 |
| |
boeken / resinsjes |
 |
 |
 |
It liet fan de ibis ★★★☆☆ Koos Tiemersma — Friese Pers Boekerij, Ljouwert - 2006
It komt my net sa faak oer.
Dat ik fan in boek genietsje, fan de taal dy't brúkt wurdt, fan de sfear dy't it ferhaal opropt - en dat ik, as ik it boek útlêzen njonken my dellis, my oufreegje: wat haw ik no lêzen, wat wie't ferhaal?
Soe dit it ferhaal wêze:
In sjoernalist fynt oan de râne fan in kanaal it lyk fan Eva, in mongoloïde puber dy't al in skoftsje fermist waard. Eva hie in goed kontakt mei Obi Okere, in Nigeriaanske keunstner dy't yn har stêd tahâldt. In ûndersyk nei har dea wurdt opset. Hat it in ûngelok west west of is se fermoarde? Yn dat lêste gefal wurdt wiist nei Obi. In Afrikaan yn in stêd dêr 't de fraach wol as net in asylsikerssintrum spilet. Ik soe sa mar kinne, no?
Obi is in nijsgjirrich minske, dêr't wy - lêzers - sympaty foar fiele. Hy draacht syn ferline mei: bylden fan Nigeria spoekje him as dreamen yn de holle om.
De stêd dêr't er wennet wurdt yn 1998 behearske troch fragen dy't striid oproppe. Eigenbelang. Hate en leafde. Rassisme.
En dan is der de sjoernalist Mat Festen - in wat ûngrypber minske eins.
It knappe fan 'It liet fan de ibis" is dat de auteur der yn slagget en meitsje in moaie mjuks fan de lagen dy't tegearre it ferhaal foarmje. Doe en no, dream en wurklikheid, de aktualiteit - kreas ferfrissele. Koos Tiemersma kin wol skriuwe!
Mar wat woe er fertelle? Wat wie it doel fan dit ferhaal? Ik sil nochris troch it boek moatte om dêr wat mear wissichheid oer te krijen. Want, sa'k sei: ik haw fan de taal geniete, de sfear dy't de auteur opropt. Mar oan de roman hie'k net folle hâld.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
It rinnen fan Silke ★★★★☆ Klaske Hiemstra — Friese Pers Boekerij - 2006
Dizze koarte roman is it ferhaal fan in dochter en har mem.
Silke (de dochter) studearret yn Grins, wennet dêr ek, hat dêr har freonen - is dêr deagewoan lokkich. En dan skillet heit op: "Soest thús komme moatte". En Silke komt thús, Ljouwert. Har mem hat magekanker, sil meikoarten stjerre.
De wrâld op 'e kop ynienen.
En dan ûntjout him it ferhaal fan de dochter. It ferhaal fan har reaksje op de kommende dea fan har mem. Yn't earstoan reizget se elk wykein fan Grins nei Ljouwert en werom, mar al gau freget se har ou: wat is it doel fan dat reizgjen? Moat ik net trochgean mei myn libben yn Grins? Nee dus. By mem wêze wolle, mei mem prate.
En dat is daalk it téma fan de roman. It grutte ûnfermogen om mei de mem kontakt te finen. Op har stjerbêd. Silke wol dat graach, mar lit de mooglikheden foarby gean. Boppedat: de mem is op in stuit te fier fuortsakke yn in dream fan morfine - it begjin fan de ein.
Klaske Hiemstra hat mei dizze roman in werkenber byld skepen. En op in prachtige wize beskreaun. Se hat har djip ynlibbe yn de sitewaasje fan in dochter dy't eins nea in kontakt hie mei de mem en dy't hopet, wanhopich hopet dat it op de ein allegear noch goed komme sil.
Nee dus.
Opfallend fûn ik de struktuer fan de roman. Elk haadstik wurdt ynlaat troch in soarte fan alwittende ferteller, dy't de grutte lijnen fan it folgjende haadstik oanjout. Se/hij nimt oan de ein ouskie en lit ús as lêzers achter mei in Dútstalich gedicht.
Apart.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
Prospero ★★☆☆☆ Nyk de Vries — Friese Pers Boekerij, Ljouwert - 2006
Ik lies de ourûne dagen it earstferskynde diel fan de 'Fryske Modernen' en ik fûn der neat oan.
