerven sille einlings en te'n lêsten Stallingwarfs wurde. Oant en mei de plak- en strjittenammeboerden. Flagge út yn Aldeberkeap! Hantsje foar Piter Jonker en syn meiwurkers. Ek foar Johan: hy hat it fan syn boargemaster wûn. Nee oars: Johan plante stapke foar stapke it sûne ferstân/gefoel yn 'e plasse fan Heite (c.s.). East sil om. West ek?

(17-03-2001) - Okee: Stallingwarfs = Stellingwarfs.

(18-03-2001) - Sitaat út in fraachpetear mei Gerrit Komrij. Him wurdt frege of it net lestich is dat er, sjoen de aktualiteit, yn Portugal wennet. "Zou zoiets ook gevraagd worden indien de Dichter des Vaderlands uit Friesland kwam? Dan ben je voor het nieuws aangewezen op de Sibbenburgse Courant. Daar weten ze niet eens dat Wilhelmina dood is". (HP/De Tijd - 16 maart 2001)

(18-03-2001) - Foppe de Haan hat syn eigen boek. Yn twa talen syn libben en wurk oant no, yn alle hear en fear. Prachtich stik proaza fan Eppie Dam. Mar, freegje ik my ou, wêr is yn dit boek it lûd fan Riemer van der Velde?

(19-03-2001) - It is in fraach dy 't suver net te beantwurdzjen is fansels, mar: wa harket jûns tusken seis en sân oere nei de lokale radio? Jo binne meast oan it iten om dizze tiid. Ha jo dêrby gjin ferlet fan praat, dan harkje jo nei Omrop Fryslân of nei in lannelike stjoerder, jo hawwe de televyzje oan, in aardich muzykje op - wit ik wat. Mooglikheden genôch. Mar hoefolle minsken stimme dan ou op de lokale stjoerder? Earlik sein ken ik net ien dy 't soks docht. Wy net yn alle gefallen. En dochs gean ik mar troch. Om de safolle wiken jou ik foar de mikrofoan fan Radio Eenhoorn omtinken oan Fryske literatuer. Under it motto: net sketten is altyd mis. Jûn bespruts ik twa dichtbondels en - fierste koart - in ferhaleboek. Soe der ien nei harke ha? Hawar, moarn oerdei wurdt it program werhelle. Faaks dat de radio dan by guon op Eenhoorn stiet. Dy hope soarget der foar dat ik warber bliuw op dit stik. Lytse bodder yn de Frysk-literêre striid.

(19-03-2001) - De beide gedichten dy 't ik de ourûne tiid makke haw ik op myn side set. Foar de liuwen smiten dus. Earme fersen...

(21-03-2001) - It sil yn 't begjin fan de santiger jierren west ha. Poëzijfestival yn Sealen Schaaf. Healwei de jûn. Ik hie in tal fersen lêzen foar in manmachtich publyk. Efkes letter line ik tsjin in muorre en fûstke mei myn buorman. 'Remco Campert' sei er, folslein oerstallich fansels. It wie net om 'e nocht dat ik op dat plak tsjin in muorre line. Campert wie foar my in wichtich dichter en ik woe wolris in wurdmannich mei him wikselje. Dat foel lykwols net ta. Campert wie in ferlegen man mei in bytsje wurden. Freonlik, mar ferlegen. Letter (yn 'e nacht) dronken wy út de selde jeneverflesse. It praat gong doe wat makliker.

Justerjûn seach ik Remco Campert op de televyzje. Yn in soarte petear mei Ivo Niehe. Freonlik en ferlegen wie er noch altyd. Sels tsjin Niehe, dy 't gjin aan hat fan dichters, dy 't it allinne te dwaan is om it eigen ego - yn petear mei wa dan ek. Spesjaal foar dit program seach ik justerjûn nei de televyzje. Om Campert te sjen, te hearren. Wat spitich dat er ûnderfrege waard troch in literêre nitwit, in kloat as Ivo Niehe. Ik hie 't mei Campert te dwaan. Mar hy bleau freonlik, de dichter. Te ferlegen, tink, om syn ûnderfreger foar de harsus te slaan. Of it hûs út te skoppen.

(23-03-2001) - Via myn e-mail waard my hjoed wiidweidich (mar o sa kreatyf!) troch in Frysk dichter de earen wosken en yn de nijsgroep alt.culture.friesland.frysk wurd ik 'slijmbal' neamd. Troch in (ynwenner fan?) Harkema. By Poiesz yn Menaam wie fannemidzje gjin pak sûpe of molke mear te keap. Der binne fan dy dagen...

