Abe de Vries wurdt útjouwer Friese Pers Boekerij
Yn aktueel: 30 augustus 2006
(Farsk, 29 augustus) Abe de Vries, oprjochter fan Farsk, wurdt de nije útjouwer fan de Friese Pers Boekerij en Uitgeverij Noordboek. Beide útjouwers binne fêstige yn Ljouwert. De Vries, dyt foar syn dichtwurk yn 2005 de Gysbert Japicxpriis krige, leit dêrom syn redakteurskip fan Farsk del. Ek hâldt er op mei it resinsearjen fan Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant.
Fan 2000 oant 2006 wie Abe de Vries bûtenlânredakteur by it wykblêd Elsevier yn Amsterdam. Hy rjochte yn febrewaris 2003 it literêr ynternet tydskrift Farsk op, tegearre mei webmaster Marc Kooij, en wie trijenheal jier haadredakteur en poëzijresinsint. Yn febrewaris 2005 sette...