Biografy  Libben en sa
 
  Wêr komst' wei...?
WÍr giest' hinne? »  
 
 
DE EARSTE FASE
Ik waard op 4 augustus 1945 berne. Yn 'e Rottefalle, yn it part dat doe al by de gemeente Smellingerlân hearde. Myn bertehûs stiet oan de Brouwersgrêft dy 't yn '45 noch dat prachtige wetter midden yn it doarp wie. Jo witte wol: sa'n feart mei beammen oan wjerssiden, lytse klinkertstrjitsjes der lâns en in heechhout der oer hinne. Folle wertinkens oan wenjen yn 'e Rottefalle haw ik lykwols net, want ik wie noch mar krekt 4 jier doe 't wy nei Surhústerfean ferfearn binne dêr 't ús heit Myn earste auto(Siebe) op it fabryk wurke. Wy wiene doe mei syn fjouweren: ús heit en mem (Wytske) fansels, myn âldere suster Ieke en ik. Yn Surhústerfean kamen der noch twa susters by: Hilly en Geke. Wy kamen te wenjen yn sa'n nei-oarlochse wyk dêr 't huzen yn in ferskuorrend tempo út 'e grûn stampt waarden. Myn boarterswrâld feroare jier op jier mear yn nije diken en huzen. It wie dan ek in feest doe 't wy hast 10 jier letter nei de oare kant fan it doarp ferhuzen, oan 'e râne: de greiden rikten de achtertún.

Skoallen fansels. De beukerskoalle, de iepenbiere legere skoalle en dêrnei de ulo. Op dy ulo die al gau bliken dat ik net allinne niget oan skriuwen hie, mar ik woe wat ik skreau ek oan oaren lêze litte. Suver op myn ientsje rjochte ik in skoallekrante op ('De Ulopost') dy 't ik dan suver ek allinne folskreau. Sels de produksje fan dat blêdsje (folle stelde it net foar ha 'k my letter realisearre) hie 'k eins allinne op myn Surhústerfeannoed. Wie my wol nei 't sin, want ek doe wie ik net sterk yn gearwurkjen mei oaren... Skriuwe foar De Feanster (de lokale wyklikse krante foar Surhústerfean en omkriten) die ik doe ek al. Lytse stikjes dy 't ta myn ferbjustering allegear opnommen waarden. Anonym fansels.

RYKSKWEEKSKOALLE
Dat ik nei de ulo op 'e Rykskweekskoalle fan Drachten rekke wie net in negative kar fan in arbeidersjonge (sa 't dat yn gâns gefallen wol west hat: oan 't wurk of fierder leare = ta skoalmaster leare; in oare kar wie der meastentiids net): ik woe deagewoan skoalmaster wurde, krekt as myn grutte foarbyld Lourens van der Leij dy 't op de legere skoalle in jiermannich myn 'meester' wie. Myn beropskar wie dus al hiel betiid bepaald. Dy kweekskoalle hat yn gâns opsichten foarmjend foar my west. Net allinne omt ik ta in berop learde, mar benammen om wat ik learde en om wat ik yn dy sfear fan 'lotgenoaten ûnder elkoar' meikrige. Der wie belangstelling foar literatuer op 'e kweek, foar kultuer yn 't algemien. Yn 'e lessen fansels, mar ek dêr bûten. Wy organisearren saneamde literêre jûnen dêr 't wy foarliezen út eigen wurk, wy gongen manmachtich Joop en jenny tonielnei De Lawei, wy spilen toaniel en kabaret en yn De Catheder - de skoallekrante - tilde it op fan eigenmakke poëzij en ferhalen. Omt ik sels in jiermannich haadredakteur fan De Catheder wie, koe 'k yn dy kolommen moai wat eigen wurk kwyt. Sawol yn it Nederlâns as yn it Frysk. Want it Frysk kaam hyltyd tichterby, benammen omt learaar Geale de Vries geduld mei ús hie en ús stapke nei stapke ou holp fan ús minderweardichheidsgefoel foar ús eigen taal oer. Teminsten, by my hat soks hiel sterk wurke. Dat ik wat de literatuer oanbelanget keas foar it Frysk, is foar in hiel grut part oan him te tankjen. Op 'e 'kweek' skreau ik myn earste Fryske teksten en dêr bin 'k dus net mei opholden.

Ek op oare wizen wie de kweekskoalletiid hiel wichtich foar my. Ik learde Jenny kennen dy 't letter myn frou wurde soe. Yn dy perioade ferstoar ek ús mem. Yn 1967 slagge ik foar 'de haadakte'. Ik koe oan 't wurk. Hoewol: ik soe earst yn militêre tsjinst.

 

 

 

‹ Mei Jenny as pear yn in toanielstik op de 'Drachtster kweek'- ús noch net bewust fan it feit dat wy letter in echt pear wurde soene... (1974)

 
nei boppe» © Joop Boomsma