deiboek 2003 / 2004  
31 desimber 2004
It is wat in iepen doar, by dy ellinde yn Súdeast Azië - mar dochs:

FOAR ELK DY'T DIT LêST

IN BETTER 2005!
28 desimber 2004
NIJE RUBRYK OP DIT PLAK

Gjin deiboek mear, dat is sa stadichoan wol dúdlik.
Wat oars dus.
In nije rubryk. Oer in dei as wat. Faaks duorret it wat langer.
Earst sil der wat oan de ...eh... lay out feroare wurde.
18 desimber 2004
Ik ha der werklik lang oer neitocht - mar myn beslút haw ik nommen.
Dit is it lêste deiboekstikje dat ik skriuw.
Sûnt jannewaris 2001 haw ik suver elke dei in deiboeknotysje makke. No is it oer.
Ik ha der gewoan gjin nocht mear oan.
Ik wit dat dit in ferfelend klapke is foar al dy minsken dy't elke dei efkes op myn side seagen. Dy lju sille myn eamelerij misse moatte. It spyt my. It is net oars. Ik mis jim ek. Der sil in djippe leechte falle. Yn myn bestean.
Ik sil in moai skoft oukikke moatte.

Foar erchtinkende of bliertinkende lju: myn beslút hat neat mei paranoïde dichters te krijen. Dy lju hawwe it slim genôch.
It is wier myn eigen beslút.

Myn thússide bliuwt fansels. Aktueel en Miening.

IK GROETSJE JIMME, LEAVE BESIKERS!!
17 desimber 2004
Juster hie'k it oer de humorleaze tastân dy't de Fryske skriuwerij oer 't generaal is. Alteast nei myn betinken.
Selden haw ik safolle reaksje hân.
En it bysûndere wie: suver elk wie't mei my iens. No, dat haw ik wolris oars meimakke!
Fansels krige ik de suggesje dat en dat boek ris te lêzen (de roman fan Steven Sterk bygelyks), dat ferhaal of dat fers. Ferskate lju stjoerden my in in 'mop' ta. Om de moed der yn te hâlden, waard der meast by sein.
Mar it algemiene gefoel wie: Fryske skriuwers binne te searieus of hawwe gjin gefoel foar humor.
Om de 'moppen' moast ik wol gnize. Mar in 'mop' neifertelle is hiel wat oars as sels in mop betinke. Dat freget kreativiteit. Dat freget nei alle gedachten in aparte geast.
Itselde jildt foar in humoristise tekst: in fers, in ferhaal, in roman. Anne Koopmans hat in pear poerbêste ferhalen skreaun dy't absurdistys en humoristys binne. Rink van der Velde en Trinus Riemersma kinne (koene) der ek hiel komyk bykomme. Fan earder tiid: Geart Jonkman en Jo Smit. En fansels de measte saneamde 'folksdichters'.
Mar hjoeddedei?
Ik sil dochs mar ris te set mei de roman fan Steven Sterk.
16 desimber 2004
In dei as wat lyn wie'k noch fan doel en gean nei de útrikking fan de Gouden Lykdoarnen. Ik sil der spitigernôch (foar mysels) net by wêze. Der kaam wat oars op myn paad, dat my wichtiger like.
Oars in aardich ûndernimmen fan de redaksje foar Doar.nl.
Wol haw ik mei ferbazing sjoen nei de nominaasjes - wat willekeurich, liket my - mar sa'n priisfraach-mei-in-knypeach sprekt my wol oan. Benammen omt it gewoanwei sa'n drege en humorleaze tastân is yn de Fryske skriuwerij. It bart ommers mar selden dat der wat te gnizen is. Dêr't jo wier om laitsje kinne.
Sels yn de deiboekskriuwerij op it internet is it meast in kwesje fan swiere klaai en sompich sân.
Hoe't dan kin?
Ik tink dat Fryske skriuwers oer't generaal net echt seinige binne mei in goed gefoel foar humor. Teminsten yn it skreaune fernim ik dêr komselden mar wat fan.
Ik bedoel dus: wannear ferskynt de earste bondel mei ûnsin-poëzij?
Komt der wer ris in roman of in ferhalebondel dêr't jo by it lêzen gewoan klearebare wille ha?
It is werklik in searieus spultsje. Nimme Fryske auteurs harsels te searieus?
As ik oan mysels tink: ja. Faak wol. Te faak.
Mar hawar, de Lykdoarnen.
Dochs in bewiis fan in knypeach yn de Fryske skriuwerij. Efkes relativearje.
Ik hoopje dat it in moaie jûn wurdt. En dat de minsken dy't bekroand wurde doch efkes in ûngemaklik gefoel bekrûpt. En har net allinne mar goed fiele omt se efkes yn 'e belangstelling stean.
Ouwachtsje dus.

Ho! Korreksje!! Ik wie niis (23.38 oere) op de side mei it deiboek fan Cornelis van der Wal. Withoefaak neamt er myn namme, yn ferskate bydragen, en dêr set er dan in link ûnder. Noait op klikt. Jûn dus al (op in tekst fan in dei as wat lyn). En wat sjogge jo: humor à la Cor! Ik ha my wier de bûsen útskuord...
Ik ken oare pubers dy't it better dogge.
15 desimber 2004
"Sjoch, ik wol noch ien ding sizze, en dan haw ik hielendal gjin stive kop, dan relativearje ik ôfgryslik. Douwe Kiestra, fout west yn de oarloch, mar it wie sa'n keardel! (tûme omheech). Hwant doe't er nei Utert ta reizge om de eed op de Führer ôf to lizzen en doe't bliken die dat er dy foar Mussert ôflizze moast, doe sei er: 'Foar dy snotnoas? Dan gean ik wer nei hûs ta!' Dy hat net ien fan de ûnderdûkers ea forret"
Ik moast fan 'e midzje oan dit sitaat tinke (út in interview mei Fokke Sierksma, dat publisearre is yn myn 'Peteareboek' - Ljouwert 1976). Dat wie doe't ik troch it nije nûmer fan it literêre tydskrift Hjir fytste. In folslein nûmer oer Douwe Kiestra.
It sil der meikoarten yn lêze, yn dizze Hjir.
Want sa op it each: moaie artikels.

Efkes foar de jûnge hûnen ûnder myn lêzers - lju fan 20 of krekt wat âlder (Cornelis van der Wal, Abe de Vries, Henk van der Veer, Geertruida van Assen, Johan Veenstra... dy âldens) - Fokke Sierksma waard yn (en benammen nei) de twadde wrâldoarloch in held neamd omt er echt yn't ferset siet.
En nei dy oarloch wol efkes mear.
14 desimber 2004
Hjoed waard op myn wurk efkes praat oer dat dictee fan juster. Guon hiene meidien, oaren hiene it allinne mar konsumearre. My waard fansels frege oft ik ek meidien haw en wat myn skoare wie.
Skruten mar earlik neamde ik it tal fouten dat ik makke hie.
Ta myn ferbjustering krige ik kompleminten.
No ja, tocht ik - in spultsje fan in lân fol blinen en immen mei ien each. Op dit stik fan stavering.

My waard ek frege of ik al sollisitearre hie nei de funksje fan Ljouwerter stêdsdichter. En doe hiene wy in skoft grutte wille! Stêdsdichter! Ik krige de yndruk dat nimmen dit in searieuze saak fûn. En wy besletten mei-elkoar dat it jild, dat foar dizze funksje beskikber komt, bestege wurde moat yn de poëzijrûte dy't sa prachtich troch Ljouwert rint. Mear fan dy grutte tegels. En folle mear Fryske teksten.
En doe hearden wy al wer it lûd dat ús - Pavlovhûntsjes - de kant fan it leslokaal út dreau. Oan't wurk! Tiid foar echt searieuze saken!
13 desimber 2004
Lykas elk jier die ik ek jûn (thús, op 'e bank) mei oan 'Het groot Dictee der Nederlandse taal'. En lykas elk jier hie'k ek jûn it smoar wer yn!
Sa op it ear in net al te yngewikkelde tekst, dat doe't ik de lêste punt sette, hie'k in goed gefoel. Fan't jier wie it my slagge en skoar in topprestaasje. Wist ik.
Nee dus.
Dy 16 fouten wiene mear as ik ferwachte hie.
Ik bedoel: jo binne learaar Nederlâns of jo binne it net! Ik lês in soad, bin ek op oare wizen dwaande mei de Nederlânse taal - en dochs 16 fout!
Okee, minder as it gemiddelde fan dy lju yn de televyzjeseal. Mar dêr hearsket in spanning. Ik siet rêstich yn ús wenkeamer, fan spanning gjin sprake.
Hawar. Takomme jier in nije kâns...
12 desimber 2004
Dan dochs mar ris in berjochtsje út myn mailboks hjoed. Ferstjoerd hjoed troch Cornelis van der Wal, kollega-deiboekskriuwer:

Lekker hin, dat kontkrûpen?

Ut in oar har deiboek
10 desimber 2004
(Selden wie ik it sa iens mei in stik út in deiboek as mei ûndersteande notysje. Miranda Mei skriuwt faker opfallende stikjes. Ik skreau har in e-mail. Har antwurd: dit hiene jo eins yn jo deiboek sette moatten. Doch ik hjirby - mei har stikje).
http://www.cornelisvanderwal.info


Yn myn alteraasje koe'k allinne mar dit antwurd jaan: ??????????????

Wy binne yntusken in moai skoft yn 'e tiid fierder (23.42 oere), gâns besikers hân seach ik krekt - en dan sjoch ik in ferfolchmail fan Cornelis van der Wal:

Dan moast dit der ek bysette:
" 05-09-2004 23:54
k ergerje my oan deiboekskriuwers dy't elkoar mei e-mails yn 'e kont krûpe en dêr op har 'weblog' ek noch grutsk ferslach fan dogge ..."


Okee, Cornelis van der Wal, ik haw oan dyn fraach foldien. Mar wat wolst hjir no allegear mei sizze? Is it my ferbean en jou Miranda Mei in komplimintsje? Is der wat oars dat dy pleaget?
11 desimber 2004
It moat hjoed in moaie dei west ha. Foar elkenien dy't fan lange militêre parades hâldt, fan unifoarmen en fan marsmuzyk. Mar ek dejingen dy't fan tsjerkemuzyk hâlde, fan in fikse preek krigen syn gerak.
Televyzje-útstjoering fan de begraffenis fan prins Bernhard.
Ik ha der in part fan sjoen en myn yndruk wie: in perfekt regissearre show!
Dat is knap. Ik ha grut repekt foar soks. Grutskalige oehedens dy't 'live' op de tv útstjoerd wurde hawwe ommers twa aspekten dy't yn elkoar gripe. It barren sels en de registraasje derfan. Fan beide kin sein wurde dat der fakwurk levere waard, hjoed.
Aardich wie ek dat der eins gjin sprake wie fan fertriet. De prins hat - ik hearde dat de ourûne wike fan ûnderskate kanten - in lang en moai libben hân. Dêr kinne jo jaloers op wêze. En as jo op dizze wize, passend yn 'e styl fan libjen, 'byset' wurde, dan is dochs alles kreas yn oarder.
Ik hie de measte niget oan de kuiertocht troch Delft. Ik ken dy stêd in bytsje. Dan is it moai en sjoch bekende lokaasjes: gebouwen, strjitten, tsjerken. It plein tusken it âlde stêdhûs en de tsjerke liket trouwens op de televyzje folle grutter as yn 't echt.
Hawar. Goede show, skitterend yn byld brocht.
Knap wurk.

Ik nim oan dat it grutte deksel oer in famyljegrêf sa stadichoan wer te plak skood is. Der kin aansen wer oerhinne kuiere wurde.
Oare deksels gean meikoarten iepen. Gâns oer it libben fan de prins sil bekend wurde. En dan haw ik it foaral oer de minder aardige aspekten yn syn libben.
Ik wit foar mysels eins net of ik soks witte wol. Achterou.
10 desimber 2004
It maklikste jild dat in skriuwer fertsjinnet is it lienjild.
Jo hoege der neat foar te dwaan.
Gjin letter hoege jo der foar op papier te setten.
Lienjild wurdt foar jo fertsjinne troch al dy leave minsken dy't nei in bibletheek gean en in boek fan jo meinimme. Ik bedoel: liene. Elke útliening leveret in punt op en as jo genôch punten garje (as skriuwer) leveret dat wer in dofke jild op. Per boek.
Hjoed krige ik de jierlikse ourekken. En ja - dat wie de earste gedachte doe't ik it einbedrach ûnder eagen krige - Jenny en ik kinne der in hapke bûten de doar fan ite. Dat kin Amearikaans wêze (mar by McDonald's rekket it bedrach net op), it kin ek oar eksoatys wêze. Of gewoan Nederlâns. Ek mooglik. Wy moatte der noch mar efkes oer breinstride.
Feit is dat meikoarten €93,97 byskreaun wurdt op ús bankrekken.
Yn alle tankberens te ûntfangen jild. No?
9 desimber 2004
Rare tiden. Frjemde tiden.
Benammen - lês ik yn 'e krante - yn 'e omkriten fan Damwâld. Dêr mei jongerein net mear yn ploegen by elkoar stean. Want dan frette se nuvere dingen út. Meitsje se passanten bang. Ferniele saken. Hannelje yn drugs. Ensafuorthinne.
Damwâld liket dus in soad op oare doarpen.
Oarsaak: dy bern ferfele har. Wolle fermakke wurde. Wolle in eigen honk.
Tsja...
No lês ik ek yn 'e krante dat jonkfolk in nij spultsje útfûn hat: brêgeklasserketikje. Aldere bern skine it in hiel aardich oeheden te finen om earsteklasserkes fan de fyts te reagjen. Om se dêrnei hiel bang te meitsjen. Of yn elkoar te huffen.
Ik wit it: ik bin in âld man, te âld om de lol fan soks yn te sjen. My sakket allinne mar de broek fan 'e kont as ik dit lês.
Wat ik ek lies: ien fan de moaiste spultsjes is om sa'n bern te freegjen om in Frysk sintsje te sizzen. Kin in bern dat net, dan wurdt er yn elkoar huft, skoft.
In Frysk sintsje. Der stie net by hokfoar.
Grutte Pier 2004...
8 desimber 2004
Al moai wat jierren bin ik "Freon fan it FLMD" en dat wol dan sizze dat ik jierliks in bedrach oermeitsje nei de "Stifting ta Stipe fan it FLMD". Yn ruil dêrfoar krij ik dan trije kear yn 't jier in aardige nijsbrief thúsbesoarge: "Op 'e hichte".
Faak ferdwynt dat blêdsje - oe blinder! - net-lêzen by't âldpapier.
Hjoed lykwols haw ik "Op 'e hichte" hielendal lêzen. In soarte earbetoan? Grif. Want it is de lêste kear dat it ferskynt. It FLMD (de namme teminsten) is net mear, de freonen kinne der ek net mear wêze - sa'n blêd hat dus gjin doel mear.
No ja, wy hjitte no ynienen 'freonen fan Tresoar'.
Gjin kop hat my frege of ik of ik sa neamd wurde wol. Sterker noch: of ik wol oergean wol nei dy nije klup. Ik wurd no ynienen twongen dêr oer nei te tinken. En dan komt de fraach: haw ik itselde mei Tresoar as ik mei it eardere FLMD hie? Soe ik my yn dat nije konglomeraat krekt sa thús fiele as yn dat âlde gebou yn de Grutte Tsjerkestrjitte?
Eartiids in noflik petear mei Freark Dam, letter like noflike petearen mei Tineke Steenmeijer. Ik bedoel: jo koene sa trochrinne nei de direksjekeamer. Der wie altyd tiid. Om by te praten.
Ik soe by god net witte wêr't ik de hjoeddeiske oudieling FLMD fine moat. Yn dat gigantise âldpapierkompleks oan 'e Griene Wei. En rinne der noch minsken om dy't je efkes oansjitte kinne foar in petearke?
Ik bin bang dat ik my no earst melde moat by in balymeiwurker om allerlei fersykskriften yn te foljen.
Mar hawar. "Op 'e hichte" ha'k mei nocht lêzen. It blêd fûn yntusken it paad nei ús âldpapier. In tiidrek is ousletten.
7 desimber 2004
Raar is dat. My selden oerkaam.
Jo sitte foar it byldskerm en jo binne fan doel en skriuw efkes in deiboektekst.
De kop is leech. Ik kin wier neat betinke dêr't ik oer skriuwe sil. Oer myn itensiederij: lytse, rûne opbakte earpeltsjes mei kâlde reade biten en in kerry-ko (in koteletsje mei fan dy kerrysmurry der om hinne) - maklik hjoed. Oer myn dei-yndieling: ik pielde mar wat om, eins. Wat lies ik hjoed: sa'n 70 siden yn "Hokwerda's Kind" fan Oek de Jong. Fierder de Volkskrant en de LC (= Leeuwarder Courant). Ergere ik my hjoed: no nee. Ha'k noch internetdeiboeken sjoen: allinne ein fan 'e midzje dat fan Henk van der Veer (de stêdsdichter fan Snits). Hie'k wille hjoed: is my net opfallen. Skreau ik ek noch wat: in stikje foar De Moanne oer de hillichferklearre Hessel Miedema.
Sa'n dei. Om gau te ferjitten eins.
6 desimber 2004
Saterdjetemidzje rûnen wy in hoart yn Dokkum om, it moaiste stedsje fan Fryslân - op oustân. En sadwaande in gaadlik oarde as jo immen yn 'e kunde bringe wurde mei in aardich stikje histoarje 'in het hoge noorden". Wer even wat oars as it marregebiet. Of in oar byldbefêstigjend Frysk lânskip.
Meikuierders wiene út 'e skroeven.
Sa beseagen wy ek it nije gemeentehûs fan Dongeradiel. Fan de bûtekant fansels. Ek yn Dokkum is sa'n kantoar yn 't wykein ticht. Foar my smiet dat in fikse ferrassing op: in hiele rigele tegeltablo's yn 'e muorre mitsele. Ik rûn der lâns, nochris en noch in kear foar't ouwennen. Gôh! tocht ik. Wat aardich, wat ferrekte aardich! Ik hie't idee dat ik in stripferhaal beseach. Bylden fan hjoeddedei en fan juster. Asylsikers en Bonifatius. Mar benammen bylden fan it Dokkum fan hjoed.

