 |
 |
 |
| De hearen fan Fryslân |
  |
2008-10-22 |
| Arjen Terpstra |
|
|
| Friese Pers Boekerij, Ljouwert - 2008 |
| |
Earst mar efkes dit: "De hearen fan Fryslân" is hartstikke flot skreaun en lęst dus as in tirelier. Boppedat sjocht it boek der prachtich út (hurd omkaft, stofomslach, prima binnenwurk). Foar wa't soks allegear op priis stelt, is dizze roman in prima oankeap.
As men it boek útlęzen hat (en men kin min oars, want jow it mar ris 't hannen as men der ienris mei begűn is!) en men tinkt efkes oer de stoarje nei, dan komme dochs wat betingsten. Is dit wol in roman of kin der better praat wurde fan in soarte fan ferhalebondel?
Ik haw foar mysels de yndruk dat der skraach sprutsen wurde kin fan 'roman'. It binne mear losse sketsen dy't yn Fryslân en yn Amearika spylje. Benammen yn it boerelân fan de Feriene Steaten. Soks dan yn de twadde helte fan de foarige ieu. It boek hat suver wat fan in 'cowboyroman'. En wat de parten dy't yn Fryslân spylje oanbelanget, kin der sprutsen wurde fan in 'boereroman'. Yn prinsipe neat op tsjin fansels, mar literatuer wurdt it sadwaande eins nergens mei dit boek.
It ferhaal begjint yn it Fryske doarp Tsjerkgaast, op de pleats fan boer Tsjerk van der Zee. Der wurde yn 1914 twa jonges berne, Tsjalling en Tseard. Tseard is in kalme jonge, sa docht letter bliken. Tsjalling in űnręstich en hat in dream: hy wol nei Amearika. Troch omstannichheden belannet Tseard yn dat lân, mar in jiermannich letter nimt Tsjalling syn plak yn. Yn it hiele ferhaal is Tsjalling de haadpersoan. Hy wurdt in grutte boer en trout in prachtige frou.
Sa't Tsjalling yn Fryslân al wie, sa bliuwt er ek yn Amearika: űnręstich, bluisterich eins, troch alles hinne syn eigen gong geand. En dat smyt wol aardige taferielen op.
Sa't ik earder al skreau, dizze roman is eins nei myn betinken in boek fol sketsen. Guon binne prachtich skreaun, guon gâns minder. Mar der sit te min ienheid yn. Tagelyk: ik haw my der gjin tel mei ferfeeld. It is no in goed wike lyn dat ik de lęste side lies. Mar ik herinnerje my der suver neat mear fan. It ferhaal is net hingjen bleaun. In smaaklik hapke dy't gau út jins űnthald ferdwynt.
Opfallend is de geve taal dy't Terpstra brűkt. Mar doe't ik oan de eins yn de 'Ferantwurding' lies dat Dick Eisma it Frysk behoffene hat en de korreksjes útfierde, waard my gâns dúdlik. Dick is in baas-behoffener. |
| |
|
|
|
|