Potstro Fongers   2009-10-15
Sietse de Vries    
Friese Pers Boekerij, Ljouwert - 2009



Der húsmanje yn dizze misdiedroman fan Sietse de Vries ferskate persoanen dy't allegear wat mei elkoar te krijen hawwe, mar elk in nijsgjirrich personaazje binne. Nim no Marten Bok, aptekerekersassistint yn in sikenhûs, Siger Kalsbeek, direkteur fan dat sikenhûs, Cor Fongers, patatbakker dy't mei-eigener wurdt fan in ythûs yn Bartlehiem, Arjen Witteveen, resjersjeur mei in burn-out dy't op terapeutise basis syn wurk docht - en mear.
Daalk yn it begjin fan it boek wurdt it lyk fûn fan Marten Bok. Dat is ien lijn yn it ferhaal: it plysjeûndersyk nei de moard (want dat is it) op Bok. De oare lijn beskriuwt it dwaan en litten fan Bok, foarougeand oan syn dea.
Bok blykt te hanneljen yn pillen dêr't guon sporters gebrûk fan meitsje. Dat fertsjinnet sa goed, dat er in útwei siket foar swartjild. Syn opslach fan dy pillen hat er op in camping yn Bartlehiem. Hy wir Cor Fongers sa fier te krijen dat er op dy camping it ythûs oernimt. Fongers sil dêr potstro serveare - in gat yn 'e merk.
Fierder wit Marten Bok syn direkteur (in âld-doarpsgenoat trouwens, immen dy't it dus fierder skopt hat as hy) sa fier te krijen dat er meigiet yn dy pillehannel.
De Vries wit syn ferhaal sa op te bouwen dat de lêzer der goed by bliuwt. Dy wit dat Bok it allegear net oerlibbet, mar de fraach is fansels wol hoe't it safier komme koe.
'Potstro Fongers' (knappe titel!) is knap skreaun, is spannend en neffens my de bêste misdiedroman dy't yn it Frysk ferskynd is.
       
nei boven» © Joop Boomsma 2010