De jûns lies ik de Volkskrant. En ik fûn út dat it tafal wer ris taslein hie. Yn dy krante in artikel oer datselde tegeltablo! Yn Dokkum!
De Amsterdamse tekener Guido van Driel makke, yn opdracht fan ie Dongeradielster gemeentebestjoer, in stripboek yn it ramt fan de dea fan Bonifatius - krekt 1250 jier lyn. Dat stripboek skynt dizze wike te ferskinen. Yn it Nederlâns en yn it Frysk. Op basis fan dat stripferhaal binne de 27 tegeltablo's makke dy't wy beseagen. Yn 'e muorre mitsele.
Dat ik soks lies yn de Volkskrant. En net yn ús regionale media.
Of soe my wer ris wat ûntkommen wêze?
5 desimber 2004
Fan 'e moarn hearden wy troch de muorren hinne ús lytse buorjonge sjongen. Dat moat er op 'e toppen fan 'e longen dien hawwe, want gewoanwei fernimme wy komselden lûd yn de oare helte fan ús twa-ûnder-ien-kape.
In spésjale gelegenheid foar it knaapke fan 4: Sinterklaasdei hjoed.
In leauwige.
Wysels ha ek 'pakjesdei' fierd. Mei de bern. Dy't al lang net mear leauwe, mar wol aardichheid hawwe oan gedichten en presinten betinke. Kostlik barren, soks.
Oerdei namen wy de bern (Amsterdammers, beide) mei nei Museum Belvédère yn Oranjewâld. Sawol Jelmer as Marrit is beropsmjittich warber yn it kulturele libben fan de haadstêd. Hiel wat wend dus. Mar it die my deugd dat ik fernaam dat se djip ûnder de yndruk wiene. Fan it lânskip om it gebou hinne, fan it gebou sels. Mar benammen fan de kolleksje.
Wat in drokte yn 't museum!
5 desimber 2004
Tink der om: alles wat hjir ûnder oan tekst stiet is iroany.

Eartiids hie'k in freon dy't de meast absurde teksten ta de mûle útrûgelen. Domme teksten meast. Teksten dy't sear diene soms. Soms waard er der op oansprutsen. Dat ferluts syn koboltantlit, syn kabouterfaasje en dan wist er net hoe gau er syn bewende tekst yn 'e striid smite moast: "Grapke!"
Hjoeddedei is der in Fryske deiboekskriuwer op it internet (Cornelis van der Wal - ja, ik neam syn namme) dy't fan alles en noch wat útheeft op syn side. Bloedserieus bedoeld fansels. Op dit stuit besiket er himsels te affisjearjen as de bêste deiboekskriuwer - eartiids as de bêste dichter - , via in soarte fan skoareformulier. Op syn eigen side fansels. Utslach yn 't foar bekend. Mar as immen (Joop Boomsma - ja, ik neam syn namme) dêr in bytsje iroanys kommintaar op hat, dan wurdt Van der Wal kjel en ropt er dat de kommintator in droechkloat is en gjin gefoel hat foar ...eh... iroany.
Alles wat Cornelis van der Wal skriuwt, begryp ik út syn skriuwsels, is iroany.
Begryp dat no! Ris!
It "grapke!" waard "iroany". Haw ik begrepen.
Ik sil meikoarten de fersen fan Cornelis van der Wal wer ris lêze. Dy naam ik oant no te searieus, dy bewûndere ik, dy hie ik heech. No wit ik: dy fersen binne bedoeld as iroany.

Alle tekst dy't hjir boppe stiet is bedoeld as iroany. Faaks net alhiel slagge, mar wol bedoeld as sadanich.
4 desimber 2004
Lies ik niis dat deiboekskriuwer Cornelis van der Wal útsykje wol wa't de bêste deiboekskriuwer is.
Hy hat in 'poll' op syn side (Nederlânstalich).
Godallemachtich!!
Apels en parren en sa.
No, hjirby stel ik - ienfâldich deiboekskriuwer sûnt begjin jannewaris 2001 - fêst dat Cornelis van der Wal mei oustân de bêste deiboekskriuwer is dy 't de wrâld (en dus ek Fryslân) ea hân hat en hawwe sil.
Dat is wat er hearre wol. Fan my dus heart.
Lokwinske Cornelis!!!!
3 desimber 2004
Niiskrekt bedarre ik op de internetside fan it Skriuwersboun, de klup dy't de belangen behertiget fan de Fryske auteurs. Of soks. It wie al wer in moai skoft lyn dat ik om in hoekje seach. Doe wie de side sa goed as leech. Hjoed is dy side ek sa goed as leech.
Okee: der is in link nei in skriuwersalmanenak. Altyd handich.
Yn it skift 'Aktueel' kom ik in berjochtsje tsjin oer de Ancopriis (23/11).
Fierder: nada, niks, hielendal leech.
Dat kin twa dingen betsjutte. Of it Skriuwersboun docht neat. Of it Skriuwersboun docht neat mei dizze internetside.
De positivist yn my hâldt it op it lêste.
No is it maklik en begjin hjir in potsje te lekskoaien. My te maklik. Mar it wol sa: as jo in side op it internet meitsje (litte), doch der dan wat mei. Of helje de side oars fan 't skerm.
Dizze tastân is wat sneu. Beskamsum eins. Ik bedoel: jo sille mar lid wêze fan de klup en ferwachtsje dat jo via it internet op 'e hichte brocht wurde fan wichtich bestjoerdersnijs - dan is it elke kear wer in klap foar de harses as jo konfrontearre wurde mei in sa goed as leech skerm.
Binne der gjin bestjoersgearkomsten?
Binne der gjin ynkommen stikken dy't foar alle leden wichtich binne?
Wurde troch it bestjoer gjin besluten nommen?
Binne der gjin plannen foar de takomst?
Is der gjin diskusje?

No jo - de leden wachtsje mar op 'De Oesdrip'..., ek al sa'n sneu klupblêdsje langer.
Dat! Skriuwersboun - is der noch libben?
2 desimber 2004
Doe't ik justerjûn Feijenoord in skoft fuotbaljen seach, gongen myn gedachten ûnwillekeurich wer nei de santiger jierren fan de foarige ieu. Wy wennen doe yn Gouderak, sa'n healoere riden fan De Kuip. Myn buorman wie in fanatyk Feijenoord-supporter en op de ien' of oare wize koe hy altyd oan kaartsjes komme as de Rotterdammers wer ris in wichtige wedstriid spilen. It wiene gloarjedagen foar Feijenoord doe, dat ik toffele trou mei him mei. Europacup I fansels. Ik belibbe ferskate fan sokke wedstriden yn dat prachtige stadion. Ek dy bysûndere wedstriid om de wrâldbeker (Joop van Dale, stikkene briltsje) haw ik sjoen fan de tribune ou.
Sa waard ik ek Feijenoord-supporter.
En noch altyd, no't ik al wer safolle jierren yn Fryslân wenje, hat de Rotterdamse klup in apart plakje yn myn ...eh... hert.
Net dat ik no daalk in fanatyk jûchheiropper bin as ik de klup spyljen sjoch. Ik lis ek net skriemend op 'e flier as Feijenoord op 'e bek giet. Mar fernim ik dat 'se' wûn ha, fyn'k soks dochs aardich.
As Feijenoord tsjin scHeerenveen spilet ha'k it efkes slim. Oan 'e oare kant: elke útslach fan dy match is my goed. Der wint ommers altyd ien fan myn favoriten. Sels by in lykspul glimkje ik.
1 desimber 2004
As se my letter freegje: Wêr wiesto doe't Prins Bernard ferstoar?, dan sil myn antwurd dúdlik wêze: Ik siet yn 'e keamer nei de televyzje te sjen - de fuotbalwedstriid Feijenoord - Schalke'04.
Prins Bernard.
Ik hie neat mei de man. Sa't ik hielendal neat haw mei ús keninklike famylje. It ynstitút 'monargy' hoecht om my net ouskaft te wurden yn ús lân, mar my seit it it allegear neat.
Dochs tink ik dat Prins Bernard, as persoan yn in strak regissearre rezjym, wol in karakteristyk man west hat. As der ien út dy rûnten west hat dy't libbe, dan wie hy dat wol. Ik folge syn strapatsen yn 'e media. In grut part fan myn libben. Benammen hie'k niget oan al dy 'geruchten' dêr't jo oer liezen, oer slim te bewizen 'misstappen' - withoefolle yn 'e rin fan de jierren. Dat fûn ik aardich. Nocht oan ûnnocht fansels. Want in minske wurdt yn myn eagen nijsgjirrich as er bûten de bewende paden trêdet.
Mar goed. De man is dea.
En dat liket my it bêste wat him oerkomme koe. Sa âld. Mar benammen sa siik.
30 novimber 2004
Ik wit no, jo moatte gjin ferfelende dingen skriuwe oer it knuffelbearke fan de Fryske poétika, Cornelis van der Wal. Want dat wurdt as sielich erfaren. Sneu.
Okee.

Hjoed haw ik in oermannich 'spijbele'. Ik haw in plende gearkomste mei withoefolle kollega's sjitte litten. Ik hie út noch yn gjin nocht oan fergaderjen, dat ik haw yn 'e stêd (Ljouwert dus) in noflik hapke iten en ik haw wat sinterklaasboadskippen dien. Twa kear seach ik op in klok: ah..! se sitte noch yn grutte romte en se harkje en jouwe werwurd. Soks.
Feit is: ik bin ougryslik gesachstrou. Ik rin gjin inkeld kantsje der ou, ik bin der as ik der wêze moat, ik doch wat ik dwaan moat.
Mar fan 'e midzje efkes net.
Lekker dochs wol.
Mar in bytsje skuldgefoel bliuwt hingjen...
29 novimber 2004
Cornelis van der Wal hâldt ynearsten op mei syn deiboek/weblog. Reden: hy wol mear tiid besteegje oan de bondel dy't er ûnder hannen hat. Ik nim oan dat er in dichtbondel bedoelt.
Ophâlde mei jo deiboek omt der efkes oare drokten binne: grutte kul!
Jo skriuwe oan in deiboek of jo skriuwe net oan in deiboek. Sa simpel is it. Dat der ynearsten wat oars te dwaan is, sjoch ik as in ferlechje. In echte deiboekskriuwer skriuwt syn deiboek dwers troch alle drokte, alle wurgens, alle tsjinslaggen, alle feesten hinne!
Hoe faak as ik de striid oerjaan woe... en nei in skoft wer begjinne. Withoefaak!
Ik die dat net omt ik dat 'unfair' fûn foar de minsken oer dy't elke dei efkes lânskomme op myn side (op dit stuit - 23.43 oere - tsjin de santich). Dy minsken ferwachtsje in stikje. In dom stikje, in nijsgjirich stikje, samar in stikje - in stikje!
Tagelyk: sa'n stikje skriuwe fyn'k sels ek lekker!
Cor hat dus de striid oerjûn. Cor is gjin deiboekskriuwer mear.
Syn kar.
Dy't ik te respektearjen haw.
Mar it falt my wol fan him ou.

It is no 23.56 oere. Niis fytste ik noch efkes oer it internet. Dus ek by guon deiboeken lâns. Ek dat fan Cor beseach ik efkes. Ik lies dat er dochs trochgiet mei dyn deiboek. Nei in oermannich tinktiid. Tsja, tink ik dan - hoe belangryk kin' jo josels meitsje op in dei. Jassus!
28 novimber 2004
Begjin santiger jierren skreau ik mear fersen as hjoeddedei. Ik wie in begjinnend dichter, hie wat gedichten yn tydskriften hân, op Operaesje Fers - dat ik hie ambysjes.
Yn 1972 waard in nusje fan dy gedichten sammele yn myn earste dichtbondel: "Ierlitte". Grutsk fansels. Beammen ek omt dy bondel hiel aardich ûntfongen waard.
Justernacht dondere ik hast fan 'e stoel doe't ik - yn de nije útjefte fan it digitale literêre tydskrift 'Farsk' - lies dat Elmar Kuiper in fers út dy bondel ('Soms tink ik') útkeazen hat as "Fers fan de moanne". Hjoed oerdei lies ik Elmar syn tekst. Tsjong!
Ik bin ferbjustere. Mar seker ek fergulde. De jonge hat neitocht oer myn tekst.
En ik tocht: wat hartstikke aardich dat in jonge dichter hjoeddedei de muoite nimt en skriuw oer in fers dat ik mear as 30 jier lyn skreau!

Juster brocht de postrinner de foto dy't Jan Kalma in wike as wat lyn makke fan in fikse ploech Fryske auteurs. Hielendal linksachter stek ik myn holle de loft yn, de eagen rjochte op de fotograaf. Foar my de wat mear selsbewuste skriuwers en skriuwsters. Knappe foto. Soe in psygolooch wat meitsje kinne fan dizze opstelling?
27 novimber 2004
It is wol wat dat ik yn 'e hûs krige hjoed:
"Bijbel - Het Oude Testament - De deuterocanonieke boeken - Het Nieuwe Testament" - In De Nieuwe Bijbelvertaling - Met alle prenten van Gustave Doré.
Sitaat allinne al fan it omkaft - de foarside.
Trije boeken yn in kassette.
Utjefte: Atheneum-Polak&Van Gennep, Amsterdam 2004.
It setwurk is fan Teus de Jong fan Nij Beets.
Dat. Ik haw de nije oersetting fan de bibel yn 'e hûs. En wat sil ik der mei dwaan, behalve te pronk sette yn 'e húskeamer? No, lêze yn alle gefallen. Ik bedoel: jo skaffe sokke boeken net oan om yndruk op oaren te meitsjen. Of om sjen te litten hoe leauwich jo wol net binne.
Diel I, it âlde testamint: 1611 siden. Dat wurdt in wike as wat trochsette!
Foar immen dy't út noch yn neat mei de godbelibbing fan tsjerken hat.
Wichtiger: ik hâld fan literatuer, fan moaie ferhalen.
26 novimber 2004
Dat útjouwerij Friese Pers Boekerij in twade searje "Merkels" ferskine litten hat, is in ferrekt goed teken. De rige min ofte mear goedkeape 'reprints' fan klassiken út de jongste Fryske skriuwerij slacht oan. Want de FPB is in kommersjele útjouwer fansels en as it earst skot net yn 'e buert fan de einfûgel kommen wie, wie in streek troch dit ûndernimmen set.
Nij ferskynd dus:
Rink van der Velde: Feroaring fan lucht
Hylkje Goïnga: Thús is de maggi op
Durk van der Ploeg: It wrede foarjier

Op'enijprintings, foar in euro as 7 it stik op 'e nij te besetten. En sa in wike foar sinterklaas (en yn 'e fierte de kryst) in perfekt momint fan útjefte.

Efkes dit: €7 is noch altyd in gûne as 15 - 16.

