It is 1977, in middei oan ‘e ein fan augustus. Ik haw ik skoft yn ‘e tún ompield, bin efkes yn ‘e hűs om wat thee. De nijslęzer fan it ANP moat it dwaan mei in heal ear. Lykwols, ik hear de namme Fokke Sierksma en stean op slach op skerp. En sakje yn in dize. Ik twivelje oan wat ik heard haw, skodholje, wriuw yn ‘e eagen en sjoch nei de radio, hear de Ster-pingel. Even letter draaft Jelmer – fan 7 – de húskeamer yn, oerstjoer: ‘
Ome Sierksma is dea!’ Ek by syn boarterskammeraat stie de radio...