It giet oer in mislearre muzikant dy't in nij doel yn syn libben siket. Ferkearing út, hast tritich, wat moat ik no? - en sa. Hy stoart him yn in bûtelâns projekt: baggerje yn Spanje, yn 'e bergen krekt boppe Madrid. Op himsels al gjin téma dat himelbestoarmjend is (in hoart yn in oare wrâld, tusken oare minsken, faaks 'fyn ik mysels werom'), mar wat de auteur der fan makket is teloarstellend. It boekje telt 159 siden en oan side 120 ta hie ik de yndruk dat ik it ferslach lies fan in skoallereiske - sa plat as in ferslach fan sa'n reis mar wêze kin. As it baggerprojekt stopset wurdt en de haadpersoan sels in inisjatyf nimme moat, bart der wat. Dy haadpersoan komt ta libben, is ynienen mear as in taskôger, in skôger - hy leart himsels kennen. In bytsje mear.
Ik haw it oer de roman 'Prospero'. Fan Nyk de Vries.
Fansels gean ik yn in roman op syk nei fertellagen. Wat sit der ûnder de earste fertellaach? Moat ik mear lêze as wat ik lês? Ik haw wier myn bêst dien en sjoch yn de observaasjes fan Marco - (de mislearre muzikant, de haadfiguur, de -ik) mear as ik lês. My woe dat net slagje. Hy is der yn dat kamp by de baggerij, hy docht foar in part mei - hy observearret sûnder dat it mear is as observearjen. Marca bliuwt plat. Sa'n 120 siden lang.
De lêste 40 siden - jo moatte it mar lêze - bart der it ien en oar. En op 't lêst is der wat mei Wikje. De hurde wurkster fan 't begjin.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
JELMER EN IT GROTTEMYSTEARJE ★★★☆☆ Itty Sluis — Afûk, Ljouwert - 2005
Itty Sluis hat it mear as besocht: skriuw in hjoedtiids jongereinboek dat grutte kloften pubers oansprekt. In boek mei faart, fol wylde aventoeren, modern en seker net te bernachtich.
Om mei dat bernachtige te begjinnen: illustratrise Carla van der Heijde hat net krekt witten om hokfoar ferhaal it gie. De tekeningen litte liifkes fan basisskoallebern sjen (groep 6, tink), wylst Jelmer en syn maat Keesjan op syn minst in jier as 14 binne. Mar dat kinne je Itty Sluis fansels net kweou nimme. Flater fan de útjouwer.
Mar fierder is der neat bernachtichs oan dit boek.
Jelmer kampeart mei syn famylje oan de Atlantise kust op de grins fan Frankryk en Spanje. De rotsen foar dy kust yntrigearje him, benammen omt er dêr apart beweech fernimt. Mei syn wat skiterige maat Keesjan giet er op ûndersyk út. En dan bart der fan alles. Der fleant in kroech yn 'e brân, in auto giet yn flammen op; der is sprake fan geheimaginten dy't 'undercover' operearje, smokkel. Jelmer sjit sels mei in ûzi, hy fart mei op in marineskip, fleant yn in helikopter. No ja, oan aventoeren ûntbrekt it net yn dit boek.
En der wurdt omraken sms't en mobyl belle. Modern!
Itty Sluis hat it mear as besocht en skriuw in modern jongereinboek. En dat is har slagge. 'Jelmer en it grottemystearje' lêst as in tierelier. Hoewol't ik as lêzer wolris de yndruk hie dat it soms in bytsje 'overdone' wie.
Mar ik hear ek net daalk ta de doelgroep fansels.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
IT FEEST ★★★★☆ Tr.Riemersma (bewurker) — Utjouwerij Venus, Frjentsjer 2005
Doe't ik de film 'Festen' seach, wie'k ûnder de yndruk. In famylje-iterij omt de heit sechstich jier wurdt. In iterij yn in hotel. In protte gasten, famylje. Op in stuit hâldt de âldste soan in taspraak wêryn't de heit (en dus ek de oaren) konfrontearre wurdt mei in pynlik famyljegeheim. De feestsfear wurdt oars en geandewei rint de boel fiks út 'e hân.
Prachtige film nei in skript fan Thomas Vinterberg en Mogens Rukov.
Letter is op basis fan dat skript in tenielstik makke.
Tr.Riemersma wie fan doel dêr in Fryske oersetting fan te meitsjen. Wat net slagge. Hy seach yn dat tenielstik te min teatrale mooglikheden.