It measte fan boppesteande liket krekt in reklameboadskip. Dizze deiboekskriuwer yn tsjinst fan de Friese Pers... Ja, it hat der wat fan. Mar salang't it digitale tydskrift Farsk by de resinsjes in boadskipkarke fan boekhannel De Tille pleatst, kin ik in soarte fan parody meitsje.
Der is lykwols ien ferskil: ik fertsjinge oan dizze tekst gjin sint, sels gjin persint.
26 novimber 2004
Efkes wat rjochtsette.
Better: in misbegryp út 'e wei romje.
Oan 'e ein fan de midzje rûn ik ûnderweis nei de auto by Hotel Tjaarda lâns. Ik hearde immen lûd skatterjen en ik tocht: dat lûd hearde ik earder. Twa tellen letter hie'k eachkontakt mei Gianni Romme. Wat dus itselde is as dat wy elkoar oanseagen. Sa't jo wol faker in minske oansjogge.
E-mails fan hjoed: "Kensto Gianni Romme? Kenne jim elkoar?"
Antwurd fan my: "Ik him wol, mar hy my net".
Wy seagen elkoar dus oan. Ik haw bewûndering foar Romme syn prestaasjes op it stik fan de reedriderij. Dat ik stapte op him ou mei útstutsen hân (dy't er mei beide hannen oannaam) en ik sei soksawat as: "Sukses kommend wykein".
"Ja, bedankt!"
De earste - en faaks ek lêste - wurden dy't dit sportfenomeen ta my rjochte.
Mar ik fielde my efkes fergulde.
24 novimber 2004
Fansels wie'k fan 'e midzje yn 't Oranjewâld. In noflike kuier troch de bosk. Want: it waar wie perfekt!
En fansels rekken wy yn't museum foar moderne keunst, sis mar Belvédère.
Thom ha'k lokwinske.
Ik dronk sjuderânse.
En ik seach. Allemachtich! wat haw ik sjoen. Yn dit museum is noch foar jierren te sjen. Skilderstikken. Mar benammen kombinaasjes fan skilderstikken. Ynrjochting fan sealen.
Thom Mercuur dus.
Mei in glimk yn 'e eagen, om 'e mûle - ik seach - waard ik oanrekke troch Ernst Bruinsma. Ik seach nei in reade bolle, sa krêftich op it doek set - skitterend!
Ernst sei: "Dy bolle wurdt it omslach fan it nije nûmer fan De moanne".
Frjemde wrâld. Mar wol in aardige wrâld.
Ik kuiere werom nei de auto en ik tocht: keale beammen yn in dûnker wurdene jûn. Dêr koe ik dus neat mei. Mei dy gedachte.
Ik kaam wer ta myn wrâld doe 't ik yn 'e buert fan Hotel Tjaarda (ek Oranjewâld!) it skatterjende lûd fan Gianni Romme hearde. Hy hie wille yn it healtsjuster.
Wy hiene eachkontakt. Wy fûstken.
23 novimber 2004
Taal is in wûnderlik fenomeen.
Klisjee fansels. Mar wol wier.
Oerdei praat ik Frysk en Nederlâns. Dy lêste taal is benammen myn wurktaal, de taal yn de klasse. Ik bin no ienris learaar Nederlâns. Mei myn kollega's praat ik safolle mooglik Frysk. Mar likegoed Nederlâns. Mei wa reitsje jo yn petear, wat praat it groepke? Unbewuste kar.
Mei frou en bern praat ik sa'n bytsje de taal dy't ik hjir skriuw.
Kom ik yn Surhústerfean en reitsje ik yn petear mei myn susters, mei kunde fan it doarp dêr't ik yn opwoeks, dan skeakelje ik daalk oer yn it Wâldsjers fan dat doarp. De taal dy't ik besocht haw te fangen yn it fers dat ik juster publisearre.
En ik tink wolris: hoefolle talen hawwe jo yn 'e kop? Hoefolle talen lizze njonken elkoar, ree om te brûken?
Mar ek: wat is myn memmetaal?
Dat hie'k ús mem freegje moatten. Hokker taal hawwe jo my leard? Se ferstoar foar't ik my bewust waard fan talen.
Myn memmetaal sil nei alle gedachten dochs de taal west hawwe fan Hònke en Kei. In taal dy't ik eins ferlear.
22 novimber 2004
"Lul net safolle oer keunst".
Ik wie der efkes mei oan justerjûn. Mei dy e-mail fan in freon, kunde tink.
Skriuw ik sa folle oer keunst? Dêr sil dan - yn alle gefallen troch dy e-mailskriuwer fan juster - benammen byldzjende keunst mei bedoeld wurde. Skilderstikken. Bylden. Ynstallaasjes. Grafise ûntwerpen. Keunst as byld. Even gjin tekst, literatuer.
Ik bin hjoed yn myn deiboek in moanne as wat werom gien. En ik haw de stikjes oankrúske dy't oer byldzjende keunst gean. Ja - opfallend folle.
En soks wylst ik hielendal gjin ferstân haw fan byldzjende keunst. Ik sjoch en ik genietsje wol as net.
As ik lêzings bywenje fan saneamde keunstkenners, haw ik faak nei in kertier al oanstriid en krûp ûnder de tafel. Hoe't sokke lju keunst fertéorétisearje kinne! Deaprate kinne eins. Kennis is macht, okee - mar te faak is macht noch mear macht sykje wolle. De baas wêze. De noarm.
Oansjen dus.
Hoe dan ek: ik hâld fan byldzjende keunst. Ik wol safolle mooglik sjen. En mei leafde ryd ik dan wat kilometers. Lykas juster nei Eelde. Ik gean nei tentoanstellings (en sa) omt ik in ferwachting haw. Krekt as mei in boek. Jo begjinne mei in roman, in dichtbondel - jo gean nei in samling byldzjende keunst. En jo foarmje in oardiel.
Okee.
Ja, ik skriuw in soad oer byldzjende keunst. Op myn eigen net-saakkundige wize. Op myn eigen soms wat kneuterige wize. Want: ik behearskje de téory net. Ik sjoch allinne mar.
21 novimber 2004
"Monet - not worth discussing: photograph painter, couldn't draw.
Van Gogh - great artist's desires, mad Sunday painter, no talent, nasty man.
Cézanne - sharp enough, no talent, couldn't draw, nasty man.
Picasso - brainy, never understood paint, good Vogue illustrator, talent squandered, nasty man
"

Sokke sitaten meitsje jo wol nijsgjirrich en jo freegje jo ou: wat kin de man dan sels?
De man: de Ingelse skilder Michael Reynolds (1933), wenjend om en om yn 'e stêd Grins en Itaalje.
In grutte seleksje fan syn wurk hinge oan't hjoed yn Eelde, museum "De Buitenplaats". Oan't hjoed, dat der wie fan 'e midzje noch tiid en besjoch dat wurk.
Daalk mar it antwurd op myn fraach fan niis: de man kin werklik in hiel soad! Syn grutte portretten lûke jo nei it doek ta en freegje omtinken, tiid, oandacht. En krije wurdearring. Fan my yn alle gefallen. Dat jildt ek foar de skilderijen dêr't syn model Petruta Ghetz faak oandwaanlik langút op leit - meast yn sliepklean, op prachtich bêdeguod. De stillibbens binne knap skildere, mar sizze my it measte net. Likemin as syn 'trochkykjes' en syn lânskippen. It binne benammen de portretten dy't hyltyd op 'e nij oandacht freegje Sa knap! Wat in fakman!
Reynolds is gjin impresjonist en seker ek gjin 'fynskilder'. Sit syn styl dêr wat tusken yn? Werkenber skildere, mei in wat sweevjende toets... soks?
Mar jout dit wurk, jout syn talint him it rjocht sa hurd oer oare skilders te oardieljen? Fansels net! Dat is my allegear wat te arrogant.

(Yntusken rint it tsjin tolven. Ik krige niis in mailtsje fan in freon: "Joop jonge, do bist in skriuwer, do hast in skriuwersdeiboek - lul net safolle oer keunst!"
Tsja, tink ik dan: ik bin ek mar in minske...).
3 novimber 2004
Hjoed hie'k skriuwe wollen oer de presidintsferkiezing yn de Feriene Steaten. Dat ta myn spyt George W. Bush wer foar fjouwer jier keazen is. Ta myn spyt. Myn kar hie John Kerry west. As ik Amearikaan west hie. Net dat ik safolle betrouwen yn Kerry haw, mar myn gedachte wie simpel: alles better as it Bush-rezjym. En dat hat dan alles te krijen mei dy idioate ynfal yn Irak.
Mar ik bin gjin Amearikaan.
Dat ik tink no: wat kin my de Amearikaanse presidint skele. Se rêde har der mar mei - oan 'e oare kant fan dat brede wetter.

De hiele dei hat de moard op Theo van Gogh my yn 'e kop omsangere. Ik wie bepaald gjin fén fan de man. Ik lies út en troch syn internettydskrift 'De gezonde roker' en mear as ienris draaide my de mage om as ik syn stikjes lies. Mar hy koe wol ferrekt moai skriuwe! In 'beropsprofokateur' waard er neamd. Wie er, sûnder mis. Skerp, grof, misledigjend - mar stilistys perfekt!
Mar is dan in reden om immen dea te sjitten, dea te stekken? Fansels net. As dat jo reaksje is op de skriuwsels fan immen, dan sit der in frachtwein fol stekken los.
Hear fan my net dat Theo van Gogh dit sels útlokke hat. Want dat soe betsjutte dat ik meigûl yn it koar fan dwylsinnigen dy't ferbaal geweld beantwurdzje wolle mei fisyk geweld. Dat noait! Der moat altyd diskusje bliuwe. Dêrsûnder stjert kultuer. Yn alle gefallen de kultuer fan de wrâld dêr't ik in ûnderdieltsje fan bin.
En hoe no fierder?
Ik haw mar ien oplossing: sykje de dialooch. Altyd! Sla elkoar foar de harsens mei wurden (sa't Van Gogh die), mar hâld it ferdomme by wurden.
3 novimber 2004
Wat sil ik noch tafoegje oan al dy wurden dy't hjoed al sein en skreaun binne.
In gek fermoarde hjoed in eksponint fan it frije wurd..., it oerdreaune frije wurd.
Wat dus gewoan wie yn Nederlân. Tocht ik. Dat frije wurd.
Nee dus.
Theo van Gogh - nei alle gedachten oumakke troch in geiteneuker. In ymbesyl dy't neat snapt fan hoe't wy hjir libje yn ús lân.
31 oktober 2004
De midzje ferrûn wat oars as ik eins plend hie - wy kamen nota bene op in hjerst'fair' telâne - Oentsjerk! De frou fermakke har omraken, ik toffele in skoft dommich achter har oan. Lykas de measte oare manlju achter de eigen frou/freondinne oantoffelen. Ut en troch seagen wy, lotgenoaten, elkoar oan - inselde lege, wat wanhopige blik yn 'e eagen.
Letter makke ik in kuier troch dat oars wol aardige park om Stania State hinne. En tocht ik oan de nijtsjes en rabberijen dy't ik de ourûne dagen via internet en e-mail opheinde.
* Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga ('Erosmos' - Eeltsje dan) hawwe wer ris in - sêft sein - fikse oanfarring mei Abe de Vries ('Farsk'). Nei te lêzen en by te hâlden op de neamde siden.
* Josse de Haan hat in stik skreaun foar de LC-rubryk 'Te Gast'. Oer (û.o.) it feit dat Jabik Veenbaas allinne mar minne resinsjes oer De Haan syn wurk skriuwt. Deeglik stik, lies ik. It stik soe pleatst wurde, is net pleatst. De kultuerredaksje fan de LC wie der op tsjin.
* Koos Tiemersma hat ek in eigen thússide: www.froonakker.nl
* Fan ferskate kanten fernaam ik dat Jabik Veenbaas (nei alle gedachten) oer in moanne as wat net mear Fryske literatuer resinsearje sil foar de LC.
* Cornelis van der Wal stjoert syn fersen benammen nei "De Moanne" om't dat blêd (better) betellet foar syn wurk.

Ik kuiere, skopte hjerstblêden fansiden, besocht poddestuollen te finen - en ik tocht ek: wat in fassinearjende wrâld dochs, dy Fryske lettertún.

It is yntusken hast trije kertier letter. Dy tiid haw ik ek brûkt om in nijsgjirrige diskusje te lêzen te lêzen op 'Farsk', yn de rubryk 'foarum'. Ik kin spitigernôch net meidwaan oan sa'n hinne-en-wer-petear, want ik haw it ûnderwerp (it boek 'Gjin grinzen, de reis') noch net lêzen.
30 oktober 2004
Fan 'e midzje stie'k op 'e tribune by de Harkemase Boys. In fuotbalwedstriid tsjin de koprinner út Rijssen. It kaam my goed út dat de striid in kertier letter begûn - ik wie wat let. Mar de reden fan dat te lette begjinnen fûn ik wol komyk: de bussjofeur koe De Harkema net fine, hy rekke it paad bjuster... En ik dan mar tinke dat alle bussen sa stadichoan sa'n prachtich navigaasjesysteem hawwe - net yn Rijssen blykber. En in atlas, in dikekaart - no ja. In rit nei in doarp earne yn Fryslân is dus noch altyd in grut en benammen ûnwis aventoer.
De wedstriid wie aardich. Harkemase Boys wûn net alhiel fertsjinne.
It is trouwens in feest en stean tusken withoefolle 'Harrekiten' (in earenamme hjoeddedei, mar doe't ik noch yn Surhústerfean wenne, koene jo in klap foar de hassus, in knyft yn 'e bealch of in wân op 'e hûd krije as jo dy namme brûkten!) - hawar: it wie in feest en stean tusken de Harkemasters op 'e tribune. Jong en âld, man en frou libbet ougryskik en lûd mei. De tsjinstanner is de ultime fijân tidens it spyljen en fan de skiedsrjochter doocht fansels hielendal neat. Prachtich, dy kommintaren! Gjin teksten foar lju dy't har dwaande hâlde mei 'normen en waarden'.
Wat my ek opfoel, fan 'e midzje, wie dat party Harkemasters yn lytse wurden sprekke. Better: gâns wurden wurde ferlytse. As de keeper in bal út it doel stompt, hjit soks "in knap rêdinkje", in bal dy't skerp foar it doel set wurdt, is "in bêst foarsetsje". Sa hearde ik ek noch: "in skerp skotsje", "in poerbêst goaltsje", "in knap paaske".
Ik fermakke my, dat is dúdlik. En yn 't skoft wie der in noflik bakje kofje. Mar dat sizze se oeral.
30 oktober 2004
Okee, ik sil it ynearsten net hawwe oer de bibel en de nije oersetting yn it Nederlâns. Wat ik in dei as wat lyn skreau, wie der wol sa by troch, dat raasde oan de protters en withoefolle oare fûgels. Neffens in stikmannich mailtsjes. En ik mar tinke dat ik mijen wie, dat ik my kreas ynholden haw.
No ja.
Ik sil dy oersetting meikoarten mar ris lêze. It boadskip, it ferhaal sil net feroare wêze - de taal is oanpast oan dizze tiid. Wy skine no allegear te begripen wat sein wurdt. De tekst fan de bibel is glêshelder, wurdt sein.
Okee!
Mar wat sil der no barre mei de tsjerkelju dy't har ferskûlje koene achter dy âldfrinzige taal, dy't in eigen útlis trochjaan koene oan tsjerklike analfabetisten?
Dy lju binne knap yn 'e war. Hoopje ik.