(24-03-2001) - Tafal bestiet net. Sûnt koarten lykwols twifelje ik. In wike as wat lyn plôke ik in boekje oer Hoatse de Roos út 'e ramsj, oer de skriuwer fan de Kameleonseary. De man moat in knoarre jild fertsjinne ha oan de mear as 13 miljoen eksimplaren dy 't fan syn boeken ferkocht binne. De Roos bleau oan syn pinsjonearring ta timmerman: jo koene ommers nea witte, de tiden koene minder wurde, ommers. Hoatse de Roos, produkt fan de krisisjierren. Hawar, dat boekje lies ik. Op in foar my willekeurich stuit. De ourûne wiken lies ik yn de kranten op syn minst 4 stikken oer De Roos en syn Kameleons. Oer in film dy 't makke wurdt, oer in museum, oer in ruilbeurs. Tafal fansels. Dêr hâld ik it dochs mar op.

Nei de dea fan H. de Roos (1991) ferskine noch altyd nije dielen oer de Kameleontwilling, skreaun troch P. de Roos. Dat is Piero Stanco, direkteur fan útjouwerij Kluitman yn Alkmaar.

(Wêrom, freegje ik my ou, haw ik ynienen sa'n belangstelling foar it fenomeen De Roos/Kameleon? It is mear as 40 jier lyn dat ik sa'n boekje lies).

(25-03-2001) - Ik bin der sa njonkenlytsen achter dat jo hiel hoeden wêze moatte mei it neamen fan de namme Eeltsje Hettinga yn iepen media. De jonge sjit as in njirre út de boskjes as ik ek mar in bewyske fan krityk leverje op syn dwaan en litten, ek al is dy krityk eins posityf bedoeld. Dan wurd ik via de e-mail wiidweidich ta ferantwurding roppen. Ik antwurdzje freonlik. Lis saaklik út wat ik bedoel, bedoeld haw. En dan komt der in noch wiidweidiger antwurd mei in fracht oan (o sa kreative) skelwurden werom. Ik wol dêr net mear om gnize. Ik haw myn nocht. Dêrom haw ik foar mysels fêststeld hjoed dat ik nea syn namme wer neame sil (yn hokker stikje dan ek) en dat ik nea wer reagearje op wat er skriuwt, hoe feninich dat ek wêze mei. Dat is slop en lef fan my, dat sil 't wol. Mar ik wol de enerzjy rjochtsje op saken dy 't der foar my wier ta dogge.

(26-03-2001) - Fannemidzje moete ik Hanneke de Jong. En wy praten oer de skriuwerij fansels. Apart is dat: as twa skriuwers elkoar moetsje, komt it praat yn in omsjoch (daalk nei 'Hoe is it?') op de 'tweede tak'. Soe dat by bygelyks byldzjende keunstners, boeren en filatelisten ek sa wêze? Ik tink it wol. Jo kenne elkoar meast fan dy rûnte. Hawar: Hanneke har jongereinboek 'De lêste brief' sil oer in skoftsje yn Nederlânse oersetting by Van Goor ferskine. Dat is moai. Foar Hanneke. Foar de Fryske skriuwerij.

(26-03-2001) - It docht altyd deugd as âld-learlingen goed telâne komme. In aardige baan, in noflik bestean. It grutte sukses fan 'Twarres' joech my fan 't begjin ou oan om dy reden in goed gefoel. Mar ek om in oare reden: de wurdearring foar it Frysk as sjongtaal yn de popmuzyk. En efkes in oar lûd as dat fan 'De Kast'. No lies ik hjoed dat de nije single fan 'Twarres' Ingelstalich wêze sil. Fyn 'k spitich. Fyn 'k net ferstannich. De grutte hits fan 'De Kast' wiene Frysktalige wurkjes. Dy skoarden better as de Nederlânstalige. Hie in nij Frysktalich liet as potinsjele hit foar 'Twarres' net logiser west? Dat Fryske lûd as mearwearde, aparter, opfallender. Ik bin bang dat in Ingelstalich lietsje allinne mar mear fan itselde wêze sil. Mar ik hoopje al dat bliken dwaan sil dat ik gjin ferstân fan dizze matearje haw.

(27-03-2001) - Twa grutte fûgels yn 'e greide dy 't - deun tsjin elkoar oan, soms kop oan kop - oangean as toarteldowen. Ek oan sulverkobben haw ik op 't stuit myn niget.

(27-03-2001) - Efkes in each op de klok: even foar tolven nachts. Myn tredde buorrel stiet, healwei it gleske, njonken it skriuwboerd. Ik fyts de internetwrâld wat op en del. Doch ik al in skoftsje. Sa wie 'k in hoart lyn by 'Kistwurk'. Ik woe - masogist - noch efkes lêze hoe 'n kontkrûper as ik wol net bin (H.Harkema hie dêr in oar wurd foar, bin 'k even kwyt ...). Kontkrûper. Sa waard ik juster noch affisjearre yn de 'literêre leagenbank' - of soks. Ik haw my ûngelokkich socht op de siden fan 'Kistwurk'. Dat berjocht liket ferdwûn te wêzen yn it firtuele hjirneimels. Wat is dat no spitich! Mar faaks dat dy tredde buorrel - no op - myn geast ferdôve. Moarn fierder sykje. Want in dei as wat lyn stie dat alt.culture.friesland.frysk-berjocht echt noch op dy 'leagenbank'.

