boeken / resinsjes  
De gouden teeman
Sikke Doele — ferhalen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert - 172 siden
wurdearring: 4/5
De man 'fan de byldzjende keunst yn de LC' publisearre yn 1977 de dichtbondel 'It swiet geniet'. Dat er folle mear kin as dichtsje en skriuwe oer keunst, bewiist er mei dizze - nei myn betinken - skitterende ferhalebondel. It binne ferhalen oer in jonge dy 't opgroeit yn it Ljouwert fan de fyftiger, sechstiger jierren en fernimt dat der bûten syn stêd ek noch in wrâld is. Moai skreaun, fol mei ûnferwachte humor, wylst alderlei foar de lêzer tige werkenbere saken en persoanen foarby komme.Jo hoege boppedat net in Ljouwerter te wêzen om dizze ferhalen te wurdearjen. Doele bewiist mei dit boek dat ek yn de Fryske literatuer in ferrassing noch altyd mooglik is. My soe it net ferbaze dat dizze ferhalebondel heech skoart by in sjuery dy 't aansen de saneamde 'debutantepriis' (Fedde Schurerpriis) útrikke mei. Foar my in boppeslach, dit boek!
nei boven» © Joop Boomsma 2010