Biografy  Libben en sa
 
« Wêr komst' wei...?
Wêr giest' hinne?  
 
 
DE WRÂLD SKODDE
Goed, ik hie myn haadakte, soe yn militêre tsjinst. Jenny moast noch in lyts jier oan dy akte wurkje. Wy hiene fernommen: troude manlju krije yn it leger in aardich better traktemint as frijfeinten. Dat wy namen in wichtich beslút: wy trouwe. Sa soe dy militêre tsjinst wurkje kinne as in soarte fan sparpot. En sa'n sparpot, dêr soene wy slim ferlet fan hawwe as wy letter... no ja.

Wy trouden yn oktober 1967. Wy koene wenje by Jenny har âlden op 'e Gerdyk. Jenny learde ta skoaljuffer, ik wurke by boekhannel Douma yn Surhústerfean (oant ik my melde moast by de maresjoseekaserne yn Apeldoorn). Knap regele.

Op in moarntiid begjin desimber 1967 krige ik in lift dy 't my fan 'e Gerdyk nei Surhústerfean bringe soe. Underweis klapte myn liftauto tsjin in beam en in moai skoft letter waard ik wekker yn it sikenhûs fan Drachten. Swier ferwûne. Moannen letter mocht ik wer by Jenny wenje. Slim yn 't gips, op krukken. No, foar militêr wie 'k doe minder geskikt.

Sa spaande ik moannen yn 'e Gerdyk om. Fan de bibletheek helle ik frachten Fryske boeken en yn 'e lêsseal lies ik sa'n bytsje alle Frysktalige periodiken dy 't ik dêr besette koe. Op dizze wize learde ik mysels it skriuwen fan it Frysk, de ultime-autodidaktise manier dus. Mar ik krige ek in aardich ynsjoch yn de Fryske literatuer fan doe en earder. Yntusken fernaam ik dat de dichter Gerben Brouwer en de romanskriuwer Rink van der Velde op 'e Gerdyk wennen. Mei beide mannnen kaam ik yn 'e kunde. En sa woe it barre dat op in literêre jûn (Theun de Vries wie de sprekker) Rink my foarstelde oan Freark Dam mei de opmerking: "Dit is ek in Fryske skriuwer". Mysels wie 'k dêr net alhiel fan bewust, mar Dam frege my ris wat wurk op te stjoeren nei De Strikel, it moanneblêd dêr 't hy einredakteur fan wie. Dat die ik en yn it augustusnûmer fan dat jier fûn ik bydragen fan myn hân: in stikmannich fersen en in artikeltsje. Myn earste publikaasjes yn in offisjeel Frysktalich medium.

Tafallichheden makken fan my in Frysk skriuwer.

GOUDERAK, SÚD-HOLLÂN
Op in stuit skreau in twa sollisitaasjebrieven. Om te oefenjen eins, want ik koe my net foarstelle dat in skoalle ferlet ha soe fan in master mei de rjochterskonk oan it krús ta yn it gips en mei krukken ûnder de earms. Ta myn ferbjustering lykwols waard ik beneamd oan de iepenbiere legere skoalle yn it Súdhollânse doarpke Gouderak, keazen út in fikse keppel gadingmakkers. Handikeps gjin beswier blykber en soks spruts my oan. Ik sette dêr yn augustus 1968 útein, goed twa jier letter waard ik learaar Nederlâns oan de Willem de Zwijger-mavo yn Gouda. Wy bleauwen yn Gouderak wenjen - dat prachtige doarpke oan de Hollandse IJssel en mei de Krimpenerwaard as in juwiel fan in achtertún. Yn Gouderak waarden ek ús beide bern berne: Jelmer (1970) en Marrit (1973).

