 |
 |
 |
| (2002-07-16)
Oer elitêr praat. Wy krije de kommende jierren dus in CDA/VVD-regear. It 'marktmechanisme' en it 'gristelijk' leauwe. No toe dan mar. Ik haw noch wol efkes socht nei de ynbring fan de Lijst Pim Fortuijn. Ha 'k dus net fine kinnen. De LPF (wat dus hiel wat oars is as de klup dy 't Fortuijn - tink ik - foar it ferstân hie) fûn syn ministers en steatssekretarissen benammen yn de rûnten fan VVD en CDA. Jo sille mar op de LPF stimd hawwe yn de oertsjûging dat it allegear better ('frisser') wurde soe... De LPF ynkapsele yn hartstikke rjochts Nederlân: 'Pim zou het zo beslist niet gewild hebben' ... |
 |
 |
 |
 |
 |
(2002-07-16)
Hjoed beseach ik de skûtsjesilerij yn Earnewâld. Fan it terras fan dy kroech ou, de 'Princenhof'. Start en finish seach ik. Dêr tuskentroch kamen de boaten noch twa kear foarby. It wie of seach ik nei it gers yn ús tún dat groeide. Wat in nuete foarstelling, wat in driuwerij om neat.
En doe seach ik jûn de reportaasje op Omrop Fryslân-televyzje. Tsjonge noch oan ta, wat spannend allegear! Wat in striid, wat in prachtige silerij... Ja, tink ik dan, as jo mei in boatsje it 'Zandmeer' opfearn binne. Dan sjogge jo teminsten wat. It kloatsjefolk (ik dus, wy - sa'n 99 persint fan de besikers) sjocht driuwerij. Ek it skûtsjesilen wurdt langer in elitêr barren (?).
|
 |
 |
 |
 |
 |
| (2002-07-16)
It giet hurd, it ourûne jier: Rink van der Velde, Hylkje Goïnga, Marten Brouwer, Douwe Tamminga, Sikke Doele, Freark Dam - de dea hâldt gjin skoft. |
 |
 |
 |
 |
 |
| (2002-07-16)
By 't trochsneupen fan de fakânsjekranten kaam ik de dea fan Freark Dam tsjin. Sa'n momint dat jo efkes de siken ynhâlde, efkes kjel wurde, efkes tinke, gewoan tinke. Ik hie neat bysûnders mei Dam. Mar ik hie wol wurdearring foar de man. Dichter, Frysk-pommerant, sjoernalist, bestjoerder, tenielman, freonlik minske, erudyt minske ek. Wy ha elkoar mar in kearmannich moete. Benammen yn it FLMD dêr 't hy konservator fan wie. Lang lyn dus. Hy prate, ik harke - ûnder de yndruk fan de man. |
 |
 |
 |
 |
 |
| (2002-07-14)
Juster stie 'k yn Malaga foar it bertehûs fan Pablo Picasso. Ik stie dêr. Oan 'e oare kant fan de dyk, op de hoeke fan dat plein. Sa'n hege flat, rûn oan 'e hoeken - niks fan belang, in gewoane flat yn in gewoane Spaanse stêd. Mar ik wie der. Ik haw it gebou sjoen dêr 't de man syn libben begûn. |
 |
 |
|