 |
 |
 |
|
|
|
IK LIES SE AL...
8 maart 2005
Soms ha jo it gefoel dat jo efkes fierder binne as de oaren dy't ús wrâld befolkje. Dat jo foar de 'kloft' útrinne. Dat jo eins befoarrjochte binne.
Dat gefoel hie ik juster.
It stelt allegear neat foar, mar ik haw dochs efkes oanstriid en skriuw it op.
Ik wie justermidzje yn in boekhannel, kocht in boek, snipte fan in tafel it boekewikegeskink fan Jan Wolkers mei en ek it boekewike-essee fan Henk fan Os. Breed glimkjend stie ik foar de ferkeapster. Ik hie myn dingen dien.
'Dat kin noch net', sei de juffer.
Ik beseach har mei oplutsen wynbrauwen.
En ik krige in ferhaal oer de Boekewike dy't net earder as wensdje úteinsette. Wolkers en Van Os net earder te besetten as wensdje.
'Okee', sei'k. "Ik bin yn 'e war. Wensdje helje ik dizze boeken wol op. Gjin probleem".
Ik fernaam hymjen achter my.
'Ach Boomsma, gjin probleem. Nimme jo dit pakketsje mar mei. Jo prate der fierder net oer wol?'
De eigneresse fan de boekhannel.
Troch har wie ik werkend as Joop Boomsma, grut skriuwer en dichter, noch grutter deiboekskriuwer, pylder fan de Fryske kultuer. En yn har winkel!
Wat ik eins sizze woe: moarn begjin de Boekenweek en fan moarn ou krijt elk dy't boeken keapet it 'geskink'' der op ta. It essee fan Van Os kostet in euroryksdaalder.
Moarn begjin elk te lęzen.
En ik ferklearje: ik haw de boekjes al lęzen. As dielnimmer oan in ferskuorrend lytse minderheid yn 'e wrâld.
Grutsk!!
Bysűnder!!
Achot.... wat in nonberjocht. Ik lykje wol in web-logskriuwer...
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
DE KOP EFKES FOL
27 febrewaris 2005
Jo ha fan dy dagen dat de kop jo fol sit mei teksten, bylden en tinzen.
Sa slim dat jo fan alles oanpakke wolle, mar nergens ta komme.
Letterlik nergens.
Eins soe'k skriuwe wolle oer de útstalling fan skilder Leon Adriaans yn Museum Belvédčre op 't Oranjewâld. Gjin űndergrűn te gek!
Of oer de roman 'Eilândochters' fan Wilco Berga - sa űnfoarstelber goed skreaun, sa spannend en tagelyk sa byldzjend! Better wurde romans yn Fryslân komselden publisearre.
Oer it gemaal by Eazumasyl, dęr't Durk van der Ploeg (yn izige kjeld) syn nije roman "De Iishiiligen" presintearre.
Oer it sympoasium op 4 maart hie'k skriuwe wollen. Yn de Ljouwerter Harmonie. In sympoasium oer de tiid fan Quatrebras. Ik moat myn tekst noch skriuwe.
Oer museum De Pont yn Tilburg.
Oer de winter.
Eins oer alles wat my yn 'e kop om wynderet.
No efkes net.
Earst de kop leech. Ręst.
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
BOEKE-, SKRIUWERSFEEST
20 febrewaris 2005
Eins hie'k der net sa folle nocht oan en gean nei it "Frysk boekefeest", justerjűn yn Post Plaza yn Ljouwert. Mar ik wie der dochs en ik moat sizze: ik haw my skoan fermakke.
Yn in - nei myn betinken - űntspannen sfear waarden wy suver troch it hiele gebou laat en űnderweis kamen wy yn űnderskate sealtsjes telâne dęr't kulturele stikjes opfierd waarden. Sa harken wy (ús groep - ik hie in giel kaartsje) earst nei Gerrit Breteler dy't ferskes song. De jonge hat in moaie stim. Dat jildt trouwens ek foar Hein Jaap Hilarides, Arjan Hut en Matty de Vries dy't earne oars fersen foardroegen. Ik fyn de stim wichtich as ik nei poëzij harkje. Dy hâldt jo better by de tekst. It lęste part fan de rűnlieding brocht ús yn in seal fol telefoantastellen dęr't Ytsje Hettinga moai gebrűk fan makke yn har monolooch, troch Piter Boersma skreaun op basis fan it boekewikegeskink fan Steven de Jong.