In stikje yn 'e LC lêzen oer lju mei lange, blauwe jassen dy't koarte burden hawwe. Dichters, al den duvel dichters. Dy't juster in bondel publisearren wêrmei't se op toernee geane. Se gean sels fierder as Wolvegea! It moat net mâlder wurde...
Koarte burden. Dat betsjut in tsjinstelling: lange burden.
Ik gean in moai ein werom yn 'e tiid en ik tink oan de dichters fan doe. De mannen (uteraard...) mei lang hier oan 't kin:
Meindert Bylsma, Trinus Riemersma, Joop Boomsma, Binne Lútsen Boarnstra, Josse de Haan en eh....
27 oktober 2004
Al withoefolle jierren haw ik útsjoen nei in moderne, hjoeddeiske (sis mar) oersetting fan de bibel (diel 1 en diel 2). Dy skynt der no te wêzen. Fan 'e midzje oanbean oan keninginne Beatrix. Moarn ou te heljen by de boekhannel.
Ik haw twa bibels yn 'e hûs. In Frysktaligenien en in oersetting yn it Nederlâns. Beide boeken haw ik lêzen. De Fryske oersetting liket wol in bytsje op de taal fan hjoeddedei, mar dat Nederlânstalige 'gedrocht' kaam ik suver net troch hinne. Dy frjemde taal, dat oerdreaun argayske, ik waard der deawurch fan. Ik bedoel: wa praat noch sa? Jo moatte dus wol ferrekte leauwich wêze (yn de betsjutting fan: wy leauwe alles wat ús yn 'e bek kôge is) om sa'n boek heech te hawwen. Sokke boeken heech te hawwen, want it ferskil tusken de beide dielen is wol hiel grut.
Jo moatte wol gigantys yndoktrinearre wêze, tink, om dat net te sjen.
Diel twa: it Jezusferhaal. No, Jezus hat ek bern, puber en sa west. En hat de taal fan syn jongerein sprutsen. Yn it Armeens uteraard. Wat ik yn de bibel net werom fyn. Dy jeugdtaal. Jo kinne jo hast net foarstelle dat Jezus altyd in taal fan oerpake/oerbeppe spruts.
Moarn (of efkes letter) sil ik de nije oersetting oanskaffe. En lêze. Faaks dat ik de tekst dan einlings echt begryp. Sûnder útlis fan studearre lju. Dy't har eigen útlis ek wer hawwe...
Jo hawwe it slim as net-bibelleauwige. It eigen ferstân folgje is yndied slimmer as in oar neikweakje.
27 oktober 2004
Op 21 septimber skreau ik in stikje oer in bekeuring dy't ik krige. Ik hie begjin july yn Heemstede, betiid op 'e midzje, myn auto ferkeard parkeard en soks wie troch de pleatslike plysje konstatearre. En dat wylst ik dy deis op myn wurk yn Ljouwert wie. Middenmank withoefolle kollega's.
Ik skreau uteraard in beswierskrift ('beroepschrift').
Hjoed krige ik skriftlik de "beslissing van de officier van justitie op het beroep". In ultym stikje computerkorrespondinsje.
Sitaat:
"Het in het beroepschrift gestelde is, na onderzoek bij de politie voldoende aannemelijk geworden, zodat de beschikking niet in stand kan blijven. De officier van justitie verklaart het beroep gegrond en vernietigt daarom de beschikking".
Dat is dus alles.
Gjin ûntskuldigingen.
Gjin útlis: hoe koe dizze flater makke wurde?
Gjin ûndertekening. Fan wa dan ek.
Der wurdt my noch al wiisd op de mooglikheid in berop yn te stellen tsjin dizze beslissing...
Myn konklúzje: de plysje makket nei alle gedachten safolle flaters (op dit stik) dat der gjin tiid is foar in persoanlik briefke. In oanpaste computerútdraai fan it 'Centraal Justitieel Incasso Bureau' yn Ljouwert wurdt foldwaande achte.
26 oktober 2004
Hjoed haw ik fiks in ein neitocht oer in roman, dy't ik op it internet - op dizze siden - skriuwe wol. Wolle soe. En de earste konkrete gedachte dy't by my nei boppe kaam: do bist wol in frekt arrogante lul, hear Boomsma!
Sa mar efkes in roman skriuwe... as wie't itselde as in deiboek byhâlde.
Twadde gedachte, ek konkreet: in aardich idee, út te fieren. Sûnder mis.
En doe tocht ik fierder. Ik haw earne op dizze computer in fikse oanset ta in roman stean. Soe'k dy fia it internet dien meitsje? Soe'k my der ta twingje en skriuw dat ferhaal ou? Op internet.
Antwurd: no, nee.
Ik moat mei in folslein nij projekt begjinne. En dêr wol ik dus earst oer neitinke. Ris in begjintsje meitsje en dan sjen oft ik der mei fierder kin. Want it bliuwt in feit: op it momint dat de earste tekst - eventueel: it earste haadstik - publisearre is, moat ik trochgean. Fyn ik.
Hawar, dit 'projekt' bliuwt my de kommende tiid yn 'e kop omwapperjen, bin'k bang. Tinke, fersmite, fierder tinke.
Faaks lear ik dochs beskiedenens. Ek dêr sil ik dan ferslach fan dwaan.
26 oktober 2004
Soms dream ik der wolris fan - oerdei, nachts. Lykas no bygelyks - dochs midden yn 'e nacht, mar lykwols hartstikke wekker.
In roman skriuwe op it internet.
Foar elk te folgjen, te lêzen - foar elk dy't in internetoanslúting hat.
Ik tink wol dat ik it kin. Elke wike in stikje (en as it wol in stik). En al dy stikken wurde dan mei-elkoar de rûge, earste fersy. In - eventuele - boekútjefte fan sa'n roman... no ja... in stap fierder. Dan moat der fan alles be-oardere wurde.
Hjitte soks eartiids net deagewoan in 'fuljeton'?
Ik sil fierder tinke, mar ik fyn it wol in útdaging.
Tagelyk: wurket in romanskriuwer net altyd sa: elke dei in stikje? It ferskil mei in internetroman soe dan wêze: elke dei in stikje, mar daalk foar elk te lêzen.
Ach... internet...
25 oktober 2004
Midden yn De Knipe draaie jo in dyk yn nei rjochts (wy kamen fan de 'grutte dyk' ou) en efkes letter wurde jo konfrontearre mei in grutte, lange, swarte bak yn in wiidweidige modder- en wetterpoel. Yn 'e fierte lokje de bosken fan 't Oranjewâld, mar ynearsten wurde jo suver twingjend nei it gebou lutsen. Jo witte: Museum Belvédère - museum fan moderne, benammen Fryske keunst.
Dat de auto oan 'e kant.
In bjusterbaarlike dûns tusken droege stikjes grûn troch bringt ús nei de bak, it Museum. Fiele oan de ferspringende platen dy't sûnt ús lêste oanwêzigens hjir om dat grize bouwurk pleatst binne. Efkes troch de knibbels om ûnder dy hiel leech pleatste en smelle ruten troch te sjen: in pak sûpe op in tafel, losse skilderijen tsjin de muorre.
Hjir bart dus it ien en oar.
Koart petear mei twa froulju dy't ea yn De Knipe wennen ("Mankes hat ús strjitte oait ris skildere") en no nei safolle jierren wer ris werom wiene: in kultuerskok! wat is it hjir feroare! ensfh.
En ik mar tinke oan de koaninginne dy't oer in wike as wat it museum iepenje sil. Soe se learzens ha dy't oan 'e ljiske ta rikke? Nimt Thom Mercuur har persoanlik op 'e rêch? Wurdt der foar har in rinbrêge boud? Komt in helykopter op it museum del?
Al dy modder en wetter om it gebou hinne!
Wy skopten op 'e dyk de modder fan de skuon/learzens, seagen ris oer't skouder, skodhollen en kuieren doe in oermannich troch de bosk.
22 oktober 2004
Ik ha der in skoft oer nei-prakkesearre, mar ik bin der noch net út. Wêrom spilet Tryater it stik 'Ald papier' yn in soarte fan wâldsjers? De klaikers om my hinne (yn 'De Weme' - Menaam, wensdjetejûn) fûnen dat faaks wol aardich. Witte dy lju folle fan de taal fan eastlik Fryslân..., mar de frou en ik (respektivelik fan 'e Gerdyk en Surhústerfean) ha ús knap fernuvere. Krekt om dat wâldsjers. Ik bedoel: hi, mi en si, no ja. En treeje en sneen klinkt ek noch wol autentyk. Lykas út en troch in grouwélich flokwurd - wâldsjers binne no ienris rûch yn 'e bek, rûger as de oare Friezen... dat klisjee.
Mar út en troch in wurd út 'e wâlden makket fan gewoanwei geefFryskpratende akteurs noch gjin wâldpraters.
Wêrom dus? Omt it stik oerset is út it Flaams?
Doch sokke keunstkes net, tink ik. It wurdt te keunstmjittich. Ik fernaam oan te folle tekst dat de akteurs de kop der by hâlde moasten. En as de kop der efkes net by wie, by de taal dus, waard wer 'gewoan' Frysk praat.
Apart en betiizjend. Seker as der 'kenners' yn 'e seal sitte. Taalminsken.

Efkes wat oars. Ek frjemd.
Juster skreau ik in stikje yn dit deiboek krekt op it momint dat SC Heerenveen begûn te fuotbaljen tsjin Benfica. Ik hie dêr uteraard gjin erch yn, mar in besiker frege him fan 'e moarn ou of dat in provokaasje wie.
Neitinke fansels. Provokaasje?
Doe snapte ik it. Ik hearde (Fries ommers!) foar de buis te sitten op dat stuit. Ik moast Hearrenfean folgje!
Tsjonge jonge! Krekt sa'n gekte as mei't keatsen. Want dêr skynt ek elke Fries in grutte fén fan te wêzen...
21 oktober 2004
Ferskate lêzers ha my de ourûne dagen witte litten dat se Tiny Mulder saterdje, op de boekemerk yn Drachten, sjoen ha. Guon de moarns, oaren de middeis. Ien praat fan in 'skym' - de measten hawwe har echt sjoen.
Sa, misferstân út 'e wei. Ik twifelje net mear oan myn eigen waarnimming.

It wie wer in feest, myn besite fan 'e midzje oan it Drents Museum yn Assen. In kearmannich jiers reizgje ik dy kant út en ferfeeld ha 'k my der eins noait. Altyd in aardige útstalling yn dizze kostlike museale romte. Ferrassend fan opset faak, wat se dêr ek útheve. Fan 'e midzje beseach ik in grutte tentoanstelling oer minsken yn it fean. No bin'k net sa ynteressearre yn de skiednis yn 't algemien, mar wat ik hjir foar myn eagen delgean liet, wie hiel aardich. In skoft ha 't sjoen nei it "famke fan Yde" - in argeologys wûnder (fyn ik) dêr't doedestiids, doe't se fûn waard, wat al te rûch mei omsprongen is. Mar fassinearjend dat kopke. Wol frege ik my ou: echt of in replika? Echt, tink.
Hiel aardich wie ek it lienwurk fan it Rijksmuseum fan Amsterdam: withoefolle (benammen) skilderstikken oan't lewant. Ut de tiid fan it Nederlâns 'impressionisme' en 'art nouveau'. Toorop, Israels, Vet, Breitner - dat wurk. Nijsgjirrige episoade yn de keunst.

Wat my ek wer opfoel fan 'e midzje (wy rieden wat via in ommelânse rûte nei Assen): Drenthe is yn dizze tiid in skitterende provinsje. Yn elke tiid trouwens.
20 oktober 2004
Fansels - Freark Smink. Marijke Geertsma en Jan Arendz binne topakteurs. Bring dizze trije by elkoar (wat noch wolris bart) en Tryater hat wer in foarstelling dêr't mei de provinsje yn kin. Gaadlik foar elke seal yn de doarpen, yn al dy kneuterige ûnderkommens - subsydzje!
Yn Menaam hjit sa'n ûnderkommen 'De Weme' - it stik dat spile waard: Ald papier.
Mei Freark, Marijke en Jan.
Oan de akteurs hat it net lein - krekt oarsom: de akteurs soargen der foar dat ik my jûn fermakke. Yn 'De Weme'. Dat ynlybjen yn de rol, de lytse bewegings, de stiltes - en ik tink ek de persoanlike lol fan de akteurs yn har eigen rol - tige profesjoneel!
Mar it stik...
'Ald papier' fan de Belgise auteur Stany Crets - sels akteur - soe gean moatte oer djipdollende saken dêr't elk minske him mei dwaande hâldt. Yn relasjonele sfearen. It sil't wol.
Ik folge eins allinne mar in plat stik dat troch elk amateurselskip spile wurde kin.
It wie troch it spul fan de akteurs dat ik my fermakke. En troch de regy fansels. Want sûnder Anny van Hoof (se wie der jûn) hie der faaks in oar lykwicht west.
Grutte parten fan it publyk om my hinne hie gâns wille om de tekst. Laken op mominten dat ik efkes wat fuortslokke moast. Elk fermakke him/har op eigen wize.
19 oktober 2004
In treinreizger haw ik noait west. Sil him ek wol nea wurde. Jo sitte mar wat te sitten, faak middenmank my folslein ûnbekende minsken dy't sûnder mis oanfiele dat in petear mei my der net yn sit. Sliepe slagget my ek net, likemin as lêze. Fierstefolle lûden om my hinne. Dat ik sjoch yn de trein nei de wrâld dy't foarby flocht. Ek dat ferfeelt nei in hoart. It sjen. Dy wrâld.
Ik reizgje by hege útsûndering mei it spoar. It is my te passyf. Ik bin as de boer dy't sels graach de leie hâldt. Dat reizgjen giet it alderleafst per auto, ik oan it stjoer.
It oerke mei de trein nei Zwolle hjoed wie lang genôch. Mei de reis werom wie in drama. Wat in reizgers, wat in bytsje plak. Dat: hingje, stean yn it middenpaad en by elke halte hoopje dat der in soad minsken útstappe. Wat dus fierste let barde. Simon Carmiggelt skreau dat jo âld binne as in jonger minske jo syn of har plak yn trem of trein oanbiedt. Ik fiel my út noch yn net âld, mar ik haw wittefaak om my hinne sjoen nei plakken dy't beset waarden troch ukky's fan in jier as fjouwer, fiif.
Treinreizgje wurdt foar my noait in feest. Ik besykje it myljeu te sparjen, mar as ik wer op 'n paad gean (en dat bart meikoarten) dan jei ik mei fleur en faasje de diesel troch de moter en de útlaat út!
18 oktober 2004
Hoewol't SBS6 it my wol ferskuorrende slim makke, haw ik de hiele film útsjoen. Langduorjende reklameblokken as ûnderbrekking - jo binne der sa stadichoan ta wend. Mar om de ein fan in film ek nochris te ûnderbrekken mei in folslein programma oer kul en fierder niks - toppunt!
Mar ik woe dizze James Bond-episoade sjen.
Omt ik dan sizze kin: ik haw se allegear sjoen!
Net omt ik no daalk in oerdwealske Bondfan bin, mar geandewei de tiid bouwe jo wat op. Ik sil in jier as 15 west ha doe't ik yn 'Seal Hollema' ('voor al uw bruiloften en partijen') de earste Bondfilm seach: "Dr.No". Surhústerfean hie gjin bioskoop, mar elke saterdje waard de jûns in film draaid. Yn in seal achter de kroech fan Hollema. Dat ik siet elke wike yn dy seal. Jo sleepten in stoel mei nei freonen, jo foarmen in rûnte dêr't gjin bûtesteanders yn akseptearre waarden en jo folgen de film fan de wike. Meast wie it neat bysûnders en dan waarden jo bluisterich. Jo smieten ris wat om jo hinne, jo rôpen opmerkings dêr't troch josels it hurdst om lake waard, jo gongen op frouljusjacht - en net selden wie der in aardige knokpartij.
It wiene moaie jûnen.
Doe waard "Dr.No" draaid. Wy wiene daalk as mûskes sa stil. Djip ûnder de yndruk folgen wy de aventoeren fan Sean Connery cs.
No ja, en sûnt haw ik alle Bondfilms sjoen. De measte yn de bioskoop fansels, mar soms ûntkaam my in episoade. Lykas 'The world is not enough'.
Jûn makke ik de Bondlist folslein. Mar dt ferge gâns tiid en trochsettingsfermogen.
Mei tank oan de kommersjele jonges fan SBS6.
17 oktober 2004
Wier of net wier? Ik sit mar mei dy fraach!
Justermidzje miende ik - it sil om healwei twaën west hawwe - Tiny Mulder te sjen. En ik bin der wis fan dat wy elkoar oanseagen en dat se "Ha Joop" sei. In hoart letter haw ik om har socht. Nergens te finen, op dy hiele boekemerk net.
Sûnt haw ik dy fraach: wie se der al of wie se der net?
Ik ha by dizze en jinge frege. Skodholjen. Immen sei: "Dat frommis wurdt hyltyd lytser, ju. It soe in wûnder wêze as't har opmurken hiest"
Unsin fansels. Tiny Mulder is te grut om har oer de holle te sjen. Mar dy fraach...

Yn Menaam wie't hjoed dûnker waar en it reinde út en troch. Fernaam ik letter. Wy wiene by de Iselmar en strûnden in moai skoft troch de bosk by Riis. Skitterende hjerstkleuren yn in prachtich sinneljocht. Somtiden docht in minske ûnbewust de krekte kar.
16 oktober 2004
"Tsjong", sei Trinus Riemersma, "do bist ommers sa'n klomskeet en dochs komme". Hy befielde my de broeksbokse, dûdlik op syk nei sa'n lange jeger ûnderbroek. Om ús hinne waard lake. En ik wist: dit wurde in pear fleurige oerkes.
Boekemerk Drachten. Fan 'e midzje.
It wie kâld. Achter de diskes heukeren de skriuwers, oan 'e oare kant rûnen de foarbygongers foarby - de boeken leine geduldich te lizzen.
It like net bepaald in drokke boekeferkeap, yn 't earstoan, mar doe 't ik in oermannich letter yn petear rekke mei Durk Hibma, fernaam ik dat it poerbêst gie. De hiele sutelaksje waard fan't jier wer in sukses (ik hearde fan in omset fan mear as 215 tûzen euro), dizze boekemerk rûn ek goed. Ik knikte mar wat. Myn ynskatting wie der wer ris by troch.
Ik bin gjin ferkeaper. Ik haw de hiele midzje dus gjin boek ferkocht. Ik rin rûntsjes. Praat hjir en dêr in pypfol, harkje like faak en mear as ienris is der wat te gnizen. En ik garre lytse nijtsjes.
Sa hearde dat Durk van der Ploeg oan de lêste haadstikken fan alwer in nije roman skriuwt. Fansels woe er der neat oer kwyt. Dat dogge skriuwers selden, prate oer in boek dat noch dien makke wurde moat. Wol fernaam ik dat er in yntuïtyf skriuwer is. Hy moat neat ha fan in 'plot' dat er fan te foaren al opsette. Foar my wie dat nijs. Sa'n deeglik auteur...
Lida Dykstra skoart poerbêst yn de 'Hollânse' boekemerk. Se praat dêr beskieden oer. Ferlern foar it Frysk is se no net daalk. Beide talen bliuwe ark om ferhalen mei te fertellen.
Dichter Arjen Hut wie der mei syn freondinne. Grutsk fertelde er dat er ien bondel fan himsels ferkocht hie. En dat 'Doar.nl' noch folle mear in iepen poadium wêze moat. Benammen foar jonge en begjinnende auteurs. Aardige jonge, Arjen.
Elske Schotanus kin hiel meinimmend fertelle oer har wurk yn de psychiatry. In gebiet dêr't ik mar in hiel lyts bytsje fan ou wit. Mar ik harke wol!
Dat Gurbe Douwstra meikoarten oan in nije cd wurkje sil, die my deugd. As it rint sa't it rinne moat, kin dat skiifke yn desimber oanskaft wurde.
Ernst Bruinsma en Karin Bies promoten omraken it tydskrift 'De Moanne'. Fergese eksimplaren waarden mei leafde omparte. 'De Moanne' hat op't stuit likernôch 550 abonnees. Dat tal boazet stadich oan, mar de 1200 (it doel fan in jier as wat lyn) sil net helle wurde. Wy wiene it der oer iens dat 550 in respektabel tal lêzers is, seker as jo dat fergelykje mei algemien kulturele of literêre blêden yn Flaanderen en Nederlân. En wy koene ús ek net foarstelle dat der earne yn it provinsjaal apparaat amtners wêze soene dy't dit blêd de nekke omdraaie wolle.
Johan Veenstra hat wer in 'hit': "De wereld is gek", in ferhalebondel. Moaie útjefte, kreas fersoarge. Hoewol: de letters binne wol frekte lyts.
En sa kaam ik de midzje troch. Ik ha my gjin tel ferfeeld. En dat hat wolris oars west.

