deiboek   skriuwersdeiboek 2001
(01-08-2001) - Wat is dat dochs mei Friezen op campings... Sadree 't se in Fryske klank hearre, fleane se daalk op je ou mei in konstatearring en in fraach: 'Jim komme út Fryslân! Wêr komme jim wei?' Of se smyspelje wat en besykje jo it hiele ferbliuw op it kampearplak te negearjen.

(02-08-2001) - Elke dei, op alle campings, kochten wy in krante. Gjin letter Frysk-kultureel nijs haw ik lêzen. Der barde op dit stik de ourûne wiken yn Fryslân dus neat wat ek mar in bytsje boppe-provinsjale nijswearde hie. Wol lies ik tige positive stikken oer Spangea. 'Aïda' wie in boppeslach.

(02-08-2001) - Tusken de fakânsjepost/e-mails in aardich berjocht fan Piter Wilkens. Syn liet oer 'De Lauwers' is klear en stiet op cd. Sil oare moanne beskikber wêze. Benammen by de Rabo-bank yn Surhústerfean. Piter wit fan myn fassinaasje foar dat rivierke dat yn 'e omkriten fan 't Fean syn begjin hat, dat yn myn jongestiid foar my in wichtich plak wie. Om te berneboartsjen. En - letter - om te mimerjen. Ik koe him wat ynspiraasje jaan ta it skriuwen fan dat liet. No mar ouwachtsje oft myn (wer)tinken en fielen werom te finen is yn dat 'deagewoane rocknûmerke' (skriuwt Piter).

(02-08-2001) - Ik bin, wat it keatsen oanbelanget, grif yn in ûngelokkich part fan Fryslân hikke en tein. Dy sport bestie net yn 'e wâlden en it wie dan elke kear wer mei grutte ferbjustering dat ik seach hoefolle plak de Ljouwerter krante elke simmermendje ynromme foar de keatsferslachjouwerij. Elkenien, behalve wy wâldsjers dus, moast wol keatsfanaat wêze. Wêrom oars safolle oandacht ommers?

Yn 1976 setten wy ús yn Menaam nei wenjen en sûnt haw ik tsientallen grutte keatspartijen besjoen. In aardige sport, meibelibbe troch in pear hûndert man/frou publyk. Sûnt wit ik ek dat it keatsen mar yn in beheind part fan de provinsje wurdearre wurdt. Mar de media dogge noch altyd as soe dat keatsen in hiel grutte sport yn Fryslân wêze. Ik begryp dat net.

Juster wie 'k yn Frjentsjer en belibbe de PC. Wer: hiel aardige sport. Ik hie in moaie dei, preau de sfear, hie niget oan dy fracht publyk. Sa soe de topkeatserij altyd wêze moatte. Dan soe 'k de wyklikse media-oandacht begripe.

De jûns en ek hjoed seach ik nei Omrop Fryslân-televyzje. De PC dus. Godallemachtich, wat in PC! Suver ien grut PC-orgasme... Wie dit no net wer in klassyk foarbyld fan 'overkill'?

(03-08-2001) - Wat in hearlikheid! Dizze dei is noch jong (00.12 oere), de muzyk fan Stevie Ray Vaughan kidelet myn earen, Menaam sliept, withoefolle saken haw ik regele - hoe witte de lju dat wy wer thús binne fan in fakânsjereis? - en ik haw wer telefoanys ja sein wylst it nee wêze moatten hie. Dat ik bin skriuwer/suteler ein dizze moanne yn Stiens, ik lês foar yn Boalsert, Radio Eenhoorn wol dingen, lykas de lju fan Omrop Fryslân. En 'Trotwaer' ferwachtet in artikel oer Tiny Mulder. Jenny wol dat ik guon kezinen skilderje, de fiver yn ús tún is fiks fersmoarge en ik moat noch in presint betinke omt ik saterdje 56 jier wurd. Mar de hearlikheid! Ik libje wer. Op campings bin ik, mar bin ik eins net. Och, tolve boeken yn 21 dagen en goed 400 fytskilometers - en dan dy PC earjuster noch. Hearlikheid?

(03-08-2001) - Sjoerd Bottema: 'It aai fan Siderius'. Bewust meinommen op fakânsje dit boek, omt ik der yn alle rêst fan genietsje woe. En geniete haw ik. Sjoerd kin út en troch eamelje op heech literêr nivo, op guon plakken liket it dat er him einlings in bytsje bleat joech. It haadstik 'Frij man' haw ik trije kear lêzen, sa moai! (****)

(04-08-2001) - Myn hiele libben al hat dizze datum in bysûndere betsjutting hân. As ik him sjoch (wêr ek mar, hoe dan ek) is der altyd sa'n freudiaans aha! Myn bertedatum, elk jier wer. Apart is dat. Ien datum yn 't jier is echt wichtich. Dat gjin gelul oer houliksdei, de jierdei fan de frou, de bern of wat ek - ûnsin. In minske hat mar ien dei yn 't jier dy 't echt foar himsels is, fan himsels is. Der is mar ien datum dy 't der 'echt ta docht'. Foar my dus 4 augustus.

(04-08-2001) - Blinders, no moat ik de tekst op myn iepeningsside al efkes oanpasse! 56 jier bin 'k yntusken. Ik fyn dat wol hartstikke âld, hear. Ik bedoel: it klinkt wol hartstikke âld.

(06-08-2001) - Nimmen dy 't soks leaut fansels, optinksels fan in wrâldfrjemde geast. Mar stel. Jo wolle hiel graach skriuwer wêze, jo hawwe dêr alles foar oer, echt alles. Mar it wol mar net slagje. Ek it skriuwen fan in televyzjeskript slagget net, likemin as jo tekst fan in iepenloftspul in sukses wie. It brekt jo eins allegear by de hannen om 't ou. En jo ha sa'n ferlet fan erkenning, fan eare - jo wolle der sa graach by hearre, skriuwer wêze. Fearren yn 'e kont. It wurdt him allegear net. En jo fine josels eins hiel geweldich.

Dat is in tryste sitewaasje. Om gek fan te wurden.

Immen oars skriuwt in skript, werskriuwt dat skript withoefaak oant it goed is en ferfilme wurde kin. Jo meie jo namme der ûnder sette, jo krije de 'credits' fan wat in oar makke. Jo hawwe der sels gjin harsus oan dien, gjin wurd, mar jo krije de eare. En jo krije ek noch de sinten. It honorarium fan dejinge dy 't it skript makke. Dy krijt dus neat. Jo krije én de eare én de sinten. En jo hawwe dêr frede mei, jo kinne dêr mei troch it libben. Jo akseptearje dat. Want ynienen giet jo namme as skriuwer troch de wrâld. Halléluja!

