 |
 |
 |
|
|
|
TSJIN DE STREAM OP
19 april 2005
Wat de eksamenklassen oanbelanget, is de ein fan it skoallejier hast besyld. Mei har sit ik yn dy űnbestimde fase dy't him elk jier wer oankundiget.
Műnlinge tentamens op't stuit. Literatuer. De bern komme om bar by my lâns en fertelle oer de boeken dy't se liezen, oer gedichten, oer lytse wurkstikjes. Ensfh. Ik mei dan in sifer jaan. Meast binne wy beide tefreden, it bern en ik. Soms giet it wat minder. As in learling tinkt dat er him/har allinne wol ręde koe mei de úttreksels dy't op it internet te finen binne.
Neat nijs űnder de sinne fansels. Wy hiene úttrekselboeken eartiids...
Dan komt de eksamentrening, fakânsje, noch mear eksamentrening - en úteinlik dan dat frekte eksamen sels.
En de korreksje. Foar my dan.
De bern hawwe skjin har nocht. Dat is oan alles te fernimmen. Se sjogge glęzich út de eagen, hingje al moalpűden yn 'e bank, binne net foarút te brânen. En ik? Ik besykje entűsjast te węzen. Want ik bin fan betinken dat se noch lang net klear binne foar it eksamen, wylst de learlingen der wis fan binne dat se alles sa stadichoan wol witte.
Tsja.
Wrotte dus. Tsjin better witten yn. Tsjin de stream op.
En ek: aansen is der wer fakânsje. Want dy wissichheid hat in skoalmaster: hy hat of hy kriget fakânsje....
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
WURCH FAN FOARA
14 april 2005
Sa, it berjocht oer it smelle paad fan Cornelis van der Wal hat hjir lang genôch stien. It hat yn alle gefallen ien wichtich feit opsmiten: Cor kin dus yndied net lęze.
Op fersyk fan withoefolle e-mailers sis ik ta: ik skriuw noait wer oer de log fan Cor. It binne tefolle skotten foar iepen doel. Te maklik om sukses te hawwen...
Wa't de saneamde diskusjes oer (ja, ik koe it mei myn simpele ferstân ek net mear byfytse - ik wist dus ek net mear węr't it oer gong) de saneamde diskusje oer de diskusje op Farsk en Erosmos in hoart folge hat, kin fan dit momint ou ręstich sliepe: beide foara binne sletten. Dat sil wol in djippere betsjutting hawwe (tink ik, wit ik net), mar fan no ou hoech ik net twangmjittich mear mear dy kant út te surfen.
Is dat spitich?
Farsk en Erosmos biede mear as sa'n dwylsinnich foarum.
Dat jildt trouwens ek foar De Moanne en Hjir. Fryske literatuer en fierdere kultuer.
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
KULTUER EN COR
30 maart 2005
Ik fiel suver in ferlet en skriuw elke dei in stikje, begjin wer mei in deiboek. As soe 't allinne mar węze en reagearje op de simpele stikjes fan Cornelis van der Wal.
Cornelisvanderwal.web... eeh...
Cor hold in hoart in deiboek by op sa'n web.log. Yn 't earstoan fűn ik dat aardich om te lęzen. Ik bedoel: Cor is dochs in soarte fan skriuwer, dichter eins. Nei in skoft waard it ferfeelsum. Te folle ikke en nochris ikke, te min erudysje.
Ik heakke ou. Dus.
In wike as wat lyn hie ek Cornelis yn 'e rekken dat syn web.log-stikjes oerstallich wurden wiene. Ik bin allang gjin deiboekskriuwer mear, mar dochs waard ik withoefaak oansprutsen op it bestean fan simpele logs en dy fan Cor waard faak neamd.
Cor hold de eare oan himsels.
Ein web.log.Cor. Of soks.
Klear. Dus. Tocht elkenien.
Mar nee.
Cor sette in wike as wat lyn wer útein. Mei in wyklikse kultuerrubryk....
Kultuer....
Ikke... ikke.... ikke... Kultuer mei Cor is dus Cor.
Godallemachtich!
Ien ding is wis: ik doch hjir net mear oan mei.
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
Boeken
23 maart 2005
Fan 'e midzje haw ik op dit plak in stikje fuorthelle. In bernachtich stikje - fűn ik doe't ik it werom lies - oer Cornelis van der Wal. Komt by, ik krige trije e-mails fan lęzers mei deselde fraach: wa yn fredesnamme is Cornelis van der Wal?
Tsja...
Hoefolle romans kin in sljochtwei lęzer ta him nimme? Yn 'e wike, yn 'e moanne, yn in jier? It is in fraach dy't my wolris steld wurdt. Dęr is fansels gjin antwurd op te jaan. Ik ken minsken dy't tsien romans yn 't jier lęze en dęrby it idee hawwe dat soks wol aardich modaal is. Lęsten prate ik mei in frou dy't sei dat se gemiddeld trije romans yn 'e wike lies. Dat is sa'n 150 jiers. Okee.
Der is in test op it internet dy't - as jo earlik antwurdzje - bepaalt of jo modaal of tefolle drinke. It giet dan om alkoholise drankjes fansels. Ik drink tefolle.
Kin jo ek tefolle lęze?
Neffens my noait.
Mar foar de wissichheid haw ik ien en oar byholden. De ourűne twa wiken. Wat lies ik?
De boekewikegeskinken fan De Jong en Wolkers fansels. 'Regaad yn 'e himel' fan Steven Sterk. 'Doorgeschoten' fan René Appel. 'Bloed aan de paal' fan Tomas Ross, in roman fan Ian Rankin, ferhalen fan Bob Mendes, "Eilândochters' fan Wilco Berga (wie'k mei dwaande). No bin ik healwei 'Kort Amerikaans' fan Jan Wolkers. In werlęzing - mei tank oan de Volkskrant.
Is dit modaal?
Foar my al. Mar dat is gjin mjitstęf. Seker gjin algemien gemiddelde.
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
Maitiid
10 maart 2005
Op't stuit reint it yn Menaam en der wurdt jűn snie ferwachte, mar foar my is de maitiid begűn. Dat komt fansels troch de ljippen dy't ik rűnom yn de provinsje seach. Lytse ploechjes en grutte kloften. Ik seach sels in ljip dy't yn de loft bewegings makke dęr't aaisikers oerstjoer fan wurde. No bin ik gjin aaisiker, noait west ek, mar ik kin my foarstelle dat lju dy't dat wol binne al oanstriid fiele en gean it lân yn.
No de skries noch. Dy ha'k noch net sjoen fan 't jier.
Fűgels dy't ik seach:
38. ljip (kievit)
37. lytse sjouwerman (kleine mantelmeeuw)
38. grutte sjouwerman
39. winterltjilling (wintertaling)
40. swartkopgoes (rietgans)
41. paugoes (brandgans)
|
 |
|
|