(Ik bin ynienen net mear wis fan it wurd 'klomskeet' dat Trinus brûkt hawwe soe. It kin ek in wurd west hawwe mei lyksoartige betsjutting. No ja, wat tsjakt it ek).
5 septimber 2004
Earst efkes dit:
Ja hear Tamminga, dat stikje fan juster wie iroanys bedoeld. En frou/hear De Jong: ik kin der sa oer skriuwe omt ik it sels wittefaak meimakke. Nee frou Lacombe, nee seker is Koos Tiemersma gjin fijân fan my. Sterker: ik ken de man allinne fan de hege kruk boppe steapels fan syn eigen boek, ferline jier yn Stiens. Wy joegen elkoar in hân.
Antwurden op e-mails fan hjoed.
Hjoed oerdei wie'k benammen dwaande mei de ferstopping fan de oufoer út de keuken wei. Gjin oufoer eins. Wat is it dan prachtich dat jo minsken mobilisearje kinne. Lju dy't tige profesjoneel op in saterdje de boel skjinmeitsje. Trochstreame litte.
De seine fan it plattelân!
En ik kocht hjoed in nije computer en sa'n plat lcdskerm. PCprivee, mar dan op syn Piter Jelles'. Wy ('wy!') hawwe nei alle gedachten neat te krijen mei de ynhaligens fan minister Gerrit Zalm. Wy hawwe in eigen regeling?
En ik siet yn 'e tún hjoed, oerdei. Ik liet de sinne oer my streame - en út en troch tocht ik: ik tinks niks!
3 augustus 2004
Jûn wiene wy yn Surhústerfean. By de proffytserij.
Wat in folk! Yn gjin tiden safolle minsken by elkoar sjoen. Dat wy bleauwen yn beweging, in kearmannich it fytsrûntsje fan sa'n 1500 meter del. Underwilens betocht ik hoe ienfâldich dit kriteariumwrâldsje eins yn elkoar stekt. De manlju fytste dy 90 kilometer om de toer hinne yn twa oeren. Ut en troch is der in flecht, in lytse kopgroep. De grutte 'vedette' (fan't jier Ivan Basso, de man njonken Armstrong, tredde yn de Tour de France) lit him in kearmannich sjen, lykas oare 'vedetten' - Erik Dekker bygelyks, Jants Koerts, Marc Lodz, Vierhouten. De pleatslike held grypt in kear syn kâns (Pieter Weening), mar úteinlik wint de djoerstbetelle yn de hurdfytsersgroep. Basso dus.
Elkenien tefreden. Benammen it manmachtich opkommen publyk.
Wy hiene in kostlike jûn.
Ungelokkigerwize kamen wy yn Surhústerfean ek in pear keatsfanaten tsjin. Kunde. Fraach: moarn op de PC?
Mei safolle minsken (hoewol: in fraksje fan jûn yn 't Fean) yn dy Frjentsjerter keatsarena mei gleonhyt waar - ik moat der net oan tinke!!
Boppedat is dy keatserij myn pakky-an net daalk. Der bart te min. Jo ferfele jo meast hartstikke dea. Boppedat: oerskatte oandacht, de PC. Fral wichtich foar Omrop Fryslân - ús greidhoekestjoerder...
Nee. Moarn nei Katwijk: see, strân, frijheid en wiidte.
Myn jierdei trouwens... 59 jier....
2 augustus 2004
En jûn hie'k ynienen de gedachte: ik moat noadich wer ris by Eeltsje Hettinga sjen, by Erosmos.nl. Uteinlik wie hy tige warber, in skoft lyn al wer, yn de kwesje Huub Mous versus LC c.q. Rimmer Mulder. Wat dus achterou (lês ik de reaksjes) in stoarmke yn in ûnbidich grut glês wetter wie.
En fierder hat Eeltsje ek wol ien en oar te melden.
"You are not authorized to view this page".
Myn earste gedachte: Eeltsje hat syn side ornearre foar in selekt ploechje freonen. Hy skriuwt op syn side sokke wûnderbaarlikbjustere saken, dat ik - hearrend ta it gewoane kloatsjefolk - mei dêr gjin each op smite.
Efkes fielde ik my bûtensletten.
Ik haw syn adres op myn side 'trochferwizings'. Kin der no dus ek wol wer ou.
Oare gedachte. Erosmos.nl wurdt yngreven ferboud. De Feniks riist aansen yn alle gloarje út de jiske. Wy moatte geduld hawwe.
Tredde gedachte: Erosmos.nl is - nei 'Kistwurk' - in nij lyk yn it sok fan Eeltsje.
Soe der noch in fjirde gedachte wêze (kinne)?
1 augustus 2004
No ha ik lange jierren tocht dat de dichter R.R. van der Leest de langste boektitel betocht en publisearre hie: "Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?"
In bondel út 1972
Fan 'e moarn lykwols lies ik: "Oude geschiedenis van Pa die leefde als een dier want hij schaamde zich nergens voor en hij was erg practisch". In wol hiel aparte ferhalebondel fan J.M.A.Biesheuvel.
Binne der noch langere titels?
Ik soe soks graach hearre fan immen dy't tafallich lâns dizze stikjes delfytst.
Ik tink hast te witten fan nee.
31 july 2004
Sitaat.
Ut "Een liefde in Parijs" fan Remco Campert.
"Sinds Richard zestig was geworden schatte hij werktuiglijk de leeftijd van iedereen die hij tegenkwam. Steeds meer mensen waren jonger dan hij. Hun aantal zou alleen maar toenemen tot ze hem ten slotte met z'n allen over het randje zouden duwen".
Ik werken dit. Fansels. Wensdje wurd ik 59 jier en yn de eagen fan de mearheid fan de minsken om my hinne bin ik in âld man. Leaver: in âlder wurdende man. En dan docht it werklik net ta de saak hoe 't jo josels fiele. Of wat jo dogge, wat jo noch dwaan kinne.
Jo binne gewoan net jong mear.
Jo kinne net mear wat eartiids gewoan wie. Jo fine in soad dingen dy't jonge minsken dogge net ynteressant. Jo stean oan 'e râne fan withoefolle saken dy't hjoeddedei spylje, wichtich binne.
En jo akseptearje dat. Uteraard. Jo stean de nije generaasje net yn 'e wei.
Wat dus wat oars is as dat jo net mear meidogge.
Ik doch oan in soad dingen mei. Sterker: in begjin oan ferskate nije dingen.
Ik libje.
Mar ik fernim oan myn liif de beheinings. Soks seit himsels.
29 july 2004
By de fakânsjepost wie de twadde roman fan Koos Tiemersma: 'De mjitte'. Ik haw it boek noch net lêzen - dat sil meikoarten heve. Ik hoopje dan dat dit boek my better foldocht as syn earste.
Knap trouwens dat Tiemersma sa flot achter elkoar twa pillen fan boeken wit út te jaan.