In optinksel? Wie 't mar sa! It is hurde realiteit- (ik hâld my noch wat op 'e flakte omt ik hjir eins noch net oer skriuwe mei - mar der oer skriuwe sil ik, meikoarten. It is sa'n sneu en sielich gefal...).

(07-08-2001) - De sjuery fan de Rely Jorritsmapriisfraach (jezus, wat in wurd!), de lju dy 't kedize oer de Rely Rally 2001 hawwe ien fers bekroand. Dat is bysûnder. In sjuery kin 5 fersen en 5 ferhalen foardrage foar in RJ-priis. Maksimaal. De ferhalen wiene fan 't jier prut, net bekroanensweardich neffens de sjuery. Guon fan dy ynstjoerde ferhalen fine wy dus meikoarten werom yn de kolommen fan Hjir, Trotwaer en Kistwurk. Fan de ynstjoerde fersen wie dus mar ien de muoite wurdich. Dramatys! De sjuery hat dus gewoan syn/har wurk dien en de trije minsken kamen ta dizze útslach. Ien fers. Gjin ferhaal. Net mear.

Ik haw respekt foar sa'n útslach. Moedich. Faaks terjochte. Moarn filosofearje (") ik hjir efkes fierder oer.

(07-08-2001) - Op de side fan 'Kistwurk' - jo moatte wol klikke en klakke en grieme om der in bytsje wiis út te wurden - foel jûn myn each op de namme Boomsma. Gôh! tocht ik: giet it oer my? Moarn dochs efkes sjen. Soe kinne. Dat ik dy Boomsma bin. En in besite fan my oan Kistwurk krikt har besikerstal ek wer op. Altyd goed foar provinsjale promoasje.

(08-08-2001) - Ja, it giet oer my, dat stikje op de side fan it literêre tydskrift 'Kistwurk'. Under oaren oer my. Humor! Nivo: EH-de earste yn 'e bocht. Tsjong.

(08-08-2001) - Jo kinne sizze: it wiist min mei de Fryske skriuwerij as mar ien ynstjoering foar de Rely Rally yn 'e eagen fan de sjuery de muoite wurdich wie. Soe in oare sjuery oars oardiele ha? Ik tink it net. Sels haw ik trije jier Rely-ynstjoerings beoardiele, dat ik wit dat de rispinge it iene jier gâns oars wêze kin (minder, better) as in oar jier. Ik wit dus ek dat op syn minst 80 persint fan wat ynstjoerd wurdt Fryske skriuwerij is, gjin literatuer. En de Rely Jorritsmapriisfraach is literêre 'spekriderij' (om Fedde Schurer ris te sitearjen). In sjuery hat dan ek deagewoan de plicht om kritys te wêzen, kritys op it stik fan literêr nivo. As dan mar ien bydrage 'de souwe treast is', is dat net oars. Hoe spitich ek foar de ynstjoerders dy 't oare ferwachtings hiene. Omt se sels oertsjûge wiene fan de kwaliteit fan har wurk.

Sa 't ik juster al skreau: guon fan de oukarde ferhalen en fersen sille wy de kommende moannen sûnder mis yn ien fan ús literêre tydskriften lêze kinne. De kritise latte leit by elke sjuery/redaksje oars ommers. Wy, lêzers, sille dat net witte. De hjoeddeiske sjueryleden sille dan glimkje. Sy werkenne it ferhaal, it fers. En de auteur wit: ik skreau dus in poerbêst ferhaal, fers. De Rely-sjuery wie fan 't jier net kapabel genôch om myn wurk literêr op nivo te skatten. Sa'n redaksje hat der folle mear ferstân fan. Dus. Sa bliuwt der libben, hope, argewaasje, foldwaning, teloarstelling, ensfh.

Feit bliuwt: de gearkomste , begjin oktober, yn it tsjerkje fan Bears - as de priis útrikt wurdt -, sil koart wêze.

(09-08-2001) - Josse de Haan stjoerde my in dei as wat lyn in hiel aardich artikel ta. Syn reaksje op it stik dat Jabik Veenbaas koartlyn op 'Kistwurk' publisearre. Oer Trinus Riemersma, de 'god fan stront en jiske' of soks. As ik it goed begrepen haw sil Josse syn stik meikoarten yn de kolommen fan 'Kistwurk' opnommen wurde. Faaks dat der noch ris in aardige diskusje komt oer Riemersma syn wurk. Is er in auteur dy 't him liede liet troch streamingen, troch ferneamde skriuwers, troch boeken (Veenbaas) of is er in oarspronklik talint dat yn de Fryske literatuer knappe dingen die, fernijend wie (De Haan). Meikoarten kinne wy Josse de Haan foar Jabik Veenbaas oer lêze. Digitaal!

Ja ferdomd! Ik meitsje al wer reklame foar 'Kistwurk'! Ik bin ('ikke-ikke-ik' neffens EH-de earste) eins fierste goed foar dizze (aldergeloks) o sa lytse wrâld...

(10-08-2001) - Haw ik it nei ús fakânsje al oer de Gysbert Japikspriis hân? Ik tocht it net. Hy bestiet dochs noch wol? Ik bedoel, de priis wurdt fan 't jier dochs net oerslein?

(10-08-2001) - Ut en troch briefkje ik mei Jef Geeraerts. Meast is er optein en fertelt oer de lêste reis dy 't hy en syn Leonore makken. Soms is de toan fan in brief wat somber. Jef fielt dat er âlder wurdt en dat is him eins min nei 't sin. Hy hat in hekel oan âlde minsken.

Ik moete Jef gâns jierren lyn yn Ljouwert. Ik moast him dy jûns interviewe foar de SLAL. Op syn keamer yn it Oranjehotel al fertelde er dat er eartiids faak yn Fryslân kaam. Hy hie in skoft ferkearing hân mei in frou út 'e omkriten fan 't Hearrenfean. Sei er. It Frysk wie him net ûnbekend. Ik krige dêr daalk in bewiis fan: suver aksintleas lies er it begjin foar fan in roman fan my dy 't ik as presint foar him meinommen hie. Letter makken wy in kuier troch de binnestêd. Jef wiisde my op kroegen en shoarmatinten dy 't er yntuytyf as 'krochten van de misdaad' bestimpele. Ik moast dêr wat om laitsje, frege oft er in bytsje paranoïde wie of sa. 'Zijt ge echt zo naief, Joop?' Blykber al. Net lang nei ús kuier brânde in troch him oanwiisde haptinte út. In soarte wraakaksje. Ik haw it him skreaun. Hy wie net ferbaasd.

