deiboek 2002  
19 april 2002
Dus. Kistwurk hâldt der mei op. My spyt dat. Ik wie in lêzer fan de digitale útjefte. Fan 't begjin ou oan. De printe ferzy sei my net folle, hoewol 't ik koartlyn wol in abonnemint nommen hie. Om de goede saak te stypjen. Mar ik bin - achterou - bang dat it krekt dy printe Kistwurk west hat, dêr 't Hettinga c.s. oer stroffele binne. Om 'e rotsinten. Ik sil myn nachtlike besites misse. Kistwurk wie, op internet, in fêst gegeven. Yn alle gefallen foar my.
Ja, fansels - ik haw gjin goede wertinkens oan einredakteur/baas Eeltsje Hettinga. Ik tink oan syn reaksje op myn skriuwersdeiboek fan ferline jier, ik tink oan de e-mails dy 't ik fan him krige (dy skellerij!), ik tink oan syn skynhilligens (wol myn hân skodzje, mar in skoftsje letter my wer de grûn yn wâdzje) - Eeltsje Hettinga is gjin 'aimabel' minske.
Mar - haw ik altyd tocht - Kistwurk is Eeltsje net en Eeltsje is Kistwurk net. Dom fan my. Kistwurk en Eeltsje Hettinga wiene synonymen. Eeltsje hat syn nocht (want te min wurdearre) en dus is Kistwurk passee. En mei him giet alles wat er opboude nei de bliksem. Tsja...
Feit is: it digitale tydskrift wie in boppeslach! Kwalitatyf fan hege wearde. Ik ha swier de pest yn oer dat dat no foarby is.
17 april 2002
Juster kaam ik lâns op de internetside fan Trinus Riemersma (via it FLMD te berikken). Moai. In fracht ynformaasje. Aardige lay-out. Ferdivedaasje en gjin ein. En dan lês ik yn de 'mieningen' dat Trinus problemen hat mei Trotwaer. Dêr doocht dus neat mear fan. Dêr wol er net mear oan meiwurkje. Hat gjin nivo mear. Okee. Dat fynt er. De ferbining ferbrutsen.
Trinus neamt as in djiptepunt de siden dy 't Trotwaer in skoft lyn ynromme foar myn internetdeiboek fan 2001. Ik wit net krekt mear hoe 't er it omskreau, mar wol herinnerje ik my dat dat deiboek in soarte fan buorrelpraat wie, sûnder nivo dus, dat jo allinne nachts liezen, nei it konsumearjen fan in fikse sleat drank. Yn alle gefallen, Trotwaer ûnweardich.
Trinus hat gelyk. Trinus hat altyd gelyk. Mar ik haw noait beweard dat myn skriuwersdeiboek fan 2001 literatuer wie.
Jan Piter Janzen frege my op in stuit oft dat deiboek wolris ûnderwerp fan in Trotwaer-artikel wêze mocht. Fansels wol. Doeke Sijens keas in frachmint en publisearre dat. As natuerferskynsel yn de Fryske lettertún.
13 april 2002
Lês ik yn Kistwurk it lêzersdeiboek fan Willem Winters. En ik moat sizze: hiel nijsgjirrich! Ik hâld der net fan en slaan mysels op it boarst, mar myn skriuwersdeiboek fan ferline jier hat blykber hiel wat teweechbrocht. Yn alle gefallen op Kistwurk. Aardich, in foarbyldfunksje te hawwen...
13 april 2002
Eeltsje Hettinga is de Pim Fortuyn fan de Fryske literatuer(?) - eat om oer nei te tinken.
12 april 2002
Yn de Fryske skriuwerswrâld tamtammet it omraken. Nijtsjes, rabberijkes, net te kontrolearjen feiten. Ut en troch tamtammet it ek yn Menaam, foarmje ik in skeakeltsje yn de ynformaasjestream. Dat wol sizze: berikt my ynformaasje dy 't yn de saneamde offisjele kanalen (noch) net bestiet. Dy ynformaasje jow ik troch oan oaren, freegje tagelyk mear gegevens. En wurd soms saken gewaar. Kostlik!
Sa oer de Ako-literatuerpriis. Longlist en shortlist. Uteinlik in nominaasje. Foar in skriuwer (en foar syn/har útjouwer) in wichtige saak. Kassa! Want dêr giet it úteinlik allegear om. Dy kassa...
