Tamminga en Brouwer
It is 24 novimber 1981. Yn it Frysk Letterkundich
Museum en Dokumintaesjesintrum yn Ljouwert wurde twa
nije boeken oanbean oan de auteurs: 'Fan hearren en
sizzen' fan D.A.Tamminga en 'Ljochte nachten' fan
Gerben Brouwer. Ik bin der by as
meiwurker oan it wykblêd Frysk en Frij. As der
oan 'e ein fan de happening yn de hal in groepsfoto
makke wurde sil fan alle oanwêzigen dy 't neamd
wurde yn Tamminga syn anekdoateboek, stean ik ta te
sjen (ik kom yn dat boek ommers net foar). Mar Tamminga
nimt my by 't skouder en postearret my njonken him
tsjin de doar: "Jo hearre der hjoed ek by".
Yn alle beskiedenens sakje ik wat troch de knibbels
om net grutter te wêzen as de master sels. En
sadwaande stean ik foar de earste kear op in foto
mei guon echt grutten yn de Fryske literatuer...
‹ (flnr): Abe Brouwer,
Tsjits Jonkman, D.A.Tamminga, Joop Boomsma, Klaske
Bijkerk-Folmer, Hylke Speerstra, H.Heeringa-Seepma,
E.S. de Jong, Ype Poortinga, Anne Wadman, Boukje Fokkema
en - op 'e stoel - Gerben Brouwer. foto:
Paul Janssen