(10-08-2001) - It is dochs ûnfoarstelber! Boppesteand stikje skreau ik yn 't begjin fan 'e jûn. Samar, om 't ik yn 'e kop in bytsje neifilosofearre oer in brief dat ik juster krige. Mar it feit dat ik mysels kombinearje mei de 'ferneamde Flaamse auteur' Jef Geeraerts is foar immen al reden om my (yn geef Frysk) út te meitsjen foar 'opskepper', 'grutdwaner' en mear. In e-mail. Under alias fansels. It is dochs ûnfoarstelber! Wer sa'n Fries mei in minderweardichheidskompleks. Dus. Tsjonge jonge wat in lul! In anonime lul.

(10-08-2001) - Oer in alias skreaun - salang 't 'Kistwurk' bestiet figurearret njonken EH-de earste in Rimmer Franke as redakteur. Ik haw tocht dat dy namme in alias wie. Fan EH-1. Om (sabeare) oan te jaan dat it digitale blêd nét in ienmansprojekt is. No twifelje ik in bytsje. Rimmer Franke bestiet. Tink ik. It is in skûlnamme. Fan wa? Ik hâld it ynearsten op Jabik Veenbaas. (wurdt fuortset)

(12-08-2001) - Even foar 't wy mei fakânsje gongen - begjin july - skreau ik in e-mail oan Steven de Jong, regisseur en sa fan 'Baas boppe baas', de televyzjeseary dy 't fan 't hjerst de topper wêze moat fan Omrop Fryslân-televyzje. Ik skreau Steven dat ik der mei ophold - de beide skripts dy 't ik skreaun hie (en werskreaun en werskreaun, ensfh) koene mar gjin genede fine yn 'e eagen fan de master. Ik hie sa njonkenlytsen myn nocht. Ik wie wurch fan dizze skriuwerij, ik woe wol wer ris wat oars. Ik haw my ûntskuldige by Steven en tajûn dat ik as skriptskriuwer ynearsten mislearre bin. Spitich. Ik 'baal' der noch altyd slim fan. Mar ik fyn wol dat jo in mislearjen akseptearje moatte. En tajaan. Fan Steven de Jong haw ik op myn skriuwen gjin reaksje hân.

Myn namme sil dus fan 't hjerst net oer it skerm rôlje as 'Baas boppe baas' útstjoerd wurdt. It is net oars. Ferlerne tiid en fergriemde enerzjy hat it lykwols net west, dy skriptskriuwerij. Wol in soad tiid en gâns enerzjy. Dat wol. Mar ik haw der fan leard. Yn mear as skriuwopsicht. Dêr sil ik it letter oer ha.

Ien ding noch. Ik bin der wis fan dat, as it publyk de seary wit te wurdearjen, soks - wat de skriuwerij oanbelanget - foar in hiel grut part op it konto fan Simy Sevenster byskreaun wurde moat. Neffens my hat hja mear as de helte fan de tolve ouleveringen skreaun, bewurke en oerset. Djippe bewûndering fan myn kant! De fraach is no lykwols: kriget hja ek de wurdearring dy 't hja fertsjinnet? Ik haw dêr sa myn twifels oer. Ek dêr sil ik letter oer skriuwe. As ik mei.

(13-08-2001) - Jo lêze wolris fan dy ferhalen oer skriuwers dy 't in besite bringe oan har útjouwer en dan mei alle mooglike toeters en bellen let en set wurde. Op it kantoar fan de grutte baas in buorrel drinke, de stêd yn om in fikse hap te iten. Soks. De skriuwer as in tige heechachte en bysûndere gast. Ik lês sokke ferhalen graach. En ik leau se ek noch. Sterker: ik wit dat se wier binne.

It giet net om Fryske skriuwers fansels. O, ik bin der wis fan dat in útjouwer syn auteurs ek yn de Fryske sitewaasje wit te wurdearjen, mar de persoanlike kontakten binne meast hastich, oustannelik, saaklik. Brieven, telefoantsjes, e-mails - dat wurk. Ek it ûndertekenjen fan in kontrakt foar in nij boek (tink der om: in hiel wichtich barren foar in auteur!) is meast in saak op oustân - via de postrinner. Neat feestliks oan. De buorrel drinkt de auteur thús. Wy hawwe, tink ik, gjin tradysje op dit stik. Teminsten, ik haw nea fernommen dat it oars gong. Jo hawwe in auteur en jo hawwe in útjouwer. De iennichste bân tusken beide partijen is it boek op kommendeweis.

Fan 'e midzje lykwols fernaam ik dat it ek oars kin. Ik stapte sûnder oankundiging by de Friese Pers Boekerij binnen. Redaktrise Jelma Knol skode foar de computer wei en wy hiene in noflik petear - wy hiene alle tiid fan 'e wrâld. Dat de grutte baas der op in stuit ynkaam om te fûstkjen sil tafal west ha, mar it wie allegear 'krekt echt'. Ik fielde my efkes in auteur út de ferhalen dy 't ik lies... Hoe lyts en ûnbelangryk ek allegear, it docht jo goed as jo wurdearre wurde, as der tiid foar jo is, respekt. In skriuwer is ek mar in minske.

(13-08-2001) - Fansels hiene Jelma en ik it efkes oer de Gysbert Japiks-priis. Wa 't wy tochten dat him fan 't jier winne (moatte) soe. De kandidaten dy 't wy betochten wiene suver deselde. Durk van der Ploeg, Josse de Haan, Albertina Soepboer. En noch in stikmannich. Jelma neamde ek Akky van der Veer. Ik fûn dat moai. Ik bedoel: Akky sit by Bornmeer, net by de FPB. Doe 't ik nei hûs ried haw ik neitocht oer Akky van der Veer as GJ-priiskandidate. Har beide lêste boeken ('Grutte wurden' en 'Kuneara') fûn ik prachtich, moai fan opbou en tige soarchfâldich skreaun. Ja, tocht ik, doe 't ik ús hiem opried. Ja. As Akky de priis fan 't jier wint, haw ik dêr alle frede mei. In monsterfrommes. Ek as auteur.