Teake Oppewal, Frysk literatuerbefoarderer, docht skitene syn bêst om 'Na de klap' fan Trinus Riemersma en 'Kikkerjaren' fan Josse de Haan op de AKO-longlist te krijen. In gefjocht tsjin better witten yn, want by de AKO en sa bestiet de Fryske literatuer net. Ek net yn Nederlânse oersetting. Mar it is Oppewal te priizgjen dat er war docht. Brieven skriuwt er. Om De Geus (Riemersma) en Meulenhoff (De Haan) ta aksje te twingen. De kant fan AKO út. Mar sa'n aksje kostet in slompe jild. De fraach is dus: binne oersettingen fan Fryske romans subsidiëarre aardichheidsjes, of doart in Hollânse útjouwer ek de eigen finânsjele nekke út te stekken? Om Trinus en Josse te promoten.
Teake set troch. Ik folgje syn krewearjen.
11 april 2002
Tiisdjetemidzje kuieren wy stadich om de toer fan Tsjalhuzum hinne. It grint ûnder de soallen knittere yn in bedaard ritme. Op in stuit waard ik op it skouder tikke troch Piter Terpstra. 'Hee', sei 'k, 'koe'sty losskuorre út dyn memoires?' Stapke nei stapke keutelen wy achter de bier oan dy 't de kiste mei it - hoe hjit soks? - stoflik omskot fan Douwe Tamminga nei it grêf rôle. 'Do bist sa njonkenlytsen ús nestor', sei 'k. Piter nokkere. 'Sjoerd van der Schaaf is no de âldste', sei er. Doe knikte er fansiden. 'Tiny Mulder sit ek noch yn de race'. Piter hâldt soks by.
Sa kuierjendewei - wy hiene alle tiid - seagen wy it hear oer. Noflik petearjend folge it folkje Tamminga op syn lêste reis. Aldere en âlde minsken. Gjin dramatise tastannen. In man fan 92 jier te hôf bringe is eins net ûnaardich. In soarte fan réuny om it grêf hinne fan immen dy 't wy - elk op eigen wize - wurdearren. As dichter. As persoan.
Letter, ik wie ûnderweis nei hûs, kamen tinzen. Wêrom wie de jongerein net fertsjintwurdige? Wêrom stie de jonge generaasje Fryske dichters net oan it grêf fan Douwe Tamminga? Sokke fragen. En ik tocht: is der gjin respekt foar, gjin besef fan de 'grutheid' fan dizze dichter? Sa'n bytsje benul fan literêre skiednis, sa fol fan eigen 'grutheid'?
Hoe oars wie it doe 't Bloem begroeven waard, Nijhoff, Achterberg, Vasalis...
10 april 2002
Yndied, sa út en troch bekrûpt my dochs in gefoel fan: wat is internetfryslân leech, nuet, braaf. Internetfryslân hechtet oan status quo. Ik fyts op syn minst in pear kear yn 'e wike by ferskate frysktalige skriuwerssiden lâns. Mar op in stuit ha jo it allegear wol besjoen en lêzen. Der is selden in útdaging, selden oanstriid om nochris lâns te kommen. Der stiet wat der stiet en dat is it dan. Ik bedoel: it sjocht der allegear prachtich út, de foarjouwing is faak better as ik it foar elkoar krije kin - mar, nochris, dat is it dan. It libbet net. Der is gjin stream.
In internetside is neffens my mear as in lading ynformaasje dy 't op in stuit deldondere is. In internetside freget duorjend oandacht, fernijing, oanfolling. Seker as it om skriuwers giet. Jo lizze jo nijste boekútjefte dochs ek net ûnder it kessen - en sliep fierder...
Ien útsûndering. Kistwurk. Dat is in side dy 't yn ûnderholden wurdt. Dêr bart út en troch wat. Dêr komt wolris wat by. In ferske, in ferhaaltsje, in esseetsje. Der is sels in soarte fan 'deiboek' op Kistwurk. In ienmansputsje fan Eeltsje Hettinga yntusken. No, dan witte jo it wol. Der doocht - útsein himsels - net folle yn de fryske lettertún. Nei in skoftsje ha jo dat dan ek wol wer besjoen. Selden in útdaging.
Mar dochs. En benammen benammen: it brânt my út en troch yn. Kin ik de boel wat opskodzje? Dwerse kneppels smite? In fjurke stoke? Ik ha gjin flau idee. Mar ik wol it al besykje. Ut en troch. Internet is oant no in deade boel wat fryslân oanbelanget.
nei boppe» © Joop Boomsma