út en troch   30 juny 2010
Efkes ophâlde
30 juny 2010
Ik skriuw fierste min yn dit útentrochboek. It is sels gjin út en troch mear, it is mear fan en ta, sa no en dan. Dat hat syn redenen fansels. En dy binne net oars as de ourûne moannen.
Dêrom liket it my de baas efkes in streek ûnder dizze skriuwerij te setten. It is benammen in meidieling foar de lju dy't elke dei myn side efkes oanklikke yn de ferwachting (de hope...?) dat ik wat nijs skreaun haw. Dat oanklikken hoecht ynearsten net mear.
Ik hâld der dus efkes mei op.
Hoe lang? Ik wit it net. Faaks dat myn sûnens it my talit en gean wat langer en faker by de computer sitten.
In goede simmer tawinske!
Jensma, G.
14 juny 2010
Efkes wat ynformaasje foar Goffe Jensma.
Op de earste dei fan it jier 2001 sette ik útein mei myn 'deiboek' op internet. Dat jier skreau ik suver elke dei oer wat my dwaande hold, benammen yn de Fryske literatuer. Fansels krige ik krityk, wie der út en troch wat strideraasje. Ik hie net oars ferwachte.
Nei it jier 2001 bin'k efkes opholden mei dat 'deiboek' - letter bin'k wer op 'e nij begûn.
De tekst fan dat internetdeiboek fine jo werom yn de útjefte "Skriuwersdeiboek, in jier op it internet" (Koperative Utjoowerij, Boalsert 2002).
Dat as jo in stikje skriuwe foar it blêd "Ensafh" ferwachtsje ik wol dat jo jo wat om de feiten bekroadzje.
Stimme
9 juny 2010
Krekt te stimmen west. Ik bin it tsjindiel fan in 'sweevjende kiezer', ik stim elke kear trou Partij van de Arbeid. O fansels, ik twifelje wolris - ek dit kear haw ik neitocht oer de stânpunten fan de SP en Grienlinks. Dat soene myn iennichste alternativen wêze. Mar ik keas wer foar de PvdA.
As ik nei de opinypeilings oangeande dizze twadde keamerferkiezings sjoch, dan falt it my op dat 'de Nederlanner' knap yn 'e war is. Der binne sa stadichoan safolle partijen dat it slim is om te kiezen. En as der dan ek noch in klup tuskentroch fytst as de PVV dan kin ik my foarstelle dat minsken dêr foar kieze. Lekker maklike stânpunten dy't yn de praktyk hast net út te fieren binne - mar se klinke wol lekker, sprekke in soad minsken oan.
Hawar, wy fernimme jûn wol hoe't it útpakt.

Fûgels dy't ik seach:
59. grienfink (groenling)
17 Nachten
1 juny 2010
In pear dagen lyn kaam ik werom út it sikehûs. Ik ha der mear as twa en in heale wike west en dat wie lang genôch. Fyn ik.
Jo lizze dêr mar wat te lizzen. Fjouwerentwiintich oeren deis ouhinklik fan wat elkenien mei jo wol. In prikje yn de finger, bloed ounimme, bloeddruk opmjitte, trije kear in operaasje, temperatuur feststelle, fragen beantwurdzje, no ja - neam mar op. Jo hawwe de yndruk dat jo in ding binne, oerlevere oan de wil fan de ferpleechsters, de doktoaren, oaren.
Sa is it fansels net. Jo lizze net ommenocht yn it MCL. En jo witte dat elkenien it bêste mei jo foar hat. Dy foet fan my moat wer yn oarder. It hat yntusken lang genôch duorre.
De fersoarging yn it MCL is hiel goed.
Mar no bin ik wer thús. Noch net sa mobyl, mar it bin wer thús. En dat is better - fansels - as yn in sikehûs.

Yn de wiken foar 't ik opnommen waard yn it MCL haw ik fansels in stikmannich fûgels sjoen. De nammen moat ik opskriuwe.

Fûgels dy't ik seach:
54. klút
55. boereswel
56. toerswel (gierzwaluw)
57. ierdswel (oeverzwaluw)
58. lytse karekyt
Dichtbondel
15 april 2010
Yn febrewaris ferline jier ferskynde myn dichtbondel "De klaai is griis novimber". Der kamen al frij gau twa reaksjes. Earst in posotyf stikje fan Henk van der Veer op syn webside en daalk dernei in (positive) resinsje fan Harmen Wind yn de Leeuwarder Courant. Gerben Abma skreau in aardich stikje foar NBD/Biblion. En J.Q. Smink notearde wat losse gedachten oer myn bondel op de digitale side fan Ensafh. Dêrnei bleau it stil.
No ja, wol nijsgjirrige reaksjes fan dizze en jinge dy't ik ris moete, in pear aardige mails - fierder neat. In ferpletterjende stilte.
Neat yn De Moanne, neat yn it Friesch Dagblad. En by myn witten ek neat yn oare blêden.
Apart. Ik hie mear reaksjes ferwachte.

Fûgels dy't ik seach:
50. wytgatswel (huiszwaluw)
51. nylgoes (nijlgans)
nei boven» © Joop Boomsma 2010