út en troch   10 april 2010
Sûnens
10 april 2010
As ik twittere, hie'k ourûne tongersdje wierskynlik skreaun: hjoed gean ik nei it sikehûs foar in operaasje. En saterdje hie der stien: hjoed wer nei hûs ta.
Mar ik twitterje net. Dêr bin ik net idel genôch foar.
Foar de folsleinens: operaasje slagge, pasjint fielt him prima.

Fûgels dy't ik seach:
52. swarte swan
53. wetterwylp (regenwulp)
In snein
10 april 2010
Sneintemoarn. Kalm waar, sinneskyn. Eins ha wy der gjin nocht oan en bliuw dizze dei yn 'e hûs. Ynienen falt it wurd blombollen. Wy binne der út. Hjoed sille wy yn Noard Hollân in part fan de tulpefjilden besjen.
Oer de ouslútdyk, de kant fan Den Helder út.
Yn Callantsoog ite wy in hapke op de Markt en sjogge efkes nei de see. It tilt op fan de minsken dy't hjoed ek net thús bliuwe woene.
Fierrder achter de seedyk lâns dat nei it suden op. Bollefjilden genôch, mar yn wêzen in bytsje bloeiende tulpen. Dy't bloeie fine wy moai. En wy genietsje fan it prachtige dúnlânskip. Wy ha de yndruk dat de natuer hjir wat fierder is as yn Fryslân. Wer wat ite, wat drinke. En genietsje fan it moaie waar.
Dan binne wy útsjoen. Op hûs oan.
Kalme rit nei de ouslútdyk, dêr wat hurder it gaspedaal yntraapje. Tsjin seisen binne wy wer thús.
Wy glimkje nei elkoar. Dizze snein gong wer noflik foarby.
Noardlike provinsje
10 april 2010
Der wurdt op 't stuit omraken praat en skreaun oer it gearfoegjen fan de provinsjes Drinte, Grins en Fryslân ta ien noardlik gebiet. Ut ferskate ûndersiken hat bliken dien dat ynwenners fan de provinske Fryslân dêr gjin heil yn sjogge, minder ynwenners as fan Grins en Drinte. It ferlies fan de eigen idintiteit (it Fries-wêzen-gefoel) is by dy gedachte it wichtichs.
De gearwurking tusken dy trije hjoeddeiske provinsjes kin allinne mar posityf besjoen wurde. Dêr is neat op tsjin. Smyt nei alle gedachten ek noch in protte jild op. En guon ynfrastrukturele saken kinne flotter oanpakt wurde.
Mar gearwurking is fansels wat oars as gearfoegjen. Ien noardlik bestjoer, ien noardlike haadstêd, ien noardlike ... neam mar op. Dat is wat in protte Friezen tsjin stiet. Want sizze se, dat wurdt fansels allegear konsintrearre yn de stêd Grins. De iennichste 'echte' stêd yn it noarden. En dan binne 'wy' it kwyt.
Fan dat gearwurkjen komt uteraard neat. Teminsten net yn in tiid dy't wy belibje sille.
En soe de namme Fryslân ea ferdwine as bestjoerlike ienheid - wat is dêr yn feite mis mei? It ferlies fan idintiteit, it ferlies fan de taal, de ein fan Fryske sporten, de Alvestêdetocht, it ferlies fan alles wat Fryslân sa bysûnder makket - tsja. Dat bart net. It stikje Nederlân dat Fryslân hjit en dêr't wy fan fine dat it sa bysûnder is, sa apart, sa oars as oare dielen fan Nederlân, dat stikje Nederlân bliuwt. Ek al wurdt it in ûnderdiel fan in grutter gehiel.
En ferdwynt der al wat tipysk Frysk, dan leit dat net oan it gearfoegjen mei oare provinsjes. Dat leit dat oan de ynwenners fan Fryslân dy't te sleau binne (wiene) om dêr foar te striden, om dêr har bêst foar te dwaan.
Mar goed, it binne allinne mar losse gedachten dêr 't oer praat wurdt. Losse gedachten dy't like hastich ferfleane as se opkamen.
Lange winter
11 maart 2010
De ourûne dagen haw ik der efkes om tocht. Of de maitiid echt begûn is. Utsein de ljippen en wat oare fûgels is der wier noch net folle te fernimmen.
My heucht dat om dizze tiid hinne, hast healwei de moanne maart, de barmen fol stean mei speenkrûd. Yn it gers stutsen de kopkes fan de koweblomkes boppe it gers út. En yn de tunen wie sprake fan snieklokjes en krokussen. Hjoeddedei net folle te fernimmen. Moat dus noch komme. De planten wachtsje op in tiid sûnder nachtfroast fansels.
De wylgen (en oare struken en beammen) hawwe noch gjin katsjes.
Komt troch de lange winter. Yn alle gefallen in winter sa't wy dy net mear wend wiene.
En dan de fûgels. Ut en troch sjoch ik in maitiidsbist. Dat wol sizze in fûgel dy't yn dizze tiid weromkomt yn ús lân. Noch gjin boumantsje sjoen, noch gjin skries, noch gjin swellen, noch gjin tsjiftsjaf - om mar ris in pear te neamen. Dy bisten sille der op guon plakken wol al wêze, mar noch net yn dy tallen dy't hearre by dizze tiid fan't jier. Geduld dus.
Feit is dat ik sa stadichoan skjin myn nocht ha fan de kjeld. Ik haw ferlet fan in echte maitiid.
Fryske literatuer
10 maart 2010
Eins soe'k my folle mear dwaande hâlde moatte mei de Fryske literatuer, mar ik ha der gjin nocht oan. Ik lês wat der yn de LC oer skreaun wurdt, ik lês de tydskriften dêr't ik op abonnearre bin en ik fyts út en troch lâns de internetsiden dêr't guon skriuwers op skriuwe. Mar dat is it dan. Net mear. Ik lês selden in Frysktalich boek. En dat is eins it slimste. Jo hearre dochs by te hâlden wat der ferskynt of wat der koartlyn ferskynd is.
Ik doch it fierste min.
Oarsaak? Ik tink dat it komt omt ik oare dingen oan 'e kop haw. De sûnens kin better en dat idee fyn ik wichtich. Folle wichtiger as Fryske literatuer.

Aardich fyn ik it dan wol wer om de wrâld (no ja...) yn te gean en de natuer wat yn 'e gaten te hâlden. Fûgels te spotten bygelyks. Jout my rêst.
En dy rêst fyn ik noflik.

Fûgels dy't ik seach:
46. tomke (winterkoninkje)
47. wylp (wulp)
48. leppelbek (lepelaar)
49. boumantsje (witte kwikstaart)
nei boven» © Joop Boomsma 2010