Moai program sa mei-elkoar.
Post Plaza is in prachtige lokaasje foar soks.
En doe koene de oanwęzigen "frij boartsje".
Wat foar in grut part fan harren betsjutte dat se op hűs oangongen.
In oar part bestoarme de taap.
Wer oaren fűnen de dűnsflier.
En de rest - de smokers - krűpte by elkoar yn in lyts haltsje mei in jiskebak.
En sa makke elk it foar him- of harsels in bytsje gesellich.
Der waard omraken praat fansels. Alde kontakten waarden oanhelle, nije kontakten makke. Mar in echt skriuwersfeest waard it net. Hat faaks ek net de bedoeling west. It wie in noflike jűn, mar nergens yn de seal wie wat te fernimmen fan in oanklaaing dy't op in soarte fan boekebal wiisde. It hie foar itselde jild in noflike byienkomst fan slachters węze kinnen. Of fan skoalmasters...
Dochs. In goed organisearre jűn.
Frjemd. Der rűn hyltyd in lyts mantsje achter my oan. Doe't ik bier helle, munten kocht, in praatsje makke, wat om my hinne seach, in sigaarke smookte. Doe't ik him in kear freonlik groete, grommele er wat. Frjemd. Wa't dat wie?
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
GJIN SKűLNAMME
12 febrewaris 2005
It wie myn doel eins net en skriuw daalk wer in stikje, mar űnder it motto "it binne de freonen dy't jo de wierheid fertelle" efkes in reaksje op it stikje fan juster.
Tsien e-mails, twa telefoantsjes 'live', ien voice-mail.
Gjin skűlnamme.
Fiif kear waard my ferteld dat ik in ferkearde kar dien haw: Fryslân boppe, gjin gearwurking mei Grins(lân) en Drinte. "Hoe komst der by, grutte sek! Wat moatte do en ik no mei Grinzers en Drinten!"
De oare reaksjes wiene saaklik fan toan. Arguminten. Dat gearwurking fan de trije noardlike provinsjes eins allinne mar foardielen opsmyt. "Gruttere deesintralisaasje, mear baas op eigen hiem".
Oer de Fryske taal en literatuer: gjin wurd.
Dat it rędt him úteinlik allegear wol. Fiergeande gearwurking mar kom net oan de essinsje fan ús provinsje...
In aparte reaksje op myn stikje fan juster. Immen hie in flater yn myn tekst űntdutsen!!!!!!! Ik hie ynstee fan Grinslân Grins skreaun. Domdomdom en sa. Skriklik!
Docht my tinken oan dy kristlike mienskip yn Dokkum dy't sân kear in 'slim, want űnkristlik' wurd lęst yn in stripboek mar it ferhaal oan him foarby gean lit.
Se bestean. Ek yn de Fryske skriuwerij. Dus.
|
 |
 |
|
 |
 |
 |
|
|
|
It noarden - ien!
10 febrewaris 2005
In kommisje fan de Partij van de Arbeid ornearre der soene - ynstee fan dy tolve provinsjes - fjouwer lânsdielen komme moatte. Fjouwer regio's mei eigen bestjoer en ferantwurdlikheid.
Fryslân wurdt uteraard keppele oan de Provinsjes Grinslân en Drinte.
Trije noardlike provinsjes, aansen ien lânsdiel.
Tsja, neat op tsjin fansels. Minder ambtners, koartere linen nei Den Haag, ien striid foar it noarden.
Prima.
Mar, hear ik om my hinne grommeljen:
Wat bliuwt der dan oer fan US PROVINSJE, US HILLIGE FRYSLâN?
* de Fryske taal
*de Fryske kultuer
* it Fryske űnderwiis
* it Frysk eigene
* de Fryske skriuwerij
* it skűtsjesilen
* it keatsen
* eeeehhhh...
Aansen binne der gjin Fryske Steaten mear dy 't dy't ús kultuer hoedzje en noedzje...
Achot, tink ik dan - hawwe wy sokke Steaten? Fryske Provinsjale Steaten dy't mei in rjochte ręch de Fryske literatuer, kultuer, taal, ensfh. stypje?
Kin it yn dy lânsdielen minder wurde as it wie?
Fryslân wurdt in merkartikel. Lykas Groningen en Drente.
Lit âlde sintiminten farre.
De Fryske taal bliuwt bestean. Ek in Fryske literatuer.
En fierder... folkloare. Altyd goed foar it toerisme!
|
 |
|
|