(28-03-2001) - Noch altyd gjin wite reek út 'e skoarstien: wa krijt fan 't jier de Gysbert Japikspriis? Myn eigen list fan kandidaten beheint him yntusken ta trije. Alfabetys: Josse de Haan (magistrale roman), Durk van der Ploeg (yndrukwekkend oeuvre) en Albertina Soepboer (prachtige poëzij). It kin fansels wêze dat de sjuery noch altyd praat en hifket, besiket ta in unanym oardiel te kommen. Faaks ek dat de kar al dien is, mar noch net yn de iepenbierheid brocht wurdt. Kin. Mar it kiezen fan de krekte kandidaat is fansels in persoanlike kar. Ea haw ik sels yn dy sjuery sitten. Dat wie doe in simpele klus. Suver al yn de earste gearkomste wiene wy it trijerisom iens: Ypk fan der Fear. Sa maklik hat it net altyd west. Sa maklik sil 't fan jier ek net wêze. De Fryske literatuer fan hjoeddedei is breder as doe. Faaks ek heger fan kwaliteit. Der is yn alle gefallen mear kwantiteit.

(28-03-2001) - Dat GertJan Slagter jier op jier yn 'e prizen falt as it giet om fersoarging fan Fryske boeken, is folslein terjochte. No binne der mear goede boekfersoargers dy 't har mei Fryske útjeften dwaande hâlde, mar Slagter liket der krekt efkes wat mear fan te meitsjen. Yn myn boekekast stean bygelyks in stikmannich tige bysûndere útjeften fan Willem Winters syn 'Perio'. Foarmjouwing: GertJan Slagter. Ik fernim trouwens de lêste jierren dat hyltyd mear útjouwers it belang fan in goede en profesjonele boekfersoarging ynsjogge (Bornmeer en Frysk en Frij bygelyks; en út en troch de Friese Pers Boekerij). Ek op dit stik wurdt de Fryske literatuer geandewei folwoeksener. Fladderige boekjes binne der sa njonkenlytsen genôch ferskynd yn Fryslân.

Mar GertJan Slagter dus. Juster lies ik yn de krante dat er foar syn fersoarging fan in Fryske dichtbondel ek lannelik bekroand is. Skitterend fyn ik dat! Erkenning foar in fakman. Komplimint foar in útjouwer dy 't it oandoart (ek finânsjeel) om Slagter (of in oare professional) yn te hieren.

(29-03-2001) - In jier as wat lyn waard yn in Switsers tydskrift de Dútse oersetting publisearre fan it titelferhaal fan myn bondel 'Picasso, lêste wurk'. Dat spilet yn de stêd Luzern. Fan dat blêd haw in nea in bewiisnûmer tastjoerd krigen, mar wol waard my in honorarium oermakke (300 Switserse franken). Dat jild skode ik troch oan oersetter Bernard Kamsma. Hy hie it wurk dien. Ik wie it allegear al wer fergetten, oant hjoed myn tastimming frege waard dat ferhaal yn in blomlêzing op te nimmen, yn 2002 te ferskinen. Misdied op syn Switsers, of soks. Aardich berjocht.

(29-03-2001) - Ferline wike krige ik fan FeRstivalbaas Jelle Bangma in fraach: wolsto wat gedichten skriuwe dy 't foardroegen wurde kinne troch bern fan 12/13 jier? Graach ynleverje foar 1 maaie o.s. Op slach hie 'k it swit yn 't hier. Dat kin ik net! Ik ha wolris besocht wat foar jonge bern te skriuwen, mar ik kin it net. It wurdt of te lytsbernich of te folwoeksen. Sa'n tuskentoan te finen, wat is dat in slim stik! Ik haw dan ek alle mooglike wurdearring foar lju dy 't soks wol kinne. Dy 't dy bern yn har eigen taal oanskriuwe en har it gefoel jouwe dat se serieus nommen wurde. Knap fyn ik dat.

De koartste klap soe wêze en skriuw Jelle 'nee' werom. Dat is my lykwols te maklik. Ik ha noch efkes mear as in moanne de tiid. As it swit út it hier bliuwt (mar ynearsten komt it hyltyd werom) sil 'k my der ta sette. Gedichten foar bern fan 12/13 jier. Om foar te dragen.

(31-03-2001) - Dit skriuwersdeiboek wurdt lêzen, fernaam ik de ourûne dagen. Dêrom efkes in tsjinstmeidieling foar lju dy 't reagearren op myn berjochtsje fan in dei as wat lyn (oer de Dútse oersetting fan it titelferhaal fan 'Picasso, lêste wurk'). Ik haw dy tekst opdjippe út in fracht oan hast fergetten skiifkes en op myn thússide set: 'Picasso, letzte Werke'. Stiet der ek ris wat yn in oare taal op.

nei boppe» © Joop Boomsma