(14-08-2001) - Duorjend op syk nei de identiteit fan Rimmer Franke en nijsgjirrige siden op 'Kistwurk' wurd ik hyltyd mar wer konfrontearre mei 'Deze pagina kan niet worden weergegeven'. Dat steurt my. Mar it is it begjin fan in nacht. Ik sil op bêd. Moarn glânzet 'Kistwurk' wer as...

(14-08-2001) - Even mear as twa jier lyn skreau ik myn lêste brief oan Jelle Kaspersma. Hjoed krige ik in antwurd. Ik bin bliid mei dat brief, mei dat teken út Kampen wei. Ik bin in grut leafhawwer fan Jelle syn poëzij. Earlik, rjocht út it hert wei, breed fan opset mar tagelyk rjochte op ien punt: leafde foar it gea, de minske yn dat gea - de leafde. De poëzij fan Jelle is troch de measte kritisi yn Fryslân oubrând. De grûn yn wâde. Sels in plakje yn 'De Spiegel van de Friese Poëzie' wie him net gund. Neffens my in skandaal. Guon poëtys gegriem yn dat boekje heart net iens yn 't skaad fan wat Jelle makke, yn syn bêste mominten. 'Ave Marije' (syn lêste bondel) achtsje ik in hichtepunt yn de Fryske leafdeslieryk. Mar ik haw gjin ferstân fan poëzij fansels. Ik reagearje op gedichten mei myn hert, myn yntuysje, myn gefoel. Ik beriddenearje poëzij net, ik fergelykje poëzij net, ik bin net programmearre op wat in fers wêze moat. Ik fiel wat goed is en wat net. Gâns wat Jelle Kaspersma dichte is goed. Fielt goed.

Minne kritiken - guon kinne der oer, oaren wurde der spikersljocht fan. Wy sille Jelle Kaspersma net gau wer yn Fryske fermiddens fernimme. Hy hat syn nocht fan lytse geasten dy 't har o sa wichtich fiele. Ik preau dat út syn brief. Ik sil him meikoarten skriuwe. Ik sil oanstean op nije fersen, in nije bondel.

(15-08-2001) - In goed kertier lyn skreau ik de lêste wurden fan boppesteand stikje. It is no 00.27 oere en ik lies dy tekst werom. Ik fielde ynienen de ynholden lulkens - eins hie 'k te kear gean moatten tsjin de Teake Oppewals, de Tjitte Piebenga's en elkenien oars dy 't in dichter net herkenne. Dy 't mar rûntsjes draaien bliuwe yn in stereotyp soarte fan dichterlik tinken. Wat dus gjin tinken en seker gjin fielen is. Mar ik haw my ynholden, fernaam ik. God, wat bin ik in aardich minske.

(16-08-2001) - Wurd ik in nachtminske? Of haw ik it oerdei sa drok (yn 'e fakânsje?) dat ik allinne mar nachts oan de skriuwerij ta kom? Dat is net goed. Ik bedoel, it is no tongersdje 00.38 oere en ik haw in stikmannich buorrels hân. Drank ferdôvet, dat ik soe no net skerp mear wêze kinne. Tagelyk soe ik no yn in fase sitte moatte dy 't my it gefoel jout dat ik de skriuwende rjochterhân fan God (of sa) bin. Ik bin skerp en ik fiel my net daalk in hân fan wa dan ek. Ik bin der gewoan by. Sa waard ik niis plezierich ferrast troch myn útjouwer: stjoer dyn gedichten op, want wy wolle mear oan poëzij dwaan as ien bondel yn de trije jier. Is dat net moai, sa'n fraach? It stelt neat foar, dy fraach, it is sa frijbliuwend as de pest, mar my docht it goed. Betrouwen, ferwachtings. Ik skyn dochs in nijsgjirrich auteur te wêzen. Feit is wol wer dat ik yn de fierste fierte noch gjin bondel gearstalle kin. Of eins: net gearstalle doar. Mar moarn (nei dizze nacht) is wer in dei. Dochs?

(16-08-2001) - Wy wiene hjoed (juster yntusken) op it Amelân. De besikers wiene benammen Frysk, de bewenners benammen net.

(17-08-2001) - Eins is it wol hiel apart. Ik haw in aardich idee foar in roman. Dêr wol 'k oer in skoftsje mei úteinsette. Ynienen bin 'k tige warber mei it útskriuwen fan in plot, it yndielen fan de haadstikken, it beskriuwen fan de haad- en byfiguren, de lokaasjes, de tiidsaspekten, neam mar op. Mei oare wurden: ik meitsje my yn 't foar drok oer hoe 't de roman der út sjen sil, hoe 't de opbou wêze moat, wat de karakters binne. Ik timmerje in ramt. Dat ik letter mei in allemachtich soad wurden beklaaie sil. Apart fyn ik dat. Dat haw ik noait dien. Der wie altyd in ideetsje, in soarte fan begjin. Net mear. En dan sette ik útein. Yn it betrouwen dat der earne, yn 'e fierte, oer in wike as wat, wol in ein wêze soe. Mei oare wurden: myn boeken hawwe har suver altyd sels skreaun, it ferhaal ûntstie skriuwendeweis en de ein wie foar my altyd wer in ferrassing. No wit ik eins al hoe 't dat boek ourinne sil. It boek dat ik skriuwe sil. Wol ik dat wol? Oan in roman begjinne sûnder aventoer, sûnder de nijsgjirrigens nei it ferrin fan 't ferhaal, sûnder de spanning fan hoe sil dy skriuwerij geandewei útpakke? Eins wol ik dat net, leau 'k. In roman as in ynfoloefening... Neitinke!

(17-08-2001) - No moat ik ek wer net al yngewikkeld dwaan fansels. Oerdei hearde ik ferskate kearen de stim fan Rink van der Velde, dy 't oait ris tsjin my sei: 'Wa soe dat no, ju, sa'n boekje. Jo betinke in moai ferhaal, jo begjinne te skriuwen en nei in pear haadstikken wurdt it dochs allegear oars as jo it betocht ha'. Sa likernôch sei er it, sa hearde ik it fannemidzje. En sa is it ek. Wat myn wize fan wurkjen oanbelanget yn alle gefallen. Dat ik moat meikoarten mar in pear haadstikken besykje te meitsjen. Op basis fan myn... eh... 'synopsis'. Faaks dat ik fernim dat it ferhaal oubûcht nei ûnbekende fierten. Oer ûnbekende paden. Fersûp ik, dan fersûp ik. Kin 'k altyd werom nei de prachtstoarje dy 't ik betocht ha.

