Dit is de side fan in Fryske skriuwer, dat dy sil benammen gean oer de skriuwerij yn Fryslân.
    En fierder. Mar ek oare saken komme lâns fansels.
út en troch
 
Efkes ophâlde    
30 juny 2010  Ik skriuw fierste min yn dit útentrochboek. It is sels gjin út en troch mear, it is mear fan en ta, sa no en dan. Dat hat syn redenen fansels. En dy binne net oars as de ourűne moannen.
Dęrom liket it my de baas efkes in streek űnder dizze skriuwerij te setten. It is benammen in meidieling foar de lju dy't elke dei myn side efkes oanklikke yn de ferwachting (de hope...?) dat ik wat nijs skreaun haw. Dat oanklikken hoecht ynearsten net mear.
Ik hâld der dus efkes mei op.
Hoe...
  earder yn út en troch:  
2010-06-14  - Jensma, G.
2010-06-09  - Stimme
2010-06-01  - 17 Nachten
2010-04-15  - Dichtbondel
2010-04-10  - Noardlike provinsje
lês mear»
aktueel boeken
Wer Noordewier   
Yn aktueel:   15 april 2010
In twade brief fan Wouter Noordewier. No bin ik benijd of ik de iennichste Fryske skriuwer bin dy't dizze brief űntfongen hat. Ik hoopje it net...
In moai stikje tekst fan Noordewier trouwens. Suver komyk. En dęrom wie ik dizze brief myn lęzers net űnthâlde.


Nieuwegein, April 2010 Geachte Heer Boomsma,

Uw wulpse 'Eefje' - zoals ik haar nu even noem - doet Freud binnenkort een mort douce sterven in ons bordeel. Onder de sigarenrokende Alice-in-Wonderland- cliënten laat juist zij de man uit Wenen deze dood ondergaan. Een uur nadat hij een copieuze maaltijd heeft genuttigd (en 'n dure fles wijn...

Et geheim van de wiend   
  Johan Veenstra
Wat is it Stellingwarfs dochs in allemachtich moaie taal! Teminsten as Johan Veenstra dy skriuwt. Ik wit net krekt hoe sljochtwei ynwenners fan it súdeasten fan ús provinsje mei har taal omgean mar as Johan dy taal skriuwt dűnsje de wurden sjongerich en poétys. In feest om te lęzen en in prachtige boarne fan taaleigen!
It ferhaal fan 'Et geheim van de wiend' is trouwens ek nijjsgjirrich. It is in soarte fan ramtfertelling. Yn ús tiid fine arbeiders, op de hűnderdste jierdei fan Anna Hilbrink-Mulder, oan de foet fan in mânske beam dy't omhakt wurde sil, minsklike bonken. De ein fan de roman fertelt fierder oer de jierdei fan Anna. Dęr tusken yn wurdt it libbensferhaal ferteld fan Anna, in boerefaam mei in sterk karakter. As se op tige jonge leeftiid...

nei boven»
© Joop Boomsma 2010