Et geheim van de wiend   2009-12-04
Johan Veenstra    
St. Stellingwarver Schrieversronte 2009



Wat is it Stellingwarfs dochs in allemachtich moaie taal! Teminsten as Johan Veenstra dy skriuwt. Ik wit net krekt hoe sljochtwei ynwenners fan it súdeasten fan ús provinsje mei har taal omgean mar as Johan dy taal skriuwt dûnsje de wurden sjongerich en poétys. In feest om te lêzen en in prachtige boarne fan taaleigen!
It ferhaal fan 'Et geheim van de wiend' is trouwens ek nijjsgjirrich. It is in soarte fan ramtfertelling. Yn ús tiid fine arbeiders, op de hûnderdste jierdei fan Anna Hilbrink-Mulder, oan de foet fan in mânske beam dy't omhakt wurde sil, minsklike bonken. De ein fan de roman fertelt fierder oer de jierdei fan Anna. Dêr tusken yn wurdt it libbensferhaal ferteld fan Anna, in boerefaam mei in sterk karakter. As se op tige jonge leeftiid swier wurdt, beslút se it âlderhûs te ferlitten. Se reizget de jonge achternei dy't de heit fan har bern is. Dat rint út op in teloarstelling. Werom nei hûs ta moetet se Dieks Hilbrink dy't allinne op in pleats wennet. Uteinlik beslute se tegeare mei it libben troch te gean.
It klinkt allegear wat klisjeemjittich, wat boereromanachtich, mar Johan Veenstra makke der in ferhaal fan dat fan dat klrsjee ouwykt troch op guon mominten in aardige draai oan de stoarje te jaan. Dêrom is it in roman wurden dy't de lêzer by it ear pakt.
Gjin negative krityk?
No nee, eins net. Of it soe wêze moatte dat de auteur guon sprekkers teksten yn de mûle leit dy't eins wat te literêr binne. Sa as bygelyks Dieks Hilbrink syn libbensferhaal oan Anna fertelt. Sa prate minsken neffens my net.
Mat 'Et geheim van de wiend' fyn ik in prachtige roman dy't in grut lêzerspublyk fertsjinnet!
       
nei boven» © Joop Boomsma 2010