Ik wol net sizze dat it earne oars altyd better is as yn ús eigen wrâldsje, mar soms haw ik sa'n gefoel al. It stelt allegear neat foar, mar it falt jin wol op.
Hjoed wie'k by de skûtsjesilerij yn Langwar en nei ourin siet ik in hoart yn de haadstrjitte. Gâns folk, foar it grutste part noflik oan it bier. En doe realisearre ik it my wer: alle konsumpsjes wurde presintearre yn plestiken bekers. Bier, wyn, fris.
Wat in belachlike gewoante eins.
Oardel wike lyn rekke ik yn Súd-Dútslân fersille yn in ougryslik grutte tinte. Dy jûn waard de ein fan in skuttersfeest fierd, in soarte fan 'Bierfest'. Kostlik haw ik my fermakke mei it sûpende, sjongende en dûnsjende folk - mear as tûzen man. Dûnsje op 'e flier, dûnsje op de banken. Wat in bier waard dêr dronken! Liters de man/frou. Ut fan dy ûnbidige pullen, mar ek út lytsere glêzen.
Glêzen. Echte glêzen.
Gjin plestik.
Wy ha ferskate oeren meidien oan it feest en gjin momint foel it my op dat sa'n glês oan diggels foel. Se waarden skjinmakke en op 'e nij folskonken.
Ik nim oan dat jûn yn Langwar it folk oer stikkentrape plestik kuieret. Sa't ik dat oer in wike as wat ek yn Menaam, de jûns nei it keatsen, meimeitsje sil. Jo drinke jo beker leech, smite it ding oer de flier en sette de skoech der op. Nije beker helje.
Belachlike gewoante!
Oplossing? Ik krij it hast net út 'e strôte, mar ik sis: op syn Dúts. Sterke glêzen. Dy't op 'e nij brûkt wurde kinne.
28 july 2004
As guon minsken fernimme dat ik yn Menaam wenje, wurdt my op slach meilydsum oansjoen. Ek dyjingen dy't witte dat ik yn dit doarp sûnt 1976 myn tiid tabring, glimke meast smeulsk. Of se nimme my nijsgjirrich op.
Yn har eagen lês ik: Schatzenburch.
As soe it hiele bestean fan Menaam (en Dronryp) werombrocht wêze ta dy iene aktuele 'soap'. En soene wy, ynwenners, fan dat hiele gedoch alle fine puntsjes witte.
Nee dus. Yn myn gefal. Ik lês de krante en út en troch ploft der in skriuwen oer dat ûnderwerp op 'e matte. Dat ik meast net lês, want eins ynteressearret dat hiele Schatzenburch my gjin byt. Want: wy hawwe gjin lytse bern mear yn 'e hûs. En sporte dogge wy earne oars wol.
Mar dochs.
Rekreaasjepark Schatzenburch wie doedestiids ien fan de pluspunten dy't makke dat wy ús hjir nei wenjen setten. Moai foar de bern: swimbad, sporthal en -fjilden. Letter kaam der in soarte bosk by dêr't wy wolris in kuier makken.
Folle letter fernamen wy dat Schatzenburch in fikse finânsjele bongel oan 'e poat fan de gemeente wie. It moat dus in opluchting west ha dat der (úteinlik) in Haachse projektûntwikkeler lâns kaam dy't de boel opkocht en der wat moais fan meitsje soe. Wy liezen oer prima ouspraken yn ferbân mei de mienskipsfoarsjenningen lykas dat swimbad en sa.
Klear. Tochten wy.
Nee dus.
Dy projektûntwikkeler liet it bosk slachtsje. Dat soks barde yn in tiid dat fûgels yn de beammen nestelen, wie in flater. Mar foarút. Elk docht wolris wat doms.
Mar ynienen kamen der folle mear berjochten yn 'e krante en dy holden oan as storein.Yn it doarp waard grommele. Seker doe't ynienen bliken die dat in kaartsje foar in midzje swimmerij in eurotientsje kostet.
En juster fernaam ik dat in potsje pisjen op Schatzenburch jild kostje moat, lykas it delsetten fan fyts, brommer of auto. Aansen moat der foar elke meter dy't jo op Schatzenburch rinne, foar elke hap lucht dy't jo dêr nimme, foar elke blik dy't jo op it rekreaasjepark smite betelle wurde.
Dat: wat is no gek?
De gemeente?
Dy projektûntwikkeler?
Feit is dat de jeugd in stik ûntspanning ounommen wurdt. Dat sporters (fuotballers út Menaam en Dronryp, tennissers - én de supporters) mei lege hannen komme te stean as de respektive kompetysjes aansen wer úteinsette.
Ik tink - en dat hear ik ek yn it doarp - dat hjir in rankuneus potsje pesten spile wurdt. De gemeente versus dy projektûntwikkeler. Net tajaan wolle. Lytse bern wêze.
Hawar. Freegje my net hoe't it sit. En wat de oarsaak is. En wêrom? Ik kin dat net útlizze. Mar dat in hiel sterk punt yn dizze lytse regio stikken makke wurdt, mei dúdlik wêze.
25 july 2004
De trip nei it Eastenrykse Tirol hat my gâns better foldien as ik ferwachte hie.
Ferwachte... wat hie ik dan ferwachte?
Faaks dochs in bytsje de klisjees. Huodsjes mei fearren, lederhosen, dirndljurken, jodeljende grapjassen achter elke beam? It iennichste wat ik tsjinkaam fan dat rychje wiene in stikmannich fan dy dirndldames. Yn in VVV-kantoar.
Foar it oare wie Tirol ûntspannen, moai en ferbjusterjend skjin. Prachtige bergen, nijsgjirrige doarpen en Innsbruck is fansels in skitterende stêd.
En it waar wie perfekt!
Untspannen. Noflik.
En dan foar te stellen dat ik no noch fiif wike fakânsje haw!
12 july 2004
Dat stikje yn 'e LC fan hjoed haw ik twa kear lêzen. Ik wit dus wat der stiet, mar ik kin der neat mei.
It giet oer in frou en har lesbise útjouwerij.
De frou wol boeken útjaan fan lesbise auteurs dy't dat lesbys-wêzen as in boadskip útdrage. Is it frjemd dat ik op slach bylden fan in sektarys selskip foar my hie? Dames fan de frouljusleafde dy't skriuwe oer dat iene téma...
No sil ik de lêste wêze om immen te oardieljen op syn of har seksuele foarkar. Jo binne no ienris wat (wa't) jo binne. En jo rjochtsje jo libben op jo eigen wize yn. Haw ik fierder neat mei te krijen.
Mar skriuwe. Ik kin my foarstelle dat guon minsken prate oer "tipise" frouljusboeken. Dy binne der. Ik haw se lêzen. Meulenbelt, Slot, Burnier, Palmen, Blaman, ensfh. Noait haw ik my oufrege hoe't de froulju seksueel yn it libben stean. Omt it my altyd om it ferhaal giet. Ik bedoel: jo hawwe yn myn eagen goede boeken en minne.
Mar no sil in útjouwer allinne mar boeken útjaan fan froulju dy't it lesbys-wêzen as in kroade foar har úttriuwe. Har auteurskip dêr oan ûntliene.
Wat in beheinde saak!
En sil de kwaliteit fan har skriuwerij ûndergeskikt wêze? Makket it neat út oft de frouljuskriuwers ek goede skriuwers binne?
Hawar. Moarn sille wy op reis. Ik haw dus yn alle gefallen in wykmannich tiid om dêr oer nei te tinken. Faaks dat ik de boeken (fiif útjeften jiers) earst mar ris lêze moat.
10 july 2004
Auteur sitearret út eigen wurk:
"Ik fyn it noch jimmer spitich dat ik net mear mei Evert Zandstra prate koe: wy hiene in ouspraak, mar hy stoar in wike foar't ik nei Bennekom ta soe".
In sitaat út de ynlieding fan myn 'Peteareboek', dat yn 1976 publisearre waard. In boek mei acht fraachpetearen mei minsken dy't ik doe nijsgjirrich fûn. Zandstra fûn ik nijsgjirrich. En ik hie heard dat hy gjin interviews joech. Dat ik belle en sa.
Hoe kom ik ynienen op Evert Zandstra?
Koartlyn werlies ik syn roman 'De wijde stilte'. Ik haw de earste printinge. Dat is in lekker gefoel yn 'e hân as jo lêze. Fyn ik. Eartiids wie'k ûnder de yndruk fan de roman, no sis ik: wat in ferskrikliken draak!
Mar 'De wijde stilte' wie wol de oanlieding om Zandstra foar in petear te freegjen. Jo achterhelje syn adres en jo skriuwe in brief. Gjin antwurd. Jo skriuwe noch in brief. Gjin antwurd. Jo achterhelje in telefoannûmer en jo skilje nei syn adres. "O, jo binne de man fan dy brieven".
Wy hawwe in aardich petear (in petear mei grutte stiltes oan syn kant) en wy prate ou dat hy neitinke sil oer in petear mei my. Zandstra sil my werom belje. Wat dus net bart. Ik belje him úteinlik. En wy prate tiid en plak ou foar dat petear op dy-en-dy datum.
Ik reizgje wer nei Den Haag (it NLMD) om my ta te rieden op it petear. De wrâld oan ynformaasje garje ik. Ik ha boppedat withoefolle fragen.
Ik lês yn 'e krante dat er ferstoarn is.
Gjin petear foar it 'Peteareboek'.
8 july 2004
In ferneamd grapke, seker ûnder skoalmasters: in learaar hat fakânsje of hy krijt fakânsje...
Humor! Wauw!
Altyd yn ferwachting - jildt soks net foar elkenien? Elkenien mei in baan. bedoel ik dan. Ik ken ferskate lju dy't net wurkje, eins noait yn leantsjinst west hawwe. De útkearing wie makliker. Altyd lêst fan 'e rêch, behalven as der in fikse put (knap fertsjinjend) wurk ferset wurde moat...
Sokke cowboys hawwe myn... ik soe hast skriuwe "sympaty", ik bedoel eins: belangstelling. Ik fyn it nijsgjirrich om te sjen hoe't se har troch allerlei regeltsjes hinne wrotte. Moaier is noch te fernimmen hoe't se har rjochtfeardigje. Gjin spiker tsjin beropswurkleazen yn te bringen. Beropswurkleazen jouwe altyd de skuld oan oaren. Beropswurkleazen binne altyd slachtoffer.
Beropswurkleazen hawwe noait fakânsje.
Ik al.
Fan dit wykein ou oan hoech ik my net te bekroadzjen om wurk. Wy stappe yn de auto en wy sjogge wol.
6 july 2004
Soms woe ik wol dat ik wat minder lies.
Dat ik wat minder hongerich wie nei nije boeken, nei nije Fryske boeken.
Nije boeken (yn allerlei talen c.q. oersettings) komme suver elke dei op myn paad. En dan fleane my de euro's sa ougryslik maklik ta de bûse út.
Ik lês. En ik lês!
Ingels, Nederlâns, Frysk - troch elkoar hinne. Ut en troch pik ik wat Dúts mei, wat Frâns - mar de haadsaak is (al as net oerset) Nederlâns.
Ik ha der myn wille mei.
5 july 2004
De "Freonen fan de Bibletheek" - wy hawwe it oer de iepenbiere bibletheek yn Ljouwert - freegje my (via in mail fan bestjoerslid Sietske de Jong) of ik ree bin en interview Tomas Ross.
Mids jannewaris takomme jier.
Tomas Ross, skriuwer fan benammen misdiedromans. Master yn it betinken fan komplottéoryen. En as sadanich wolkom oanwêzich yn allerlei televyzjeprograms.
Tomas Ross: druk op in knop en hy lult in programma fol!
Fansels wol ik "live" yn petear mei Tomas Ross. Mei publyk.
Wy diene dat earder. In kearmannich. Foar de SLAL (op syn minst in jier as tsien lyn), foar de SLAH (efkes letter). SLA - Stichting Literêre Aktiviteiten. De lêste letter jout de plaknamme oan. Ljouwert. Hearrenfean.
Wy ha lang briefke. Willem Hogendoorn en ik. Skriuwersnamme Tomas Ross.
De "Freonen" - ik haw foar dy freonen ek warber west. Ynterviews. Jef Geeraerts herinnerje ik my. Jan Brokken. Tim Krabbé - of wie dat wer foar de SLAL?
Mitert my gjin donder. Ik bin gjin idéolooch. My giet it altyd om it promoten fan in auteur. Elke klup dy't my freget kriget suver yn't foar myn ja. As it in gaadlik auteur is.
4 july 2004
Der binne fan dy dagen dy't jo yn 'e earms nimme - breed -, dy't jo koesterje, dy't in plakje krije ûnder in echte mantel fan de leafde.
Sa'n dei wie't hjoed. Fûn ik.
It Frisia Museum yn Spanbroek - dêr ride jo fan Fryslân út mei in bewust doel hinne. Skilderijen sjen, magys-realisme. Aparte oandacht foar Pyke Koch op 't stuit - der hinne!
Dat hie ferline wike kinnen, nije wike ek noch - it waard hjoed.
Djip ûnder de yndruk. It ferskil tusken magys-realisme en surréalisme - dy fraach pleaget my al jierren. Pyke Koch hat dêr in antwurd foar. Magys-realisme is wat net wierskynlik is, wat eins net kin, mar as jo der goed oer nei tinke, soe de sitewaasje dy't jo skilderje, betinke, opskriuwe eins eventueel faaks wol kinne.
Surréalisme. Jo betinke in wrâld dy't ech net kin, yn gjin inkele sitewaasje. Mar jo skeppe him wol!
Tsja..
Letter wiene wy yn Callantsoog - in fikse strânkuier. God, wat is dat lekker!
Mar dat Frisia Museum - prachtich!
3 july 2004
In oere lyn wie'k op besite by Syste Jansma en Sito Wijngaarden. De beide jonges hawwe in wike as wat lyn in 'Literêr Kafee' opset yn de studio fan Radio Eenhoorn yn Menaam. My is frege om yn dit 'kafee' wat te fertellen oer nije Fryske boeken dy't ik lies.
Wat ik al jierren doch fansels. Oare tiid, oar programma.
Ik moat sizze, de jonges sieten der tige ûntspannen by. En ik fernaam dat se in wichtich part fan har programma ynromme ha foar muzyk. Prima!
Ik fertelde wat oer twa boeken. Fan Durk fan der Ploeg (roman) en Trinus Riemersma (kollums). Ik koe myn gong mar gean, ik krige de tiid. Gjin momint wie der in fingerke dat oanjoech dat ik myn ferhaal oubreidzje moast. Ik fûn dat wol lekker eins. Sa, midden yn 't programma, net oan de ein - sa't ik dat wend wie yn it oare programma.
Ik ha my fermakke tidens dizze útstjoering. It aardige fûn ik ek dat ik prate mei twa manlju dy't witte wat skriuwen is. Dichters. Dus.
3 july 2004
Yn 'e rin fan dizze dei (juster dus al yntusken) krige ik wat Oeralnijs mei.
En ik wie ferbjustere!!
Echtwier!
Tinke dy Oeralminsken no wier dat se Skylge de baas binne? Dat se mei sjantaazje de dream fan Joop Mulder rêde kinne?
Of is Mulder syn eigen dream?
It giet dus om sinten. Sjantaazje giet ek om sinten. Joop Mulder is sinten.
Ynwenner fan 'Terschelling' binne jo deun of efkes minder deun. Profitearje jo fan Oeral en donearje jo? Al of net.
Sa stadichoan tink ik dat de Terschellingers knap tsjin elkoar oer set wurde. Ien stjer betjut dat jo ... Twa stjerren betsjut...
Ensfh.
Oeral is foar my sa stadichoan passee...
1 july 2004
In wike as wat lyn fernaam ik dat it skriuwersduo Jansma/Wyngaarden in wykliks literêr programma presintearret op Radio Eenhoorn, de lokale omrop fan Frjentsjerteradiel, Menameradiel en it Bildt. En ek fier bûten dy regio de 'ûntfangen'. Bûten de kabel om.
Wykliks. Elke saterdjetejûn. Fan 18 oant 19 oere.
Ik fyn dat hartstikke prachtich!
Foar my hat dat ek konsekwinsjes. Al jierren rop ik foar dyselde stjoerder myn (benammen Fryske) boekbesprekkings. Mendjetejûn, elke trije wiken. Dat 'literêre praatsje' (de ynterne namme by Eenhoorn) is no dus ferhuze. Fernaam ik in dei as wat lyn. Ik foarmje om de safolle wiken in ûnderdiel fan Jansma/Wyngaarden. Op saterdjetejûn.
Ik bin fansels sa fleksibel as in túnslang.
Dat ik besprek de boeken tenei op saterdje. As ûnderdieltsje fan in grut literêr gehiel.
30 juny 2004
De hiele wedstriid haw ik sjoen. Televyzje. En ik kin my folslein lykfine mei de útslach. Twa-ien foar Portugal - okee.
Nei it nijs en Nova haw ik in hoart harke nei 'talking heads' op Nederlân2 - tige besteklik allegear. Johan Cruijff yn 'e haadrol. De 'talking heads' op RTL4 wiene in stikhinne minder. Wurdt Jan Mulder sa stadichoan net in bytsje bot sielich....? Jittikpissers Barend en Van Dorp...
No, it Nederlânse fuotbalalvetal is útskeakele yn de heale finale. De lêste fjouwer ha se helle en dat is mear en better as ik ferwachte hie. Knap!
Moarntejûn lis ik wer plat foar de tv. Dy oare heale finale. Ik sil moarntemoarn al efks yn 'e krante lêze oer wa tsjin wa...
30 juny 2004
"It proaza moat neffens it sjueryreglemint yn 'e geast fan it wurk fan Rink van der Velde wêze, literêr én gaadlik foar in breed publyk".
Yn it parseberjocht ('Nije sjuery ynstallearre foar Rink van der Velde-priis 2006') stiet it mar wer ris eksplisyt. Dizze priis is ornearre foar folksskriuwers yn it Frysk of 'yn de besibbe streektalen'.
Ik wit net of Rink him yn syn grêf omdraaid hat doe't bekend waard dat Koos Tiemersma de earste Rink-priis krige. Foar 'De ljedder', in boek dat trouwens likegoed de Gysbert Japikspriis winne kind hie. Ik wie doe nochal skeptys. Foar in breed publyk? Woe my net oan. Mar de ferkeapsifers wiene poerbêst, haw ik letter begrepen.
De sjuery bestiet út Aly van der Mark (eks-Omrop Fryslân), Joop Douma (boekhanneler yn Surhústerfean) en Hinke Wiersma-Zwart (iepenbiere bibletheek yn Ljouwert). In sjuery dy't betrouwen jout.
De Rink van der Velde-priis is ynsteld troch B&W fan Smellingerlân, yn 'e mande mei de Friese Pers Boekerij. De winner krijt, njonken in byldsje fan Anne Woudwijk, €1.250 byskreaun op syn of har rekken. De priis wurdt útrikt yn 'e boekewiken fan 2006.
29 juny 2004
Ik sil bliid wêze as de lêste wiken fan dit skoallejier foarby binne! Myn eksamenklassers sjoch ik oer in dei as wat wer, as se it diploma ophelje. Ut en troch moat ik opdrave om in espeltsje bern fan 'e dyk te hâlden. En fierder dogge wy benammen datjinge wêr't ik in aldergrouwélichsten hekel oan haw: fergaderje. Ik haw de yndruk dat wy fan gearkomste nei byienkomste drave.
Allegear like wichtich fansels. Mar ik ha der sa it mier oan!
Ik haw de yndruk dat dy fergaderkultuer geandewei it gewoane lesjaan oer nimt. Dat liket it hiele skoallejier al sa, mar de lêste wiken is it bjusterbaarlik.
Sektorbyienkomsten.
Algemiene stúdzjedei.
Seksjefergadering.
Kommisjefergadering(en).
Gearkomsten oer nije ûnderwiisfoarmen.
En mear fansels. Byienkomsten dêr't ik allinne mar oan tinke kin mei it swit yn 't hier.
Noch efkes trochsette, Boomsma. De simmerfakânsje komt der oan. Nei't wy op de alderlêste skoalledei in ouslutende leararefergadering oerlibbe ha.
18 maaie 2004
Al jierren stiet se yn myn list fan trochferwizings: Miranda Mei. In eksoatise namme, mar hyltyd mear minsken kenne har as Ruurdtsje de Haan.
Skriuwster/dichteres.
In dei as wat lyn fernaam ik dat se in deiboek byhâldt op it internet. Dat deiboek haw ik jûn foar in part lêzen. Geweldich! Wat in oanwinst, wat in wiif, wat in erudite frou!
http://mirandamei.web-log.nl/
Te begjinnen begjin febrewaris 2004. Efkes scrolle - eventueel.
En dan te betinken, lykwols, dat dit deiboek mar in lyts part is fan har thússide. Fan de dichteres Miranda Mei.
De Fryske skriuwerij is noch altyd fol ferrassings. Ruurdtsje is in ferrassing.
17 maaie 2004
Even foar alven, fan 'e moarn. Ik fernaam dat Jenny yn 'e húskeamer de radio lûder sette. In mannestim song. Daalk dêrnei hearde ik Jenny telefonearjen.
Doe't ik ûnder kaam, wie se al wer (of noch) oan 'e telefoan. Se wachte. Even letter hearde ik dat se fertelde dat se sa'n moai nûmer op de radio (Omrop Fryslân) heard hie - wa 't dat wie?
Gerrit Breteler.
Ik wie ferbjustere. Jenny dy't út harsels Wim Brons suver achter syn mikrofoan weihelle om har fraach te stellen. En in antwurd ha woe. Noait earder fertoand, dizze assertiviteit.
De macht fan de stim fan Gerrit Breteler!
Se hie noch noait fan Breteler heard, sei se. Ik prate har wat by oer de keunstskilder/ûntwerper/oersetter/muzikant (ensfh) en ik fertelde har de fersuchting fan Baukje Wytsma, ea, doe 't wy in live-optreden fan him oanharken: ''Wat is 't in moaie man, net!'
Fan 'e midzje wie'k yn fjouwer muzyksaken: gjin CD fan Breteler te besetten. Moarn wer op 'e sneup. Want ús pake sei al: in tefreden húswiif is in bêst stik húsrie.
16 maaie 2004
It wie goed waar hjoed. Waar om te fytsen. Waar om de lea wer ris te brûken.
Dat wy fytsten hjoed. Knap in ein.
Mar ûnderweis hearde ik tusken myn earen withoefaak de stim fan Trinus Riemersma. Ut syn column yn 'e Ljouwerter krante fan ferline wike freed. "Dea oan de âldelju op fytsen".
Oke, Trinus - ik sit yn dyn doelgroep, ik mei graach fytse, ik genietsje fan fûgels en har lûden ûnderweis, ik ergerje my oan dy kealskearde greiden - mar fytsendeweis haw ik wille. Omt der sa'n allemachtigen te sjen is, te belibjen. En jo wrâld wurdt in einhinne grutter.
Trinus - mei de hûn in ein kuierje yn en om Frjentsjer is fansels hiel aventoerlik. Mar keardel, do bist âlder as ik: pak ris de fyts. De wrâld is grutter en moaier as dyn stêd. En de yndustryterreinen der om hinne.
Wy wiene hjoed yn Dronryp, Deinum, Jellum, Weidum, Ljouwert en Marsum. Godman, wat is ús eigen wrâld nijsgjirrich!
Trinus, belje my: ik haw reisbeskriuwings foar dy. Eventueel ynklusyf Frjentsjer.
16 maaie 2004
It iennichste wat ik fan it Eurovisiesongfestival meikrigen haw - jûn - is de puntetelling. Dat fyn ik bernachtichprachtich!
Ik bedoel: jo kenne eins allinne mar de Nederlânse ynstjoering (dy't ik dus trije kear niks fûn) en as jo dy puntetelling besjogge, witte jo fan it lân mar hawwe jo hielendal gjin weet fan de muzikale kwaliteiten fan de lieten. Of fan dat spésifike liet.
Ik fyn dat skitterend. Echt!
Jo sjogge dat it in lannestriid is, in stammestriid. It giet fansels al lang net mear om it liet, de song, it fers - it giet om saken dy 't ik net definiearje kin, net wol. It giet dus nergens om. Of dat soene saken wêze moatte as: wat is myn buorlân, wa sjocht der ik smakelikst út, hokker sjongster hat de grutste boarsten, hokker sjonger it bêste hingwurk yn 'e broek, wa bringt it bêste fisuele spektakel, wa is myn buorman - benammen: wat is ús buorlân.
Jenny fûn Turkije goed. Kaam dus ek yn 'e top. Jenny oardielet as frou.
Ik beseach in stik fan it optreden fan winner Oekraïne. Tsja. Dus. Ek in 'performance'...
14 maaie 2004
Jûn let noch smiet ik in flechtich each op side 2 fan bylage 'Freed' fan de LC.
Ik skende myn namme.
Doe haw ik it hiele artikel lêzen. Flechtich. Oer Hindrik Sijens, leksikograaf by de Fryske Akademy. Sijens die ûndersyk nei fernijing fan it Frysk. En soks dan yn ferhâlding ta oare talen.
Friezen liene benammen, Friezen binne net fernijend.
Konklúzje. Fan Sijens.
Friezen ferdomme it oer 't generaal en meitsje in nij Frysk wurd foar in nij wurd út in oare taal. Wy liene, sette net oer, betinke neat nijs.
Toe dan mar.
Wat my steurde yn dit artikel, wie dat Sijens it wurd 'Dokurige' opnaam as nij Frysk wurd. Hie er fûn yn myn internetdeiboek fan 2001.
Ja hee!
Myn boek ferskynde as it safolleste diel fan in rige, dy 't al sûnt moai wat jierren de 'Dokurige' neamd wurdt. En útjûn wurdt troch de Koperative Utjouwerij. Dat gjin nije fynst. In âlde namme foar in prachtige boekerige.
13 maaie 2004
It sil in jier as trije, twa lyn wêze dat ik myn lidmaatskip fan de ECI - EuropaClubInternational - opsei. De ferplichting elk fearnsjier boeken te keapjen by ien winkel waard my tefolle. Ik sneup leaver wat by De Tille, Van der Velde of in oare boekhannel yn Ljouwert.
Sûnt dat opsizzen waard ik troch de ECI withoefaak 'per post' mei hûnetriennen (of hertsjes) wiisd op dy grouwéligen flater. Hoe koe 'k myn lidmaatskip opsizze, nei safolle jierren....
Hjoed ek wer.
Mar wat my opfoel en eins ek wat ferbjustere, wie de promininte rol fan Sylvana Simons yn de folder fan de ECI. Frou Simons, dy 't harsels affisjearret as de lêzer fan de kommersjele omrop (RTL4?) en ús (sjoggers) ûnbefoaroardiele nei de boekhannel stjoert om boeken oan te skaffen.
Sylvana Simons is dus gewoan in pion fan de ECI. Wurd lid!!!
Ik tink wolris dat ik te nayf foar dizze wrâld bin.
Dat: lit my mar wat ompiele by de echte boekhannel. Is spannend genôch.
13 maaie 2004
Ja god, Irak...
In goed jier lyn fulmunearre ik wiidweidich tsjin it ûnsillige ûndernimmen fan de Amearikaanse presidint om Irak binnen te fallen. De man hat net nei my harke.
It Amearikaanse leger is op 't stuit de baas yn Irak. Yn alle opsichten. No ja, behalve dêr't se net de baas binne....
It probleem mei Amearikanen is dat se tinke dat sy it bêste lân fan ierde binne. En dus it bêste folk. As elkenien dat sjabloon mar oernimt, dan komt it ommers yn oarder.
Ik bin net it type dat ropt: Sjochst wol, ik haw it al sein, ik ha warskôge.
Mar it griist my wol oan as ik sjoch hoefolle (benammen jonge) minskelibbens sinleas nei de bliksem gean.
Och, wat fierder te sizzen oer de sompe Irak. Wat in flater fan de US of A. Wat in heilloas ûndernimmen. Wat stom dat Nederlân tinkt dat it dêr held wêze kin.
Dave Steensma, ik haw dy net kinnen, mar wat fûnsto in domme dea yn Irak. Ek do bist slachtoffer fan Bush cs.
11 maaie 2004
In grut part fan myn libben bin'k in bewûnderer fan it wurk fan Pablo Picasso. Yn ferskate musea beseach ik syn wurk, ik haw in fracht boeken oer him (plaatsjeboeken, biografyën, skôgings) en in jier as wat lyn haw ik in skoft stilstien by syn bertehûs yn Malaga.
Koartlyn lies ik Mijn grootvader Picasso ('grand-pêre') fan Marina Picasso.