Doe betocht er in eigen opset. De sênes fan it stik rinne parallel mei wat op fideoskermen toand wurdt. Sa kriget de taskôger mear ynformaasje as wat op it teniel delset wurdt. Jo sjogge de spylders op in skerm, wylst se efkes letter libbensliif op it teniel stean. Mei oare wurden: de taskôger hat de mooglikheid tagelyk twa lokaasjes te folgjen.
Wurket - tink - hiel apart.
Mar ik lies allinne Riemersma syn (knappe) tekst. Dêrom soe'k it skitterend fine as dit ekspearimint (op papier) in echte útfiering waard. Foar Tryater soe dit in prachtige útdaging wêze kinne. Kombinaasje fan film en teniel.
Ynearsten is allinne Riemersma syn tekst beskikber. Utjouwerij Venus makke der in hânsum boekje fan.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
TOCH NOG WINTER... ★★★★☆ Ferskate auteurs/fotografen — Friese Pers Boekerij - 2005
Begjin maart waard it dan dochs noch efkes in winter.
In dei as wat 'echte' snie, temperatueren dy't ekstreem fier ûnder nul wiene. Wy wiene ynienen yn 'e war. Wat is dit?
Fansels ha ik kuiere en om my hinne sjoen. En harke nei Omrop Fryslân dêr't besocht waard it sfearke fan febrewaris '79 te imitearen.
Ik ha my like kostlik fermakke as hast elkenien.
De Friese Pers Boekerij spile hjir fansels handich op yn! In wike as wat nei dy winterdagen ferskynde it boekje 'Toch nog winter...'. In boekje op A4-formaat. En 64 siden fol foto's fan LC-fotografen en fan lêzers fan dyselde krante. Digitale fotografy, it seit wat hjoeddedei...
Yn 't earstoan tocht ik oan goedkeap kommersjeel sukses, mar no't ik dat boekje besjoen haw (en nochris besjoen) is myn oardiel hartstikke posityf. In kostlike searje foto's oer in pear dagen winter, oer in provinsje dy't efkes oerstjoer rekke.
Begjin maart 2005. Echte winter. Rekords!
In wike as wat letter wie't suver maitiid. Oer oardel moanne sitte wy yn 'e sinne en freegje wy ús ou: is it wier bard?
"Toch nog winter..." is dus in dokumint fan wearde.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
IT SKAAD FAN DE DRAAK ★★★☆☆ Henk de Haan — Friese Pers Boekerij, ljouwert - 2004
Ek nei it lêzen fan de roman "It skaad fan de draak" sil nimmen Henk de Haan in skriuwtalint ûntstride. De beide eardere romans wiene al bewizen. Flot lêsber. Sa mar út.
De Haan hat wol in aparte ritmyk yn syn romanskriuwen. Saken dy't der eins ta dogge, wurde oersljochte - minder wichtige saken krije rom omtinken. My foel dat earder op, yn dizze roman werken ik dat wer.
En dan de taal. Yn dizze roman kaam ik gjin wurd tsjin dat orizjineel wie. Gjin sin dy't my tinken die oan literatuer. Pubertaal? No - ek wer net. Mar De Haan skriuwt wol in proaza dat pubers begripe.
It ferhaal.
Ik sil dat hjir net fertelle. Mar lêzers dy't der nocht oan hawwe en folgje televyzjeprogramma's as "Spoorloos" sille gâns yn dit boek werkenne. Vietnam en Nederlân, mei Drachten as middelpunt. Soks. En mear.
Mar wa is no eins de haadfiguer yn dit boek?
De wichtichste fraach - nee: it wichtichste wurd dat nei it lêzen fan De Haan syn boek by my hingjen bleau, wie:
tafal
. Hoe faak kin in skriuwer tafal brûke om de plot fan syn ferhaal slutend te krijen? Wat De Haan oanbelanget - faak!
Mar sa'k skreau: dit boek hie'k yn in oermannich út. Sa flot is it skreaun.
En oan de ein sit de hiele famylje gesellich om de tafel om alle ferrassings te konsumearjen.
(Noch dit: Vietnamees of Fietnamees. Foer foar de korrektor).
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
BEST MINSKE-ITEN ★★☆☆☆ Ids Willemsma — Utjouwerij Venus - 2004
Ik haw myn wertinkens noch oan de stikjes dy't byldzjend keunstner Ids Willemsma yn de tachtiger, njoggentiger jierren (fan de foarige ieu - jo moatte soks der by sette, hjoeddeis) skreau foar tydskriften as 'De Strikel' en 'Frysk en Frij'.