(17-08-2001) - It liket wol frekte arrogant wat ik hjir hjoed oerdei allegear delskreaun ha. Krekt as soe'k samar efkes in roman skriuwe. Sa is it fansels net. Okee, ik haw my yn 't foar noait echt bekroade om it ferhaal sels (dat kaam wol, skriuwendeweis), mar ik wie/bin wol altyd allemachtich lang besteld mei 'research' (dêr 't ik sa'n wurd om skriuw). Ik haw no ienris in frjemd aard: as ien yn in kroech ynelkoar slein wurdt en de plysje wurdt belle, dan wol ik presys witte wat der bart. Ik seur myn freonen by de plysje (en sa) faak de earen fan de harsus. Details, fine puntsjes, eigen erfaring - fertel! Dy manlju wurde soms hartstikke gek fan my. Foar har is it deistige rûtine, foar my net. As ik der oer skriuw - slaanderij yn 'e kroech, plysjeboel, reklassearing, dûane, finzenis, soks - dan moat it der al in bytsje op lykje. No ja dus. Mei sokke ynformaasje yn 'e kop skriuwt it wol lekker. Mar blinders - ear 't dy ynformaasje yn 'e kop sit! 'Research', moai wurd, prachtich begryp. Mar ik kin der net sûnder. Ik haw gewoan te min fantasij, tink. Ik moat no ienris yn 'e realiteit dolle.

(17-08-2001) - As lêste dizze dei: selden wie 'k it sa iens mei Pieter de Groot as hjoed ('Dwers', LC). Tamtam op de Rely Jorritsma-priisfraach. Oandacht, publisiteit! Doch ris wat!! En ik seach, wylst ik it stikje lies, dy soere Fryske koppen, dy snorleaze burden, dy koartebroekebejaarden, dy tuiketuikesipels, dy netsamâlomkoallen. Ik haw glimke.

(18-08-2001) - Doe 't ik jierren lyn (al wer) frege waard om it ougeande sjuerylid fan de Rely Jorritsma-priisfraach op te folgjen, haw ik dêr fansels al efkes oer neitocht. Ik ha ja sein omt ik it eins wol in eare fûn: der wie betrouwen yn myn literêr-kritys oardiel. Doe 't myn trije jier om wiene, bin ik sels (yn oerlis mei myn kollega's, dat al) op syk gien nei in opfolger. Dy fûn ik yn Frysk-literêr fermidden. It waard immen dêr 't ik fan wist dat dy persoan affiniteit hie mei de skriuwerij. Ek út eigen erfaring. Fûn ik hiel wichtich. Ik bedoel: kin in téoretikus (f/m) begripe, fiele wat skriuwen is?

Neffens my is it sa altyd gien: in ougeand sjuerylid siket sels syn of har ferfanger. Ik haw noait de gedachte hân dat dêr wat mis mei wie. En as ik de list besjoch fan de minsken dy 't yn de RJ-sjuery sieten (en sitte), dan wiene/binne dat foar myn gefoel kompetinte lju.

It kin dan in kear - fan 't jier - barre dat mar ien ynstjoering bekroand wurdt. Troch in tige kritise sjuery? Of omt de ynstjoerings fan 't jier striemin wiene? Kin. Wit ik net. Ik ha 't spul net lêzen. It barde ek wol dat sân of mear ynstjoerings in priis krigen. Wie der doe in sloppe sjuery? Of wie it nivo fan de fersen en ferhalen dat jier hiel heech? Dat lêste is wol nei te gean fansels - de winnende ynstjoerings binne hast altyd publisearre. My heucht it lykwols net dat ik my oait fernuvere ha oer de minne kwaliteit fan it winnende spul.

Om my hoecht in RJ-sjuery net beneamd te wurden troch in ynstânsje as it FLMD. Lykas guon lju wolle. Ik sjoch út noch yn net yn dat soks in garânsje jout foar in better ouwoegen oardiel oer de ynstjoerings. Ik bin der wis fan dat dy trije minsken fan 't jier earlik har bêst dien hawwe. En it ougeande lid fan de sjuery sil sûnder mis in weardige opfolger fine. Dat sil trouwens muoite genôch kostje. Dit sjuerywurk freget in allemachtigen soad tiid. En de jildlike fergoeding is noch altyd in 'lachertje'...

(20-08-2001) - Radio Eenhoorn: in roman besprutsen en wat sein oer Kees 't Hart syn 'Hard Gras'-avontoer. Dat lêste boek wie boeiend om te lêzen (beropsfuotballers binne ek mar gewoane minsken en SC Heerenveen is fansels in keihurd bedriuw dêr 't jild fertsjinne wurde moat), mar ik fyn al dat it no dien wêze moat mei al dat gejûchhei. Trije boeken oer de klup en syn trener yn ien jier, jongenochoanta. No earst mar wer fuotbalje en punten helje. De pretinsjes sille wier wurde moatte. Ek lêzers binne realisten.

(20-08-2001) - Dat wurdt in hiel oeheden, 18 novimber yn it Amsterdamse Felix Merites: 'De dei fan de Fryske literatuer' (of is it 'De dag van de Friese literatuur'?). In aardich ûndernimmen oars, soks - hiel literêr-Fryslân skynt dy deis nei de haadstêd te reizgjen om aaien te lizzen. Der sil foarlêzen wurde, ynliedingen wurde holden, interviews en muzyk stean op it programma. De klam sil wat lizze op de oersetterij. Frysk wurk yn Nederlânse oersetting (Trinus Riemersma/Jabik Veenbaas en Josse de Haan/Harmen Wind) en oarstalich wurk nei it Frysk (Eric Hoekstra, Alpita de Jong). Moai. De fraach is lykwols: foar wa wurdt sa'n dei organisearre? Oare fraach: wat is de fiertaal dy deis?