Yn 1917 helle de skilder Olga Koklova wei by 'Ballets Russes', dat ferneamde dûnsselskip fan Serge Diaghilev. In jier letter waard Olga syn earste frou. Dat houlik smiet in soan op: Paulo. Dy troude mei Emilienne Lotte. Twa bern: Pablito en Marina.
Marina skreau begjin dizze ieu har libbensskiednis, wêryn 't de haadrol foar pake Picasso is. Om't dy man har hiele libben bepaalde. En net allinne hàr libben.
Selden kaam my safolle haat út boeksiden temjitte! God, wat hie dat minske in wearzge fan har pake. De man dy't neat fan syn bernbern witte woe, hast gjin tiid foar har hie, har ferrekke liet yn de djipste earmoed, syn soan Paulo brûkte as slaaf, Pablito ta selsmoard dreau, ensfh. ensfh.
De geniale skilder krijt letterlik fan alles de skuld. Omt de man gjin leafde joech oan de bernbern. Dus. Om it simpele feit ek dat de namme Picasso earder in rem as in doariepener wie.
Marina sil it allegear sa belibbe ha sa 't se it opskreau.
Apart is dan dat ik dizze tekening fan Picasso net tsjinkaam yn oare boeken.
Yn ien fan de lêste haadstikken fan har boek is der lykwols dochs in bytsje begryp. Foar de pake dy't de wrâldferneamde skilder Picasso wie. It zjeny dy't alles om him hinne fan him ouskerme omt it steurend wêze soe foar syn keunstnerskip. De skilder Picasso oerhearske de pake. Mar ek de heit, de man - de persoan. Picasso wie eins allinne mar Picasso, de geniale skilder.
Ik haw withoefaak skodholle by it lêzen fan dit boek. Mar fassinearende lektuer is 't al. Ik tink dat ik dochs in bytsje mei oare eagen nei it wurk fan Pablo Picasso sjen sil tenei. Net mei minder bewûndering. Dat seker net. Mar ik wol sjen of ik de miening fan Marina yn it wurk fan har pake fernimme kin.
10 maaie 2004
Yn 'e dagen dat SC Heerenveen-tréner De Haan (wy neame him manmachtich Foppe) troch syn supporters de himel yn tôge is, foel it my wer op dat der wat oan 'e hân is mei de rubriken 'ynstjoerde brieven' yn allerlei kranten. Lannelik, mar likegoed regionaal.
Ut en troch lês ik yn de Leeuwarder Courant in brief dêr 't ik fan wit: haw ik in dei as wat lyn ek al lêzen. Omt wy ek in abonnemint op De Volkskrant hawwe, leit it yn 'e reden dat ik itselde epistel dêr lies. Mar soms binne wy by freonen dy't har eigen regionaal blêd lêze. Ik lês dan in brief dy 't ik letter yn ús eigen LC tsjin kom. Of dy't ik earder yn 'e LC tsjinkaam. Of yn in oar lannelik deiblêd as De Volkskrant.
Mei oare wurden: der binne brieveskriuwers nei kranten dy 't nei alle gedachten in folsleine list fan krante-adressen hawwe. Elk epistel safolle kear ûnder it kopiearapparaat en ferstjoere mar. Yn 'e hope dat se gâns redaksjes tsjinkomme dy 't it de muoite fine en nim sa'n brief op. Yn 'ingezonden' of sa.
Perfekte fersprieding fan ideeën.
Hjoed kaam ik yn de LC in brief tsjin fan in Pim Fortuyn-leauwige út it suden fan ús lân. Dat brief lies ik de ourûne wike al 4 kear earder. Yn ferskate kranten. Yn alle dielen fan ús lân. (Ja, ik reizgje en lês wat ou...). Jo kinne net ferwachtsje dat dy skriuwer affiniteit hat mei Fryslân, lit stean dat er abonnee is op de Leeuwarder Courant.
Mar syn (har) boadskip wurdt wol trochjûn.
Troch de redaksje fan de LC.
9 maaie 2004
Njonken my lizze trije stekyn'ebûskes: kreaze reprints fan Friese Pers-suksessen.
De Merkel Rige - begjin fan in nije searje? Tocht it wol.
Al sûnt jier en dei wurdt in grut part fan de boekhannel 'befolke' troch de Poema's, de Rainbows en withoefolle oare goedkeape reprints yn lyts formaat. Elke kear as ik mei de trein op stap gean, keapje ik sa'n pocketsje. It nimt ommers sa maklik mei. Sa'n boekje kin maklik yn 'e bûse. Soms lykwols lit ik sa'n boekje (útlêzen) mei opsetsin yn 'e trein lizze. Op 'e weromreis. Yn 'e hope dat der altyd in twadde lêzer komme sil. My jout dat in goed gefoel.
De Friese Pers Boekerij docht dus no ek mei, mei Fryske boeken.
De earste kar bringt wurk fan Tiny Mulder, Rink van der Velde en Riek Landman. Alle trije dus al in moai skoft útferkochte boeken.
Wat is de doelgroep?
Frysk-lêzers dy't net al te folle jild foar in boek útjaan wolle? Nije, jonge lêzers? Lêzers dy't net hechtsje oan in boekekast fol kreaze (dus grutte) útjeften?
Hoe dan ek: yn syn algemienens bin ik wol wiis mei de Merkel Rige. My seit dit ûndernimmen mear as de 'Fryske Klassiken'. Moai útfierde (want o sa swier subsidiërre) nije útjeften fan 'alde' boeken dy't gjin harsens mear lêst. Sokke boeken stean allinne mar moai te wêzen yn de boekekast.
9 maaie 2004
It is wer hartstikke let. It is net oars.
Neffens Cor van der Wal bin ik no dronken en Abe de Vries wit dat ik mei in glês bubbeltsjewetter achter (?) myn computer sit.
Ik tink wolris, wêr bemuoie dy lju har mei.
Hawar.
It hat allegear te krijen mei dit deiboek fansels. Ik skriuw faak op in let tiidstip en dan bin ik wolris mankelyk. So what! It is myn deiboek. In aardich aspekt is dat it tagelyk foar elk te lêzen is. Soks fansels op frijwillige basis.
Krityk op myn skriuwsels is fansels prachtich. In inkele kear gean ik dêr op yn.
De 'column' fan Abe de Vries (www.farsk.nl) lêst noflik. It is in knap skreaune parody/cartoon/spotprint/ensfh., mar ek net mear as dat.
Ik nim noch in buorrel en dan ha wy ek dizze dei wer hân.
8 maaie 2004
In goed oere lyn skode ik foar myn computer, lies de e-mail en waard suver bombardearre ûnder meidielings dat myn namme neamd waard op Farsk, ús internetblêd.
No no no - myn namme op Farsk!!
Dat blêd wurdt dus prima lêzen. Ougeande op myn mail. No prachtich.
Henk van der Veer sit yn Barcelona, Sietse de Vries hie in moai LC-petear mei Elske Schotanus (moarn set ik útein mei har ferhalebondel), Cor van der Wal docht dingen, Abe de Vries skreau in stikje oer myn (dit) deiboek, jûn lies ik de lêste siden fan in tiposkript fan Rein van der Leest, Trinus hat sa stadichoan de pest oan âlde lju, wensdje wie'k op it befrijingsfestival yn Haarlem, ik skreau oerdei it begjin fan wat in gedicht wêze moatte soe - ik konsumearje.
Op ien wêzentlik wichtige aksje nei.
6 maaie 2004
Doe 't ik Thea Beckman moete (wy kamen tafallich njonken elkoar te sitten yn in skoft fan in boekemerk yn Amsterdam) fûn ik har yn 't earstoan wat ordinêr. Sa'n frou yn in blomkesjurk dy 't prate mei gâns mûlewetter (sssjlust!), lûd lake en my ferskate kearen oanrekke. Ik mocht dêr min oer. Efkes letter lykwols - de measte auteurs wiene wer ouset nei harren negoasje - rekken wy echt yn petear en waard my al gau dúdlik dat Thea Beckman in alderivichst leave en wize frou wie.
Suver in ideale mem.
De nacht fan tiisdje op wensdje ferstoar se, 80 jier âld. De skriuwster lit in oeuvre nei dat kwantitatyf mar seker kwalitatyf tige de muoite wurdich is. Ik tink dat ik de measte fan har jongereinboeken wol lêzen haw. Yn myn literatuerpraatsjes op de skoalle dêr 't ik wurkje, fergeat ik noait har namme te neamen en guon titels fan har boeken ('Kruistocht in spijkerbroek' is spannend en nét âlderwets!). De lêste jierren hiene 'myn' bern in foarkar foar Carrie Slee, mar Thea Beckman wurdt ek lêzen. As it om jongereinliteratuer giet.
Beckman is wei. Ik sil der ta wenne moatte dat it takomme jier gjin nij boek fan har ferskynt. En dat se noait in echt grutte priis wûn - no ja, in skande dy't no allinne mar postúm útstreke wurde kin.
26 febrewaris 2004
Ik tink dat ik de iennichste lêzer yn de Fryske lettertún bin dy 't ouknapt is op 'De Ljedder', de debútroman fan Koos Tiemersma (útjûn troch de Friese Pers Boekerij).
Elkenien ropt jûchhei. Ik fûn der gjin donder oan. Oan de earste 100 siden, want fierder bin'k net kommen. Yn dizze roman.
En no: Koos Tiemersma wint de Rink van der Velde-priis. Mei 'De Ljedder'.
De RvdV-priis. Soe ornearre wêze foar in boek (of soks) dat foar in breed publyk skreaun is. Sa 'n bytsje yn de styl fan Rink sels.
Ik hear net ta dat brede publyk dat Rink foar eagen stie, dat de Gemeente Smellingerlân foar eagen stiet, dat de Friese Pers Boekerij foar eagen stiet.
Ik bin in elitêre lêzer.
Wat dus ek net wier is.
Ik snap dus hartstikke neat fan dizze bekroaning. Ik gun Tiemersma syn priis, ik gun de Friese Pers Boekerij (ien fan de inisjatyfnimmers fan dizze priis) in priis - elkenien mei winne wat er wol of fertsjinnet. Mar ik snap dus hielendal hartstikke niks fan dizze bekroaning.
'De Ljedder' foar in breed publyk, yn 'e styl fan Rink?
No ja.
Ik skreau it al earder: in sjuery hat altyd gelyk.
20 oktober 2003
"Dat jai bai mai trugkomp" - wier, ik hearde dat hjoed. Op de televyzje.
"Hun hebbe dat daar neergelege" - ek soks. Op de radio.
"Mar dat hie 'k net wolle sizze".
Ik bedoel: taal, werombrocht ta de ûnderbúk - dialekt wurdt standert. Platprate is 'yn'.
Betizing by myn learlingen: al dy talen dy 't jo hearre via de media: wat is goed, wat net? Is dat dialekt, menear? Jaseker al. Net goed dus? No nee.
Shit my mar lek, sa stadichoan. En dat wer mei tank oan Meindert.
19 oktober 2003
Tsja.
Binne jo in wike earne oars, misse jo fan alles.
By de post in nij nûmer fan De Moanne. Dat is winst. In goed nûmer, dêr 't de redaksjestress fan de ourûne moannen net oan ou te sjen is. Knap!
Wykoersjoch Omrop Fryslân-televyzje. Hie 'k net sjen moatten. Zappe! Mar ik bin lui, ik reagearje traach sa stadichoan. (Yn ús hotel yn Brussel hiene wy 54 kanalen - jo krije in kniesde tûme).
Mar dat wykoersjoch.
Piter Boersma. Oer "De Moanne".
Wêrom Piter Boersma? Oer "De Moanne"?
No ja, Piter is almachtigen god en by OFtv witte se net better. PB is god - sjoch mar nei syn tv-pose... Sa himels stoarje nei in computerskerm kin nimmen.
Dat ik fernaam dat "De Moanne" tenei faaks mei in nûmer jiers minder útkomt, dat de nûmers dy 't al ferskine it dwaan moatte mei tsien siden minder en dat der in 'gat' is fan €30.000).
PB besuniget - lykas (J)PB stoppet er gatten mei gatten.
Ik tocht (mar ik fiel my in bytsje dronken): wie 'k mar yn Brussel bleaun, hie 'k it wykoersjoch fan OF-tv mar net sjoen, hie 'k...
18 oktober 2003
Noflik jo deljaan op sa'n sinneskynbankje oan 'e râne fan de "Kruidtuin", dy grutte botanise tûn fan Brussel - de eagen falle as fansels ticht. As efkes letter it skaad fan sa'n bombidige flat jo rikt, binne jo ek samar wer by de tiid. Jo sjogge om jo hinne, oer de tún, tsjin de flats oan en jo telle suver yn ien eachopslach sân giganten fan boukranen, heger as de heechste tuorren.
Dit part fan Brussel is ien enoarme bouput. Fernamen wy earder, kuierjend. Alde gebouwen gean tsjin de flakte en wurde yn in heech tempo ferfongen troch grize kantoarmastodonten - ljochtbrûn, griis, mei in hiel soad glês.
Unheimische wrâld.
Ik hâld hjir net fan.
Hoe oars as bygelyks yn Rotterdam, dêr 't ik ek yn dy nije heechbou boartlike eleminten sjoch, dêr 't ik my út en troch fiks fernuverje oer de foarmen.
Dat as fansels ferlitte wy dit part fan de stêd en kuierje dat nei de "Grote Markt" op. En de wiide omkriten. Dêr binne de kroechjes ('A la Mort Subite'), dêr wurdt it nacht - de nacht dy 't wy yndrinke mei in hânfol 'Delirium Tremens', sok bier dus.
Samar ien fan ús dagen yn Brussel.
12 oktober 2003
Yn Brussel haw ik in kearmannich west. De earste kear wie ein sechstiger jierren. Op in âld moter (in BSA miende ik). Jonge jonge doe, noch net sa folle fan de wrâld sjoen - foar de earste kear yn in echte wrâldstêd. Makke gâns yndruk.
Folle letter wenne dochter Marrit yn Brussel. De besites oan har: kuierje, ite, musea, op stap. Ik haw doe definityf besletten dat ik fan de Belgise haadstêd hâld, hoewol 't ik al fûn dat gâns yn dy stêd offere is oan grutte ynternasjonale ynstelling as de EU, de Navo en de respektive regearings: gigantise glês-en-stielen gebouwen, faak sûnder argytektonys aventoer.
Moarn sille wy de kant wer út. In hoart.
Jacques Brel achternei. Ek.
En moksels ite fansels. Want dat wie der fan 't jier noch net fan kommen.
11 oktober 2003
Ik wie te let. Fansels wie 'k fierstente let. Mar doe 't ik oankaam fielde ik in negative stream, sa fan: dit is gjin goed plak, wat dogge wy hjir eins?
De Fryske Boekemerk yn Drachten.
Dat smûke "Frânse Pleintsje" (deun by Marktzicht, trouwens) wie ynwiksele foar it "Museumplein". Guon amtners fan de gemeente Smellingerlân hiene berekkene dat dêr (by boekhannel Brouwer dus) te min plak wie foar ambulances en brânwarweinen dy 't - sa waard my dúdlik fan 'e midzje - al den duvel (soms om it healoere) troch smelle strjitten en oer ûneachlike hichten krosse. Yn Drachten.
Sis mar: ien amtner fan Smellingerlân (sy wurket yntusken earne yn de heechste regioanen fan de provinsje) hie bepaald dat de Fryske Boekemerk op it Drachtster Museumplein holden wurde moast. Barde dêr teminsten ek ris wat. Op dat sigerige plein.
Ik fielde my de hiele dei dus net te plak.
Dat ik pielde wat en ik prate wat en ik harke wat en ik kuiere wat en ik âldehuorke wat en ik ferkocht neat.
Hielendal hartstikke neat.
Trije kear de midzje prate ik mei Durk Hibma. It giet goed, fernaam ik. Wy binne no al oer de fiiftûzen euro dizze midzje, fernaam ik.
Moai, tocht ik. De sutelaksje is ek fan 't jier wer in grut sukses.
Okee.
11 oktober 2003
Hoe kinne jo net hâlde fan Sanne Walles de Vries!
Ik seach har jûn yn De Koornbeurs, dat smûke téater yn Frjentsjer. In prachtige frou dy 't oer de grinzen giet fan wat ik wend wie kabaret te neamen. O wis, har teksten wiene puntich, rekken guon minsken (my bygelyks) midden yn 't hert - mar it wie benammen de frou dy 't sa kwiksulverich wie, jûn, dy 't my oanspruts. De frou fan de wikseljende stemmingen, fan sêft nei hurd, fan romantys nei hurdporno, fan ûnwis nei útsprutsen miening.
Mear as kabaret dus.
Wat my jûn (achot: justerjûn alwer) benammen opfoel: Walles de Vries hat in frekt goede sjongstim! In stim dy 't noeget nei harkjen - hoe absurd de teksten en arrânzjeminten út en troch ek wiene.
Wat ik dus eins sizze woe: ik hie (juster) in prima jûn.
Dy 't hylarys besletten waard mei har Beatrix-act - Beatrix dy 't oeral gatten seach. Ek yn it tuskenskot fan de noas fan Mabel
8 oktober 2003
En wer slagge in ploech fan Tryater der yn en besoargje my triennen.
De Weme is in soarte fan doarpshûs mei in lyts teniel - Menaam. Playback-shows, brulloften, resepsjes - soks dus. In soarte fan doarpshûs.
Jûn stie Tryater der. Folle seal. Lyts teniel.
"Blessuretiid".
Fiif akteurs: fjouwer âlde minsken, ien fanalleswat. En fan it earste núnderjen oan de taspraak ta wie 'k stil. Ik hearde om my hinne laitsjen, bolderjen soms - mar ik wie stil. Ik seach absurdistys téater. Sa 't ik dat earder meimakke by Tryater. Lyts absurdeïsme, grut teniel. Knap!
Mar mear as ienris fielde ik triennen. Om de machteleazens fan it âlder, âld wurden.
Triennen fan werkenning?
Ik draach se op, dy triennen. Oan de ploech fan Tryater dy 't dizze foarstelling yn samar in Frysk doarp spile. Samar in doarp. Tafallich it doarp dêr 't ik wenje.
Grut respekt. Profesjoneel, jûn.
20 july 2003
Moarn lûke wy ús kerreventsje de wide wrâld wer yn, dat it moat jûn heve.
Kommintaar op wat ik juster skreau. En dêr wer kommintaar op. Fryslân literêr.
Ik neamde nammen, juster. Kalma, Tamminga, Schurer - oeblinders! Oft jo it no posityf of negatyf bedoele, jo moatte hoeden wêze. O sa hoeden. Der binne blykber noch in pear jongfriezen dy 't krekt dogge oft se libje!
Godallemachtich!
Deade dichters binne dea. Dochs? Fan dy grutte bekken ha wy gjin lêst mear. Wy ha te krijen mei de grutte bekken fan hjoeddedei. Dy binne:
Piter Boersma
Josse de Haan
Eeltsje Hettinga
...eh...
Joop Boomsma
Ach nee.... dochs?
19 july 2003
Godallemachtich! Ik tink wat ou de lêste tiid!
Mar hjoed betocht ik dus dat der yn in pear jier tiid - ek yn Fryslân - in allemachtigen soad feroare is yn literêre machtsferhâldings.
Ik bedoel. Noch mar efkes lyn wiene jo, skriuwer/skriuwster, folslein ouhinklik fan redaksjes en/of lêskommisjes. Jo stiene by wize fan sprekken mei de pet yn de hân te wachtsjen op it oardiel oer dy prachtbydrage dy 't jo ynstjoerd hiene. De postrinner waard elke dei sekuer yn 'e gaten holden.
Tsjintwurdich docht elk digitaal wat er/se wol. Literêr.
In lange noas tsjin al dy pommeranten dy 't sa goed witte wat past yn 'e (Fryske) literatuer en wat perfoast net.
Waling Dykstra
Douwe Kalma
Fedde Schurer
Douwe Tamminga
Trinus Riemersma
Piter Boersma
Eeltsje Hettinga
En doe wie 't ynienen dien. It mislearre projekt 'Kistwurk' die foar withoefolle jonge skriuwers (f/m) de doar ticht en de eagen iepen. Wy ha De Moanne of Hjir net mear noadich. Sels Farsk kinne wy sûnder.
Wy dogge ús eigen dingen.
Koartsein: de (Fryske) literatuer is via internet popularisearre. Elk syn eigen homepage as literêr poadium. Gjin gegriem mear mei wetige mantsjes en wyfkes dy 't op basis fan wat??? de saakkundige úthingje.
Ik genietsje elke dei wer fan al dy siden dy 't it internet my besoargje.
Hûnderten. Sa stadichoan.
17 july 2003
Earder op 'e jûn krige ik in e-mail dêr 't ik even oer neitocht ha.
Ik skriuw yn dit deiboek mar in bytsje mear oer de Fryske literatuer. Dat is wier. De fraach yn dat berjocht wie fansels: wêrom? Is de belutsenens fuort? Gjin ynteresse mear? Bist in bytsje deaslein troch de reaksjes op dyn deiboek troch guon Farsk-minsken?
No, de belutsenens is der fansels. Bliuwt der uteraard. Der ûntkomme my net folle nijtsjes en sa wat de Fryske skriuwerij oanbelanget. Ik bin op 'e hichte. Benammen troch de (hiel plezierige) ynterne tamtam. En ik lês my noch altyd ûngelokkich oan Frysktalige boeken, tydskriften - wit ik wat allegear.
Op de ien' of oare manier haw ik der gjin ferlet mear fan en skriuw der yn dit deiboek oer. It sil wol arrogant oerkomme, mar ik fyn it sa stadichoan sa lyts wurden. Sa ynkoarte. En iksels koarte dus mei yn. Nei alle gedachten.
En dy "guon Farsk-minsken"? Ynfloed?
Oer wa soe it dan gean moatte? E.Schotanus? Achot hee! Abe de Vries? No, dy nim ik al searieus. Dy kaam my lêsten al wat te ticht op 'e hûd.
Wie nei in dei as wat ferwurke.
Mar ynearsten - ik skriuw wêr 't ik oer skriuwe wol. Wat ik op 't stuit wichtich fyn. En dêr heart de Fryske literatuer dus even net by.
17 july 2003
Wy setten ús maaie 1976 yn Menaam nei wenjen. Dat wy ha moai de tiid hân om te wennen oan it lûd dat it fleanark fan de Ljouwerter basis opsmyt. Meastentiids hearre wy neat. Of binne wy ús net bewust fan de strieljagerlûden. Lykas minsken dy 't oan in spoar wenje de trein amper mear fernimme.
As wy al wat hearre, binne it meast fan dy bûtelânse macho's dy 't har wille der oan belibje de 'jet' leech oer de doarpen te jeijen. No, toe dan mar. Tinke wy. Snotjonges.
Mar.
As de julymoanne oanbrutsen is, skynt elkenien op de Ljouwerter fleanbasis (elk jier wer) de kolder yn 'e kop te krijen. Sûnt wy in dei as wat lyn werom kamen fan in fakânsjereis, wurdt ús suver elke moarn hjir yn Menaam de kofje út de beker skodde troch in alderheisliken oangean fan sirkeljende strieljagers.
Ek fan 'e moarn wer.
Wat is dat no? Moat de fakânsjegongers yn Fryslân - dêr 't it meastepart dochs foar de rêst nei dizze oarden komt - oansein wurde dat Ljouwert wier in 'echte' fleanbasis hat?
Ik wit it wier net.
Mar elk jier is 't wer rekke. Wat in kloateherry!
16 july 2003
Us soan reizget op 't stuit fan Thailân út troch Maleisië. Al moannen dogge se (hy en syn freondinne) oer dy reis. Genietsje ûnderweis fansels. Der binne safolle redenen om fan it bewende paad ou te wiken. Der hoecht neat. Alles kin. Fansels.
Ein fan 'e moanne fleane se oer nei Australië. Hartstikke gek. Dêr is it winter!
En dan hawwe wy ek noch in dochter.
Marrit.
Gewoan yn Nederlân. Hurd wurkjend op en yn har eigen gebiet. Radio en televysje. Einskripsje is klear. Dat wy ha oer in wike as wat in dra op 'e bank. Ynstee fan in drs.
15 july 2003
Efkes in dei as wat thús.
Suver noflik: post trochsneupe, de koppen fan de kranten bylâns, e-mail kontrolearje en beantwurdzje, de tûn behoffenje, sliepe op jins eigen bêd - genietsje eins fan de gewoane dingen. En tagelyk wer it ferlet: de oare wrâld wer yn. Want ik ha noch fakânsje.
Apart.
Dat fakânsjegefoel. Dy ûnrêst. Tsjinstridich.
28 juny 2003
Berjocht fannacht fan Gerhard Hormann: "Je boek staat in de nieuwe Aktueel. Op bladzijde 53".
Efkes taljochtsje.
Hormann is in Nederlânstalige misdiedromanskriuwer (Utrecht en omkriten). Oait haw ik oer him skreaun (deiboek 2001): hy wie in fertochte yn de saak fan de (noch altyd net oploste) Utrechtse searyferkrêfter. Hormann soe as auteur tefolle diederynformaasje yn in boek stoppe ha.
Op de ien' of oare wize kaam er op myn thússide telâne, reagearre via de e-mail. Sa rekken wy al mailjend oan 'e praat. Hy fertelde wat, ik fertelde wat. Kollega's yn de misdiedskriuwerij.
Hormann fernaam oer myn "Skriuwersdeiboek 2001 - in jier op it internet", ik fernaam dat er sjoernalist wie fan it wykblêd 'Aktueel'. Hormann woe oer myn boek skriuwe.
Achot, tocht ik. 'Aktueel' ken ik as in bleateboarste en -konteblêd en neffens my kin dizze sjoernalist skraach in wurd Frysk lêze. Mar ik liet him in eksimplaar fan myn boek besoargje. In skoft lyn al wer.
Gerhard Hormann hold wurd. Hy skreau oer myn boek.
Tink ik, want ik haw noch neat ûnder eagen hân.
Mar it idee is wol aardich. Myn 'Skriuwersdeiboek' tusken in allemachtigen soad froulik bleat.
27 juny 2003
Berjocht fan 'Het Schrijvershuis' ynsjoen: "Subsidietoekenningen/Werkbeurzen auteurs eerste ronde 2003". En dan is it moai om te fernimmen dat seis Fryske skriuwers sa'n "wurkbeurs" krigen ha. In dofke jild dat in auteur (mei) troch de tiid helpe kin.
Wilco Berga kriget in "beurs" foar it skriuwen fan in roman.
Tsead Bruinja sil in nije dichtbondel meitsje.
Lida Dykstra wurdt stipe om in berneboek ou te meitsjen.
Albertina Soepboer sil har weagje oan in tenielstik.
Baukje Wytsma kin dien wurk meitsje fan in dichtbondel.
Eeltsje Hettinga makket syn skriuwersdeiboek.
Altyd moai dat (potinsjele) warberens beleannet wurdt troch it Fonds voor de Letteren. Sil sûnder mis prachtige Fryske literatuer opsmite.
Fansels stroffele ik oer it 'skriuwersdeiboek' fan Hettinga. Op "Kistwurk" wurke er in skoft oan in (miende ik) 'nachtbraakboek' - of soksawat. En pisse er algeduerigen oan tsjin myn "skriuwersdeiboek" fan 2001. No sil er sels mei sa'n projekt te set.
Bliid bin ik dat ik him úteinlik dochs ta foarbyld wie. Ik wiisde de man it paad. Nei in grypstehealstoer út de ponge fan it grutte kaptaal. "Het kan verkeren"...
26 juny 2003
Ik hie der, sa nei tolven, efkes sykjen oan - mar úteinlik (Google helpt jo altiten ûnderweis en op it rjochte spoar) fûn ik de tekst dy 't ds. Oeoebele Schuurmans in dei as wat lyn publisearre op de priveeside fan Cor van der Wat (= alt.culture.friesland.frysk).
Earder hie 'k dat skriuwen fan de ds. flechtich lêzen, no haw ik de helte wat better besjoen. De helte - jo moatte wol in grutte masogist wêze en lês fierder. Jezusnochoanta, wat in seldsum noazeljen.
Sa lêzendewei hie 'k efkes it gefoel dat dit skriuwen út de pinne kaam fan Eelske Hettinga. Unsin fansels. Op syn bêsten in parody. Hettinga skriuwt better.
Efkes neitinke. Kin ik dat brief publisearje. Yn Aktueel? Tink it wol. Foar de besikers oan dizze side jout soks efkes dúdlikens oangeande wêr't ik no oer skriuw.
Warskôging: it lêzen fan it epistel fan de dûmny giet op eigen risiko...

