Heftich   2008-04-16
Ate Grypstra    
Afűk Ljouwert - 2008



Fansels ken ik Ate Grypstra fan it internet. Dat er goed skriuwe kin docht dęr bliken. En dęr kin de Fryske literatuer wiis mei węze.
Koartlyn publisearre er in bondel jongereinferhalen. It omkaft is hielendal yn de styl fan wat dy jongerein dwaande hâldt: "HFTCH @TE GRYPSTRA :-) KRT FRHLN". Mar by it lęzen wurdt al gau dúdlik dat dit allinne slaat op it iepeningsferhaal.
De oare ferhalen gean bygelyks oer it brűken fan internet, sűpe, byleauwe, stellerij, godtsjinst, ferkearing, popmuzyk, abortus, ensafuort hinne. Saken dy't yn de wrâld fan de jongerein in wichtige rol spylje.
Dizze ferhalen bewize ek dat Grypstra knap skriuwe kin. Syn styl en syn taal binne oanpast oan de doelgroep. Nearne jout er in aspekt te folle klam. Ik gean der fan út dat de jongerein dizze ferhalen mei wille lęze sil.
It is de Afűk te priizgjen dat de bondel ferskynd is. Safolle lęzerij is der yn de Fryske wrâld ommers net foar de jongerein.
       
nei boven» © Joop Boomsma 2010