ferskaat   fraach en antwurd
Bonjour Joop, wat wurden al net kinne: it is oft ik mei jim opfyts, dere yn de greiden, yn dy omkriten fan Jellum, De Ryp, ensf.h. Ik ken elk paad, elke greide, elk himme, sis mar. Aaisykjen sjit foarby, mar ek de kearen dat ik der mei in faam fystste (Anna ut de nije roman!) yn de stilte tusken de jankende ljippen en de aljende skriezen. Skitende kij net te min. In byldzjend ferhaal. Hjir yn Hendaye sjoch ik de plaatsjes foar my, better as op in foto. Moatst Peins ek noch mar ris trochride, even stilstean foar myn alde wente der't ik berne bin en tsjin Jenny sizze: 'hjir kaam Josse op 'e wrald, sels bulten fan twa meter snie koene dat net te foaren komme. Merci monsieur Jean, au revoir, see you, oant sjen, Josse
Ja Josse - do hast dyn jongestiid ynkringjender belibbe as ik. Ik waard grut yn Surhústerfean, sa griffermeard as de pest. Wy jonges gongen de greiden yn, de polder en wy diene dêr ús dingen. Plezierich mar únnoazel. Ik haw der yn alle gefallen gjin echte herinneringen oan.
Hoe idel bisto eins, Joop?
Hinget fan de sitewaasje ou. Yn de measte fermiddens dêr 't ik myn dingen doch, bin ik in ûnopfallend persoan. Ik bin der, ik glimkje, ik praat mei, ik haw myn plezier.
Soms wurdt der nei my wiisd. De skriuwer! Joop Boomsma!
Dan haw ik gjin noflik momint. Dan fiel ik my eins wat ferkrêfte. En tagelyk freegje ik my ou: hoe ûndergean echt ferneamde persoanen soks?
Oan 'e oare kant... ik kin der ek wol wer fan genietsje, fan dy oandacht. Jo binne efkes opmurken boppe it meanfjild.
Ja, ik tink dat ik dochs wol idel bin.
In bytsje grutsk faaks.
Misse jo Eeltsje Hettinga en 'Kistwurk' net? Jo koene dêr sa fûl op reagearje, yn jo deiboek.
'Kistwurk' wol, Hettinga gjin tel. Ik fyn trouwens wol dat 'Farsk' in hiel noflik alternatyf is wat 'Kistwurk' oanbelanget.
Jo hawwe út en troch (hiel aardich) oer fûgels skreaun. Mar: binne jo ek in aaisiker?
Nee. Noait west ek. Ik mei graach yn it fjild wêze, graach fûgels observearje. Mar it fjild yn om 'eieren te rapen' - nee. Net dat ik op aaisykjen tsjin bin. Ik gun elkenien in hobby. En genôch minsken ha my der fan oertsjûge dat aaisykjen gjin kwea kin foar de ljippestân.
wAT IS DY jOOP DOCHS IN SILICH, egosintrysk kloaterich mantsje. Mient dat der wat bysonders makket mei syn kut-deiboek. Skriuw werris in echt boek, mar dat kin dy sukkel net mear. Bouwe
Ja, de fanmail streamt fan alle kanten... Dizze (anonime fansels) bydrage plukte ik út de nijsgroep alt.culture.friesland.frysk. Eksimplarys foar hoe 't it soms bart. Leaver hie 'k dizze meidieling op myn kontaktformulier binnenkrigen. Hie 'k de man yn goed fatsoen antwurd jaan kinnen. En ik hie him fertelle kinnen dat nimmen him ferplichtet myn deiboek te folgjen.
nei boppe» © Joop Boomsma