Doe tocht ik: in âldizerkeunstner moat swier ite - dat in soad fet ta him nimme. Net myn pakky-an. Lit dus mar.
Hjoed lies ik dy teksten wer. Yn it boekje (85 siden) "Bêst minske-iten". Fan Ids Willemsma dus. En ik fernaam dat in soad fet ferfongen waard troch becel-oalje of golesterol-earm bakfet. It skeelt dus in soad as jo ferfarre fan de boppesteklaai nei Easterwierrum.
In aardich boekje wol, dizze útjefte. Moaie ferhalen fan in Fries dy't graach de ultime Fries wêze wol. Dat hy yt by foarkar earpels mei de namme 'Fryslanners' en syn moaiste bestek hat as typenamme 'Friesland'.
Tusken de oars wol nijsgjirrige ferhaaltsjes (mar wol faak fan itselde) komme wy resepten tsjin. Faak resepten dy't ik (oars betûft, mar seker entûsjast itensierder) sels net daalk meitsje sil. Ik beskik net samar oer in bok of in geit; in do of in hazze lizze ek net elke dei op myn paad, likemin as de einen dêr't Willemsma wiidweidich mei oan 'e slach giet.
Ik tink, jo moatte dit boekje benammen lêze as in soarte fan wrâldfrjemde ferdivedaasje. En dat kin ek wol aardich wêze.
De tekeningen fûn ik moai.
«
Werom nei list mei resinsjes |  |  |
SYKJEND NEI IT LESTE HUS ★★★★☆ Durk van der Ploeg — Friese Pers Boekerij, Ljouwert
Jo kinne yn grutte halen it ferhaal sa fertelle.
In fiifjierrige wees wurdt opnommen yn it gesin fan famylje. Noait sil er him dêr thúsfiele. Hy bliuwt in bûtensteander, in ynkringer. Net wolkom yn alle gefallen. Allinne de nicht Aukje jout op in stuit treast en faaks ek hope. Foar har skriuwt er gedichten. As er de jierren hat emigrearret er nei Kanada. Dêr bliuwt er sa'n fyftich jier. Reizgjend: houthakker, mynwurker, út en troch in frou.
As er werom reizget nei Dokkum - de basis fan syn earste bestean - freget er him ou wat er dêr eins te sykjen hat. Siket er wat? Hy nimt syn yntrek yn in hotel, makket duorjend oantekeningen oer syn ferline (Kanada, Alaska, syn jonge jierren) en giet út en troch op paad. Hy moetet in frou dy't eartiids as famke by him yn 'e klasse sitten hat. Dizze frou hat him kennen as in dichter. Hy is nea út har ûnthâld west. Hy herinneret har net.
De frou stelt him foar by har yn 'e hûs te kommen. Wat de oare deis bart.
Yn de wintertiid reizgje se tegearre nei Skylge, wenje yn in simmerhúske, groeie - âlde minsken - nei elkoar ta.
Yn wêzen in goede opset fan in roman. Mar wat dizze roman foar my lykwols efkes úttilt boppe in 'gewoan goed' ferhaal, is de skriuwstyl fan de auteur. Van der Ploeg lit de bylden dy't er opropt op in fassinearjende wize oer elkoar hinne tûmelje, yn elkoar skowe - paad meitsje foar wer oare bylden. Doe en no lykje net te skieden. Wertinkens wurde oant yn de fine puntsjes opskreaun. En soks yn in taal dy't wat âldfrinzich oandocht, mar dat seker net is. De taal bewiist in perfekte behearsking fan it Frysk. Om jaloers op te wêzen.
It iennichste wat my steurde yn de roman, wie de hookstrookse kar foar Lize - fan de iene dei op de oare giet Hesling mei har (foar him dochs in folslein frjemde frou) nei har hûs. Dêr't er dan ek bliuwt. Faaks dat it syn aard is, omt er sa yn it hege noarden fan Amearika ek sa libbe. Yntuytyf.
"Sykjend nei it lêste hûs" is yn myn eagen wer in yndrukwekkende roman. Van der Ploeg kin him de wrâld fan oaren eigen meitsje en dêr prachtich oer skriuwe!
