De Fűgel   2008-01-14
Tr. Riemersma    
Utjouwerij Venus, Frjentsjer - 2006



Itaalje. In simmer. As twa manlju oan it wurk binne op in druvelân, ferskynt der boppe har in űnbidige fűgel. Efkes letter is er wer fuort.
Yn har doarp wurdt der letter oer praat. En dan komme der wertinkens los oer ek sa'n fűgel dy't gâns jierren lyn ek ferskynde en yndruk makke.
Dat doarp. Leit op in berchhelling. Der wenje mar in foech hânfollen minsken dy't dęr hast allegear hikke en tein binne. Guon gean oerdei nei in stęd yn de buert om te wurkjen. Oaren buorkje yn de buert. Fierder liket de tiid stilstean bleaun. De ynwenners fan dat doarp wurde troch Riemersma dúdlik delset. It binne meast ienfâldige minsken, dy't elkoar oan 'e ein fan 'e midzje moetsje op it terras fan 't kafee.
Op in stuit ferskynt de fűgel boppe it doarp en rjochtet in ellindich űnheil oan. De doarpbewenners reitsje suver yn panyk en réagearje op eigen wize. Dat kostet in doarpsbewenner it libben en as de pastoar (fan bűten it doarp) op in űnpersoanlike wize de ouskiedstjinst liedt, komme de oanwęzigen yn opstân.
Riemersma hat mei dizze novelle (it boekje telt 78 siden) in treflik stik literatuer skreaun. Syn taal is geef, syn beskriuwing fan it doarp en de ynwenners is prachtich. So soene suver hoopje dat er mear sokke stoarjes skreau.
       
nei boven» © Joop Boomsma 2010