Biografy
Of:"Wêr koms't wei?"
 
Jenny en ik hjoeddedei
In minske libbet in libben, docht ûnderwilens syn dingen en út en troch is der ferlet om werom te sjen: wat ha 'k no allegear by de ein hân? Guon mominten binne aardich om werom te heljen, oare minder. Soms binne jo grutsk op wat jo dien en berikt hawwe, soms is der in bytsje frustraasje oer miste kânsen, ferkearde beslissings of deagewoan oer flaters dy 't jo libjendeweis makken.
 
Jo libben is fan josels, dêr wolle jo in oar net te folle mei lestich falle. Mar út en troch kom ik minsken tsjin dy 't nijsgjirrich binne nei myn ferline. Omt ik skriuwer bin, tink. Omt se boeken fan my lêzen hawwe en dêrom wat mear oer de auteur witte wolle. Sokke minsken moat ik altyd wat teloar stelle: ik libbe net 'grootsch en meesleepend', myn libben wie oant no net daalk spektakulêr.
 
Dizze tekst is dan ek bedoeld om soks te bewizen. En om minsken dy 't dochs mear fan my witte wolle (en de FLMD-
ynformaasje te beheind fine) dy persoanlike ynformaasje te jaan. Ik sil fansels sa earlik mooglik wêze.
Libben en sa   
Myn eigen fersje fan de gebeurtenissen sa as ik se my herinnerje.
Foto's mei in ferhaal   
Ut en troch fine jo in foto wêr in nijskjirrig ferhaal oan fêst sit. Oer mysels en oer oaren...
Tresoar/Boomsma   
De link nei Tresoar Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum smyt kreaze ynformaasje op.
nei boppe» © Joop Boomsma