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
Martha ★★★★☆ Kees Visscher — Uitgeverij Noordboek, Grins
It is mar sa'n boekje (112 siden) en jo lêze it yn in pear oeren út - mar dat seit fansels neat oer de wurdearring. Fan in lêzer, fan my. Dy wurdearring is grut. Yn al syn ienfâld is it in yndrukwekkend epos, dat útroert, lilk makket - jo ta tinken set.
"Martha" fan Kees Visscher is it ferhaal fan in jonge (lêste klasse basisskoalle) dy't in waarm gefoel krijt as er nei syn klassegenoate sjocht. Martha, in famke út in joads gesin. Dat lêste is relevant: de twadde wrâldoarloch begjint ek yn Nederlân en yn dat Grinzer doarp - earne oan de spoarline Grins-Winschoten - wurde joaden troch grutte parten fan de bewenners mei de rêch oansjoen. Ek troch de bern: Martha wurdt faak útsletten by spultsjes. Geandewei de oarlochsjierren fernimme jo in ferdjipping fan de freonskip c.q. ferealens tusken de beide bern. Visscher beskriuwt dat op in prachtige wize. Gjin wurd tefolle - suver, sis mar. Martha, lykwols, hat wol yn 'e gaten wat har en har famylje boppe de holle hinget, de jonge kin dat noch net befetsje. De giele joadestjer op Martha har klean sjocht er as in blom, skitterjend yn de sinne.
De beide lêste haadstikken binne moai fan toan en ynhâld. Ik sil dêr neat oer sizze. Mar mei ús kennis fan no begripe wy it ûnbegrip fan in jonge, yn 1943, as er oerdei de feetreinen riden sjocht. Dei yn dei út.
Kees Visscher skreau dit ferhaal oarspronklik yn it Grinzers, as fuljeton. De Nederlânse oersetting is in útwreiding. Mar oan alles fernimme jo dat dit in echt Grinzers ferhaal is. De Grinzer sitaten fungearje net allinne mar as 'couleur locale', se foegje ta oan dit yndrukwekkende, poëtise ferhaal.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
SUSTER ★★★★☆ Margryt Poortstra — Utjouwerij Frysk en Frij - Ljouwert
Jo oerbeppe is hast hûndert jier, hartstikke hecht en har ûnthâld is boppedat ek noch dat fan in folle jongere frou. As dy oerbeppe fertelt oer har wurk as ferpleechster-yn-oplieding op Veldwijk, dat ferneamde kristlike ynstitút foar heale en hiele gekken yn Ermelo, dan sjogge jo oerbeppesizzer mei in sjoernalistike achtergrûn in ferhaal. Watsei? In boek! Seker as bliken docht dat oerbeppe op Veldwijk Willemyn van Gogh ferpleegde. De suster fan de ferneamde skilder.
Der wurdt praat. Der wurdt reizge. En it is benammen oerbeppe dy t fertelt. Oer Veldwijk dus, mar ek oer har jongerein, oer har broer, oer har leafdes. Boppedat krijt de lêzer in aardich kykje yn de wrâld fan Theo en Vincent doe t suster Willemyn noch sûn wie. Knap!
Beppesizzer tefreden, mar ek de lêzer. Want Margryt Poortstra skreau mei Susterin ûnderhâldende en ouwikseljende roman. Yn in krêftige taal.
As man haw ik my suver net ferfeeld by de tekst.
Ik skriuw bewust as man, want de boeken fan Poortstra hawwe in froulik perspektyf, om it sa mar ris te sizzen. Ik fielde my wolris ferdwaald yn har eardere boeken. Ferdwaald yn in wrâld fan in frou.
Suster bewiist de ferbyldingskrêft fan Poortstra en jout op e nij oan dat se ien fan Fryslâns knapste auteurs is.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
OAR PLAK OARE TIID ★★★☆☆ Jetske Bilker — Bornmeer, Ljouwert (2004)
Nimmen kin ûntstride dat Jetske Bilker skriuwe kin. Twa bewizen stean yn myn boekekast. In roman en in ferhalebondel.
Dêrby komt it boekewikegeskink: "Oar plak oare tiid".
In novelle oer in jonge frou mei man en in soantsje. Se docht it húshâlden (de man tilt jûns it lid fan de pannen op om te sjen wat se dy deis sean hat). Dêr njonken is se 'part-time' túnarsjitekte. Der falt in stien yn har fiver as se hookstrooks fereale wurdt en har yn in bûtenechtlik leafdesaventoer stoart. Dan moat der ynienen noch mear regele wurde. Want sa'n relaasje moat geheim bliuwe fansels.
