 |
 |
 |
(2004-12-31
13:19) It is wat in iepen doar, by dy ellinde yn Súdeast Azië - mar dochs:
FOAR ELK DY'T DIT LêST
IN BETTER 2005! |
 |
 |
 |
 |
 |
(2004-12-28
19:38) NIJE RUBRYK OP DIT PLAK
Gjin deiboek mear, dat is sa stadichoan wol dúdlik.
Wat oars dus.
In nije rubryk. Oer in dei as wat. Faaks duorret it wat langer.
Earst sil der wat oan de ...eh... lay out feroare wurde. |
 |
 |
 |
 |
 |
(2004-12-18
23:43) Ik ha der werklik lang oer neitocht - mar myn beslút haw ik nommen.
Dit is it lêste deiboekstikje dat ik skriuw.
Sûnt jannewaris 2001 haw ik suver elke dei in deiboeknotysje makke. No is it oer.
Ik ha der gewoan gjin nocht mear oan.
Ik wit dat dit in ferfelend klapke is foar al dy minsken dy't elke dei efkes op myn side seagen. Dy lju sille myn eamelerij misse moatte. It spyt my. It is net oars. Ik mis jim ek. Der sil in djippe leechte falle. Yn myn bestean.
Ik sil in moai skoft oukikke moatte.
Foar erchtinkende of bliertinkende lju: myn beslút hat neat mei paranoïde dichters te krijen. Dy lju hawwe it slim genôch.
It is wier myn eigen beslút.
Myn thússide bliuwt fansels. Aktueel en Miening.
IK GROETSJE JIMME, LEAVE BESIKERS!!
|
 |
 |
 |
 |
 |
(2004-12-17
22:13) Juster hie'k it oer de humorleaze tastân dy't de Fryske skriuwerij oer 't generaal is. Alteast nei myn betinken.
Selden haw ik safolle reaksje hân.
En it bysûndere wie: suver elk wie't mei my iens. No, dat haw ik wolris oars meimakke!
Fansels krige ik de suggesje dat en dat boek ris te lêzen (de roman fan Steven Sterk bygelyks), dat ferhaal of dat fers. Ferskate lju stjoerden my in in 'mop' ta. Om de moed der yn te hâlden, waard der meast by sein.
Mar it algemiene gefoel wie: Fryske skriuwers binne te searieus of hawwe gjin gefoel foar humor.
Om de 'moppen' moast ik wol gnize. Mar in 'mop' neifertelle is hiel wat oars as sels in mop betinke. Dat freget kreativiteit. Dat freget nei alle gedachten in aparte geast.
Itselde jildt foar in humoristise tekst: in fers, in ferhaal, in roman. Anne Koopmans hat in pear poerbêste ferhalen skreaun dy't absurdistys en humoristys binne. Rink van der Velde en Trinus Riemersma kinne (koene) der ek hiel komyk bykomme. Fan earder tiid: Geart Jonkman en Jo Smit. En fansels de measte saneamde 'folksdichters'.
Mar hjoeddedei?
Ik sil dochs mar ris te set mei de roman fan Steven Sterk.
|
 |
 |
 |
 |
 |
(2004-12-16
21:44) In dei as wat lyn wie'k noch fan doel en gean nei de útrikking fan de Gouden Lykdoarnen. Ik sil der spitigernôch (foar mysels) net by wêze. Der kaam wat oars op myn paad, dat my wichtiger like.
Oars in aardich ûndernimmen fan de redaksje foar Doar.nl.
Wol haw ik mei ferbazing sjoen nei de nominaasjes - wat willekeurich, liket my - mar sa'n priisfraach-mei-in-knypeach sprekt my wol oan. Benammen omt it gewoanwei sa'n drege en humorleaze tastân is yn de Fryske skriuwerij. It bart ommers mar selden dat der wat te gnizen is. Dêr't jo wier om laitsje kinne.
Sels yn de deiboekskriuwerij op it internet is it meast in kwesje fan swiere klaai en sompich sân.
Hoe't dan kin?
Ik tink dat Fryske skriuwers oer't generaal net echt seinige binne mei in goed gefoel foar humor. Teminsten yn it skreaune fernim ik dêr komselden mar wat fan.
Ik bedoel dus: wannear ferskynt de earste bondel mei ûnsin-poëzij?
Komt der wer ris in roman of in ferhalebondel dêr't jo by it lêzen gewoan klearebare wille ha?
It is werklik in searieus spultsje. Nimme Fryske auteurs harsels te searieus?
As ik oan mysels tink: ja. Faak wol. Te faak.
Mar hawar, de Lykdoarnen.
Dochs in bewiis fan in knypeach yn de Fryske skriuwerij. Efkes relativearje.
Ik hoopje dat it in moaie jûn wurdt. En dat de minsken dy't bekroand wurde doch efkes in ûngemaklik gefoel bekrûpt. En har net allinne mar goed fiele omt se efkes yn 'e belangstelling stean.
Ouwachtsje dus.
Ho! Korreksje!! Ik wie niis (23.38 oere) op de side mei it deiboek fan Cornelis van der Wal. Withoefaak neamt er myn namme, yn ferskate bydragen, en dêr set er dan in link ûnder. Noait op klikt. Jûn dus al (op in tekst fan in dei as wat lyn). En wat sjogge jo: humor à la Cor! Ik ha my wier de bûsen útskuord...
Ik ken oare pubers dy't it better dogge. |
 |
 |
|