(21-08-2001) - Mear as 10 tûzen minsken wurde aansen yn Jorwert ferwachte. Om it iepenloftspul te besjen. Ik sil der fan 't jier net by wêze. De lea is my noch stikken fan oare kearen dat ik in hiele lange jûn besocht te oerlibjen op de 20 sintimeter hurde bank dy 't my tametten wie. Ik ha noch blauwe plakken yn 'e siden fan de earmtakken fan myn bankbuorlju, de kont is my noch smots en de nekke - ik bedoel: jo besykje út en troch dochs in glimp op te fangen fan dat iepenloftspyljen - kreaket noch altyd as ik fansiden besykje te sjen. Ik kom net wer yn de notaristún fan Jorwert. Myn masochisme hat grinzen. Mar - sa wurdt wier ferwachte - tsientûzen manlju, froulju, bern litte har meikoarten al op bulten jeie. Nei 't se 40 gûne betellen. Har winskje ik sterkte.

Blinders, betink ik ynienen: tsientûzen kear safolle tientsjes. Plus it jild fan de rige sponsors dy 't ik yn dat Jorwertkrantsje lies. Plus de ynkomsten út en fan ... it is wol in grut bedriuw wurden langer! Jo meie dan ek oannimme dat de meiwurkers fiks betelle wurde. Mei rjocht en reden.

(21-08-2001) - It stik dat ik tasei te skriuwen foar Trotwaer wol net slagje. Tiny Mulder is in dichteresse dy 't ik al hiel lang lês en dy 't ik bewûnderje. De measte fersen fan Tiny dy 't ik lies - sûnt 1967 - haw ik werlêzen. En nochris lêzen. Ik fiel my thús yn har dichtwurk en as immen my freegje soe wêrom, dan haw ik gjin antwurd. Ik bin fan nei de twadde wrâldoarloch, fyn joaden (krekt as islamiten en wâldsjers) hiel gewoane minsken, bin sa heidens as 't mar kin, bin in man, ik reizgje fierstemin, ik bin sa moedich net as Tiny - en dochs fiel ik my thús yn har fersen. Ik hâld fan har poëzij.

De redaksje fan Trotwaer wol dat ik in stik skriuw oer 'Bitterswiet', Tiny Mulder har 'samle fersen'. Ik haw dat tasein. En ik soe mysels in grutte lul fine as ik dy opdracht weromjoech. Mar (yn jezusnamme) wat moat ik oer dit boek skriuwe! Alle bondels, yn dit boek opnommen, binne ea wiidweidich besprutsen. Tineke Steenmeijer skreau in prachtige ynlieding. Ik fiel my - nei wer safolle oeren omlêzen yn de ferzen - noch altyd thús yn Tiny har dichtwurk. Wat ik goed fûn, is noch altyd goed. Wat ik eartiids net moai fûn, is noch altyd net moai. Dat: wat soe in stik fan my yn Trotwaer tafoegje oan de persepsje fan Tiny Mulder, dichteresse te Jellum?

En dochs komt it stik der. Ik haw it tasein.

(21-08-2001) - Ik neamde niis de namme fan Tineke Steenmeijer (Steenmeijer-Wielinga fansels - gewoan Tineke Wielinga dus). It minske skriuwt - njonken withoefolle oare saken - samar efkes in ynlieding op in sammelbondel. Knap fyn ik dat. Dat jo njonken jo wurk soks dwaan kinne. En dan (mei man Frans) ek noch in nije misdiedroman publisearje! Slot Zeist as lokaasje. Ik moat meikoarten mear oer frou Steenmeijer skriuwe. Ik wol mear oer Tineke skriuwe.

(21-08-2001) - En dan seach ik niis dat ik hjoed mear as 40 besikers hie (de dei is hast oer), en dan wit ik dat ik moarn wer oan ús hûs skilderje sil, en dan waard ik hjoed wer konfrontearre mei myn mislearjen as skriptskriuwer fan 'Baas boppe baas', en dan sangert dat telefoantsje - justerjûn - fan Jelmer my duorjend troch de kop: ús soan krige in topbaan oanbean yn Montreal, Kanada. De jonge is gek as er it net docht - mar blinders: Kanada!

Hawar, it is 0.04 oere. Wensdje. Sliepe. Rêst. Fergúljemûne.

(22-08-2001) - Jo kinne fan de Friese Pers Boekerij sizze wat jo wolle, mar as it hast oan de sutelaksje ta is, dan kinne de kroaden wer fiks folle wurde mei har nije útjeften. De sutelsters sille benammen bliid wêze mei 'De kâlde erfenis' fan Hylke Speerstra ('No einlings yn it Frysk, bewurke en tige útwreide', neffens it parseberjocht). Op 7 april skreau ik dat Hylke der sels wis fan is dat dit boek de 'grutte klapper' fan de sutelaksje wurdt. Wol my wol oan. Der sil by 't ferkeapjen omraken referearre wurde oan (de skriuwer fan) 'It wrede paradys'. Tink der om dat soks fertuten docht!

Ik bin hiel nijsgjirrich nei 'De Blauwe Fedde yn petear' fan Meindert Talma en Nyk de Vries. 'Fraachpetearen mei 15 eigensinnige Friezen'. Mei in foarwurd fan Sietse de Vries, de sjoernalist dy 't doedestiids elk nij nûmer fan 'De Blauwe Fedde' yn de LC konsekwint de grûn yn wâde.

(22-08-2001) - It 'Willeke Alberti-effekt' wurdt it wol neamd: meitsje gebrûk fan de namme fan ferneamde famyljeleden en elk sil tinke dat jo ek sa goed binne. Ulke Brolsma hat ferhalen skreaun en dy wurde as boek útjûn (FPB). Sitaat út it parseberjocht: '... dat er net om 'e nocht út in skriuwerslaach ôfkomstich is. Syn pake Reinder Brolsma is ien fan de grutte nammen yn de Fryske literatuer, en syn heit Liuwe ('Stoarm oer Fryslân') spile ek net swak by'. No, tink ik, Ulke jonge, it moat wol hiel geweldich wêze wat jo ús oan literatuer leverje. Sa'n baaspake en sa'n baasheit! De ferwachtings binne heech: de pakesizzer/soan sil grif net minder wêze...

(Jo hawwe ek in oar meganisme as it WA-effekt: dat fan de delgeande spiraal. Brolsmapake haw ik mei in soad bewûndering lêzen, Brolsmaheit fûn ik gâns minder).

(23-08-2001) - Justerjûn seach ik noch in ploechje gierswellen warber boppe ús hûs. Hjoed net mear. Is de grutte reis begûn?