Skriuwe die 'k omraken yn Súd-Hollân. Ik publisearre proaza en poëzij yn De Strikel, Trotwaer, Sonde, Alternatyf, FeRsefariaesje en fia de telefoan fan Operaesje Fers lies ik fersen. Boppedat wie 'k sjoernalistyk dwaande foar de lokale kranten Holland Silhouet en De Havenloods. Yn dy kolommen koe 'k út en troch de Fryske literatuer 'promote'. Ek wie 'k úteinset mei in rige interviews mei Friezen dy 't myn ynteresse hiene, in rige dy 't yn 1976 as 'Peteareboek' yn boekfoarm ferskynde. Yn 1971 wie 'k ien fan de dielnimmers oan 'De Nacht fan Menaam' - in poëzijhappening. Dy nacht sliepte ik by Trinus Riemersma yn Frjentsjer en dy frege my in bondel fersen gear te stallen. Dy bondel ('Ierlitte') ferskynde yn 1972 by de Koperative Utjouwerij.

Yntusken wie 'k lid wurden fan de KU, siet ik yn it bestjoer fan de Fryske Bibletheek, makke ik redaksje- en oare gearkomsten mei. Sadwaande reizge ik faak op en del Fryslân. It lei dan ek yn 'e reden dat wy op in stuit wer nei 'it heitelân' werom kamen. Yn 1975 waard ik beneamd oan Mavo Nijlân yn Ljouwert. De winter wennen wy yn Ljouwert, oant wy ús de maitiids dêrop nei wenjen setten yn Menaam. En dêr wenje wy noch.

 

‹ learaar Nederlâns op Mavo Nijlân, mei kollega Joop Bontius (1977 - foto Henk Kuiper)

 

MENAAM
Ienris te stoel en te bank yn Menaam koe 'k wat mear om my hinne sjen yn de Fryske lettertún. Yntusken hie 'k it 'Peteareboek' ou makke, hie in stikmannich Rely Jorritsmaprizen wûn en wie myn twadde dichtbondel ferskynd ('Wetter, stien en sân'). Der wie tiid foar wat oars. Sa kaam ik yn de redaksje fan 'Operaesje Fers' en organisearre mei oaren withoefolle saneamde dichtersjûnen, dêr 't iksels trouwens mei alle leafde oan mei die. Ek waard ik frege om foarsitter te wurden fan it Skriuwersboun, wat ik die - en eins net dwaan moatten hie: ik kin min gearwurkje mei oaren... Yn it wykblêd (doe noch) Frysk en Frij hie 'k in moai skoft de rubryk 'Ut en oer boeken en blêden' en letter ek de rige 'Earnst en Koartswyl'. En ik skreau en ik publisearre. Warber, o wat wie 'k warber!

Lykas elkenien waard ik âlder. Soks fernimme jo it bêste oan de bern, dy 't foar stúdzje it hûs út giene. En as it yn 'e hûs kalmer wurdt, wurde josels ek rêstiger en komt der tiid foar nije ûndernimmens. Dat klinkt wat paradoksaal, mar ik bedoel eins: ik krige ferlet om wat grutters te meitsjen, boeken te skriuwen dy 't wat mear tiid fergen en dêr 't ik dan ek tiid foar makke. Ik waard skriuwer fan misdiedromans (MISDIED).

Yn 1996 krige ik in lichte harsenynfarkt. Dat hat my noch kalmer makke as ik yntusken wurden wie. Neffens de dokters bin ik dêr folslein fan genêzen, mar drave en fleane sa 't ik dat lange jierren dien haw, doch ik net mear. Soks moatte jo ommers ek oerlitte oan in nije generaasje...

Hoewol, drave en fleane... ik bin noch altyd in tige nijsgjirrich minske. Ik wol graach meidwaan oan nije ûntjouwings. Dat is tink ik ek de reden dat ik my sa op dit Internet smiten haw. As earste Fryske skriuwer haw ik in eigen Thússide. Seit soks no wat oer my as seit soks mear oer myn kollega-skriuwers? Ik haw it antwurd noch net fûn...


 
nei boppe» © Joop Boomsma