Dat wurdt allegear flot beskreaun. Jo lêze mar troch. En jo lêze mar troch. Sa'n hûndert siden (fan de 126) lang.
Dan wurde de memmegefoelens wreed wekker skodde.
En even letter is 't boekje út.
Jetske Bilker hat in ferhaal skreaun dat (tink ik) gâns minsken oansprekke sil. Der stiet wat der stiet. Mar wêr 't it echt om giet (de ferhâlding Swaantsje-Durk) wurdt net beskreaun.
Of soe dat (hoe modern) "iepen ein" hjitte?
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
Marije ★★★☆☆ Henk de Haan — Friese Pers Boekerij - 2003
"Oarloch en leafde yn 'e Spaanske tiid" is de ûndertitel fan de nije (twadde) roman fan Henk de Haan. In flagge dêr 't de ynhâld fan dizze roman yndied ûnder bedutsen wurdt. De Spanjoalen slaan om 1580 hinne ek yn grutte parten fan Fryslân foar master op. Hja wurde befochten troch in leger dêr 't Koene (de haadpersoan fan 'Marije') by tsjinnet. As er slim ferwûne nei it doarp Skuregea brocht wurdt en nei in skoftsje wer in bytsje om him hinne sjen kin, rekket er op slach yn 'e besnijing fan twa lokale froulju dy 't wol wat yn de kreaze jongfeint sjogge. Ek mei de leafde sit it dus wol goed.
Der is in tredde ferhaallijn.Koene moat yn opdracht fan de doarpsmienskip op syk nei in ferdwûn Mariabyld. As in echte speurder giet er oan 't wurk. Wylst er wilens en noch as in soarte fan spion foar syn leger opperearret.
In histoarise roman dus, in leafdesroman én in speurdersferhaal. De Haan wit wol hoe 't er de lêzers oan him bine moat.
It is in hiel aardige, flot skreaune roman wurden. Henk de Haan bekroadet him net daalk om psychologise ferdjipping (syn persoanaazjes bliuwe sa plat as in dûbeltsje), mar hy kin wol in ferhaal fertelle. En hiel aardich: nergens fersûpt de skriuwer yn wiidweidige beskriuwings. Der stiet sljochtwei wat der stiet. Sels it ophingjen fan twa 'foute' soldaten wurdt eins yn ien sin delset. As ien fan dy beide froulju Koene ta in fikse frijpartij ferliedt, stiet der allinne mar dat sy him yn 't hea lûkt en boppe op him springt. Ik mei sokke skriuwerij wol.
Jo kinne jo al oufreegje wêrom 't dizze roman net by de KFFB ferskynd is. It is ommers sa'n typise folksroman mei in fikse, kristlike saus der oer dêr 't Dick Eisma c.s. algeduerigen nei op syk binne.
Ta beslút. Is Henk de Haan in nije Rink van der Velde? Ut en troch is te fernimmen dat er net alhiel ûnbekend is mei Rink syn skriuwstyl, mar neffens my hat De Haan benammen in eigen lûd.
Dat dat sa bliuwe mei.
«
Werom nei thússide
Lês
mear mieningen » |  |  |
De gouden teeman ★★★★☆ Sikke Doele — ferhalen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert - 172 siden
De man 'fan de byldzjende keunst yn de LC' publisearre yn 1977 de dichtbondel 'It swiet geniet'. Dat er folle mear kin as dichtsje en skriuwe oer keunst, bewiist er mei dizze - nei myn betinken - skitterende ferhalebondel. It binne ferhalen oer in jonge dy 't opgroeit yn it Ljouwert fan de fyftiger, sechstiger jierren en fernimt dat der bûten syn stêd ek noch in wrâld is. Moai skreaun, fol mei ûnferwachte humor, wylst alderlei foar de lêzer tige werkenbere saken en persoanen foarby komme.Jo hoege boppedat net in Ljouwerter te wêzen om dizze ferhalen te wurdearjen. Doele bewiist mei dit boek dat ek yn de Fryske literatuer in ferrassing noch altyd mooglik is. My soe it net ferbaze dat dizze ferhalebondel heech skoart by in sjuery dy 't aansen de saneamde 'debutantepriis' (Fedde Schurerpriis) útrikke mei. Foar my in boppeslach, dit boek! |  |
|
 |
|
|
 |