(23-08-2001) - Krekt in e-mail lêzen fan Josse de Haan: 'Kikkerjaren' (de Nederlânse oersetting fan 'Piksjitte op Snyp' - oersetting fan Harmen Wind) sil op 1 oktober fan de parsen rôlje. Ik fyn soks in lokwinsk wurdich. Foar Josse en Harmen fansels, mar seker ek foar de Fryske literatuer!

(23-08-2001) - Moarn op stap: in lang wykein stoarte wy ús yn de Amsterdamse Uitmarkt. Kultuer snuve.

(23-08-2001) - Dochs noch efkes dit. Der libbet yn it Fryslân fan 2001 in skriuwer dy 't it foar himsels akseptearret dat in televyzjeskript, dêr 't er sels gjin letter fan makke hat, net allinne ûnder syn namme ferskine sil, mar dêr ek noch it folle honorarium fan opstrykt. En dan is der in skriuwster dy 't dat skript makke, mar akseptearje moat dat har namme oupakt wurdt en (nei in allemachtich gegriem) mei in foech bûssint de bosk ynstjoerd wurdt.

Mystearje? Ja, noch al. Ik haw tasein ynearsten gjin nammen te neamen. Mar as dizze ferachtlike saak aansen iepenbier wurdt - en safier komt it fansels -, dan hoopje ik al dat dy skriuwer mei in rotklap op syn bek giet! Want ik bin lulk. Ougryslik lulk! En it spyt my dat ik my oan myn wurd hâlde moat.

(26-08-2001) - Kultuer snuve op de Uitmarkt yn Amsterdam. Ik hie my trije dagen dêr mei dwaande hâlde wollen, mar it waard úteinlik in saterdjetemidzje/-jûn. Want: hyt, fierste hyt. De oeren dy 't wy op it Museumplein tabrochten joegen boppedat in kakofony fan lûden út te folle poadia tagelyk. En yn de Hobbemastraat like de iene auteur noch wichtiger en noch mear blasee as de oare. Nee, aardiger (en earliker, oprjochter) wie ús fytserij troch Niewendam, Schellingwoude, Durgerdam, Broek in Waterland (kano!), Uitdam, Holysloot, ensfh. Dêr hiene wy wille, dêr ha wy praat en lake, dêr waarden wy wurch. Dat: kultuer wie dit wykein foar ús benammen frituer - hoewol: de moksels smakken tige.

(27-08-2001) - It is wat sa'n ûngelokkige dei hjoed. Sa'n tusken-alles-yn-dei. Sa'n dei dat jo dingen ouslute wolle omt jo eins mei nije saken úteinsette wolle. De fraach is dan: wat wol ik ouslute? Yn alle gefallen de simmerfakânsje. Mar dat is dan wer in tipise skoalmastergedachte: skoalmasters ha of krije fakânsje. Soks. Wol ik it fierder net oer ha. Ouslute doch ik sûnder mis in perioade wêryn 't ik echt frij wie, de dingen dwaan koe dy 't ik (dy 't wy, fansels) de moarns betocht. It lesroaster stjoert myn libbentsje wer.

Wat woe 'k úteinsette? Wêr woe 'k mei begjinne?

(27-08-2001) - Jûn haw ik in moai skoft yn 'BoekeNijs' omlêzen. De sutelaksje set takomme freed útein. Yn Stiens. Ik sil der by wêze. Assistint-sutelder wêze. Mei in frommis dat op dit stik wol tûzen kear om my hinne kin. Tink ik. Is my tasein: 'Do wurdst keppele oan in tige betûfte sutelster', sei immen fan 'It Fryske Boek' in hoart lyn troch de telefoan. Nei 't hja my fertelde dat myn oanwêzigens no freedtejûn yn Stiens wol sa allemachtich wichtich wie! Echt! Hartstikke! Dat ik tocht: as ik der net by bin, giet dy hiele sutelaksje net troch.

Yn dat 'Boekenijs' lês is dat Durk Hibma der fan 't jier dochs al wat minder fidúsje yn hat. Ferline jier wie in 'jubeljier', in 'topjier', skriuwt er yn it foaropwurd. Mar: "In hiel logys gefolch is dat, krekt as mei de tijbewegings, der in wjerslach op komt". Hee blinders, Durk! Sa ken ik dy net. Altyd posityf, altyd de holle yn in brede laits, net stikken te krijen. Dat is Durk Hibma. In wjerslach? Unsin!

(28-08-2001) - By de post niis wer twa fakânsjekaarten. Ien út Kopenhagen en de oare út Thailân. Earder dizze simmer helle ik al oare fiere oarden út ús postbus: China, Súd-Afrika, Itaalje, Wales, Californië, Iislân, Indonesië - om mar ris wat te neamen. Tsja, ús freonen/famylje fleant langer oer de hiele wrâld. Is it wat, heite. Wy hawwe in nusje kaarten ferstjoerd út Katwijk aan Zee.

(28-08-2001) - Op Omrop Fryslân-televyzje fernaam ik jûn ien en oar oer 'Sirkus Ljouwert', takomme wykein. En ik tocht: wêrom hearde ik der net earder as hjoed fan? Wat haw ik de ourûne wiken mist? Wie 'k der efkes net by of sa? En tagelyk tocht ik: it Ljouwerter strjittefestival! It sil wer heve. Feest! Oeren yn 'e stêd ompanderje, genietsje fan optredens yn alle maten en soarten. Mar ek ûngerêstens. Wat is der mis mei de publisiteit? Wat is der mis mei Sirkus Ljouwert? Wêr is it 'Straatfestival' bleaun?

(29-08-2001) - Begjin 1980 waard my frege om mei te tinken oer in 'straatfestival' yn Ljouwert. Ik miende dat it Margje Visser wie, dy 't betocht dat wat rûnom yn de wrâld bart, ek yn Ljouwert mooglik wêze moast. Ien dei de hiele binnestêd omtsjoene ta in iepenlofttéater: muzyk, dûns, poëzij, drama op safolle mooglik lokaasjes. It like my wol wat. Dat wy foarmen in soarte projektgroep (sa 't soks doe neamd waard): lju út allerlei dissiplines. Ik herinnerje my de nammen fan Hessel van der Wal en Ed Bausch. En ik herinnerje my twa opfallende saken. De artysten wiene optein, elk woe wol (fergees fansels, want der wie gewoan gjin jild) meidwaan. De gemeente Ljouwert lei duorjend dwers, seach oeral apen en bearen, ferge tsientallen fergunnings. Wy setten troch, úteinlik stipe troch withoefolle frijwilligers en ynstellings. Yn juny dat jier waard it earste Ljouwerter 'Straatfestival' in feest. In tradysje wie berne.

It seit himsels dat ik my lange jierren belutsen fielde by it jierlikse strjittefestival. It wie dan ek in bytsje myn bern. Mar geandewei feroare dat. Seker doe 't 'Sirkus Ljouwert' de boel oernaam en der foarstellings kamen dy 't net mear fergees wiene. Ik waard my allegear te kommersjeel, te saaklik, te min 'straatfestival'. Faaks dat it fan 't wykein wer brûzje sil yn Ljouwert, dat jo rûnom yn 'e binnestêd wer plezierich konfrontearre wurde mei téater yn alle maten en soarten. Dat in kuier troch de stêd in feest wêze sil. Ik hoopje dêr al jierren op. Ik wol dus werom nei it begjin, nei it spontane. Ik wol sokke dagen net yn in hokje nei in foarstelling sjen. Ik wol dus gewoan in festival op strjitte. Yn 'e bûteloft. Ek al reint it as de sykte.

(29-08-2001) - As der ea in priis beskikber komt foar de tûkste Fryske sakeman/skriuwer, dan giet dy sûnder mis nei Hylke Speerstra. Knap wat er foar hjoed wer betocht hie om syn nije boek te presintearjen. Lokaasje: de pleats fan Ids Postma yn Dearsum. Oeheden: in sympoasium oer de takomst fan it Fryske plattelân (of soks). Sprekkers: ûnder oaren Geert Mak en Jan van der Ploeg. Oanwêzich: pommeranten en pommeranten. Boadskiprinners: de parse, mei Omrop Fryslân-televyzje foaroan. It is ferskuorrende tûk. Sa jo nije boek yn de publisiteit sette - twa dagen foar it begjin fan de sutelaksje -, betink it mar, krij it allegear mar foar elkoar. Ik bin dus oergeunstich, stjonkende jaloers. En tagelyk haw ik djip respekt foar sa'n stunt! Dat wol wer.

(29-08-2001) - Wat in medium! Jûn publisearre ik boppesteand stikje op myn internetside en no - ik sil op bêd, dizze dei hat west - lês ik noch twa e-mails. Beide mei deselde fraach: wêrom bisto jaloers op Hylke Speerstra? In antwurd betink ik no, sûnder echt neitinken. Nee, ik bin net jaloers op Hylke (ogodnee!) - ik bin jaloers op it meganisme. Ut namme fan. Ik wit (as foarbyld) dat Riek Landman, elke kear as der fan har in nij boek komt, in feestje organisearret. Prachtich. Ik wit dat withoefolle skriuwers yn Fryslân in nij boek feestlik presintearje. Foar kunde en freonen en withoefaak wurdt de parse útnoege. Gjin wurd fine jo werom yn de krante, hearre jo op de radio, gjin byld op ús regionale televyzje. Okee. De provinsjale parse docht (hast) neat oan boekpresintaasjes. Feit. Witte jo as skriuwer, as útjouwer. It is net oars. Mar Hylke Speerstra is blykber in aparte kategory. Syn netwurk wurket. Dat meganisme, dêr bin ik jaloers op. Ut namme fan withoefolle Fryske skriuwers, tink. Mar soe 'k ruilje wolle, soe 'k in grut part fan myn deistich bestean netwurkje wolle ta folle gloarje fan mysels? No nee. Dat jaloerskens mei in glimk, in knypeach, in skouderopheljen.

(30-08-2001) - Jûn hie 'k in lang telefoanpetear mei Akky van der Veer. Oer de bern, oer de Gysbert Japiks-priis, oer de skriuwerij. Mar benammen oer Henk, Akky har man. Henk is siik. Al jierren. Mar hy hâldt moed. Ek al folget de iene sykte op de oare krupsje. Henk is in fechter, genietet fan de perioades dat it better giet, jout him der net by del as it liif wer wat beroerds skipe. Ik haw dêr grutte bewûndering foar. En ik tink faak: hat it no net genôch west? Lit dy jonge thús syn 'timpel' oubouwe, jou him no einlings rêst, in libben sûnder hyltyd mar wer fisike ellinde. Mar oan wa moatte jo soks freegje? Wa kinne jo sa'n opdracht jaan?

Henk Kuiper. Ik learde him kennen doe 't er allemachtich kréatyf wie. As fotograaf. Prachtige platen makke er. Realistise poëzij haw ik se ea neamd. Meindert Bylsma, Jan Dotinga en ik makken (ein santiger jierren) gedichten by foto's fan Henk. It waard de útstalling 'Protest/Portret' yn it FLMD - Henk syn útstalling, ús gedichten foegen hjir en dêr wat ta, persoanlike notysjes. Mear net. Wy waarden stimulearre troch Henk, troch syn foto's, troch syn entûsjasme.

We praten oer ús bern, Akky en ik. Oer fan alles eins. Mar benammen oer Henk. In keardel dêr 't ik bewûndering foar haw, altyd hân haw.

(31-08-2001) - Idske hjit se, myn sutelmaat yn Stiens - jûn, fan 'e midzje. It earste wat se my fertelde, wie, dat it hjoed foar har de earste kear êze soe, sa mei in kroade fol Fryske boeken by de doarren lâns. 'Do wurdst keppele oan in tige betûfte sutelster' - ik hear it Wieke de Haan fan it Fryske Boek noch sizze. Dat (sels sutelhakkenkruk) mei in hert fol twifels treau ik de kroade it earste hiem op. Mar doe 't de foardoar iepenswaaide en in beppe mei in beppesizzer har oppenearren, die daalk bliken dat 'net-erfaren' en 'betûft' hiel goed synonym wêze kinne. Seker yn it gefal fan Idske. Al die se it al jierren, sok suteljen. Myn warberens beheinde him ta it foar my út skowen fan de kroade. Ut en troch mocht ik wat fertelle oer in boek. Fierder rêde Idske har der mei. Hiel noflik. Spitich lykwols wie dat safolle minsken net thús wiene (blau kaartsje yn 'e brievebus - opdracht fan de suteldireksje -; ik ha werklik gjin aan wat op dat kaartsje stiet) of it Frysk net behearsken ('It is net oars...'). Mar wy ferkochten dochs noch foar eksakt 160 gûne oan boeken. In soad? Wy fûnen it in hiel aardich bedrach, Idske en ik.

nei boppe» © Joop Boomsma