(It is 28/06 - tekst dochs mar wer fuorthelle. Langer stean litte soe eins wat te folle eare wêze foar de dûmny).
31 maaie 2003
Rients Gratama hie 'k al heech. As makker fan moaie programma's yn 'e seal, as kabaretier, as fertolker fan "wat ik hearre wol" - nostalgise Fries. Better: Fries dy 't nostalgy opropt.
Hjoed - nee: justerjûn - seach ik Rients as 'Kening Lear' en ik wist: dit is in boppeslach! Net allinne omt er syn rol knap spile, mar omt elkenien sa knap spile. Mar Rients - dochs de man dy 't de laits oan 'e kont hingjen hat - wie oertsjûgjend yn syn rol fan dy tragise kening.
Ik bedoel: ik seach in prachtich akteur yn in prachtige rol!
Rients Gratama it oan 'e top fan myn wurdearring. Efkes heger as in dei as wat lyn.
28 maaie 2003
Haw ik it grutste part fan 'e jûn (fan 21 oere oant 23.25) bestege oan televyzjesjen: finale Champions League. Juventus tsjin AC Milan. En ik haw my knap fermakke. Spilers fan Italiaanse fuotbalklups binne neffens my tige traind yn fallerij, earmtakkegedoch en datsoarte saken. Mar se kinne ek noch wol aardich mei sa'n bal omgean.
Nei de wedstriid (nei de strafskoppen fansels) krij ik Thom Egberts yn byld dy 't Johan Cruijf (fuotballer fan eartiids) yntrodusearret: wat wie 't allegear striemin, no? Cruijf: ja, it wie allegear wol sa ferskriklike min.
Raar opsetsje.
It wie yn myn eagen in fassinearjende CL-finale. Ik bin net fuotrûn, ik haw mar in bytsje sapt. Ik haw sjoen nei al dy jonges dy 't foar Itaalje, foar har Italiaanse breaferskaffer har it snot foar de eagen wei fuotballen. Ik fûn 't prachtich.
Sjogge wy Hear Almachtich Himsels - Johan C. De man hat nei alle gedachten in oare wedstriid sjoen as ik. Of hy wie befoaroardiele. Of syn foarsizzing kaam net út. Wit ik wat.
Feit is dat JC jûn de simpele siel wie dy 't er is.
Ik wit dat. Elkenien wit dat. Behalve de lju fan Studio Sport, dy 't noch altyd tinke dat Ajax (en elkenien dy 't dêrmei anneks is/west hat) de noarm is.
Achchot....
26 maaie 2003
Ut in griis ferline komt in wertinken troch: de rubryk 'Fries Mozaïek' yn de Ljouwerter krante (of wie it dochs de Friese Koerier?). Nijsgjirrige ditsjes en datsjes út de provinsje en in rige nijsgjirrige (meast âldere) minsken. Lange jierren einredakteur: Rink van der Velde.
Oan dy rubryk moast ik tinke doe 't ik lies oer Mozayk fan in libben, Rink van der Velde (1932-2001). It boek dat wensdje troch einredakteur Pieter de Groot oanbean wurde sil oan Mineke, Rink syn widdo. Yn Kafee Markzicht fansels, Drachten.
Twa jier nei syn dea krijt de auteur in... tsja, wat sil it wêze? In tinkboek? Nee. It parseberjocht fan de Friese Pers Boekerij skriuwt oer 'in publikaasje oer libben en wurk fan de skriuwer'. Dêr kin jo jo dan fan alles by foarstelle. Ik tink dat it in nijsgjirrich boek wêze sil. Oer in nijsgjirrich én eigensinnich minske.
Yn datselde parseberjocht is ek sprake fan de 'Rink van der Velde-priis', in nije literêre priis, ynsteld troch de gemeente Smellingerlân - "De priis wurdt takend oan dy Fryske skriuwer (of skriuwer yn ien fan de Fryske streektalen), dy 't nei it betinken fan de sjuery yn de jierren 2002 en 2003 de bêste Fryske roman, ferhalebondel of novelle publisearre hat." In proazapriis dus, foar de earste kear út te rikken yn 2004.
Moai. Wêr in literêre priis der by. Ik freegje my lykwols wol ou wat Rink sels fan al dit earbetoan tocht hie. Ik kin my wat grommeljen yn syn grêf foarstelle.
25 maaie 2003
God wat spitich, wat sneu. Dat wiene myn earste gedachten doe 't ik hearde dat Hermien Timmermans ferstoarn is.
Hermien wa?
Ja, as jo dy fraach stelle, binne jo dúdlik net fan myn generaasje. En kinne jo better earne oars op it internet jo hinnekommen sykje. Hoewol...
Hermien wie ien fan myn idoalen. Mei har man Gerd (of wie 't Gert?) song se lieten dêr 't ik wearzge fan hie. Jankfodden en gjin ein. Mear as 100 jier lyn. "Ik heb eerbied voor jouw grijze haren" en "De duiven op de Dam - sjalalalie sjalalala". Sokke nûmers. Ferskriklik, fûn ik doe. Fyn ik noch. Mar dat sjongen liet ik by my lâns gean. Ik seach nei Hermien. Ik seach hoe 't se njonken in man stie (Gert/Gerd) dêr 't se in ougrysliken hekel oan hie. Elke kear dat se him (yn opdracht fan de regisseur - televyzje) oanseach, lies ik yn har eagen: do bist in grutte lul do, do bist minder noch as in weiten hin. Mar se gong troch - sukses twingt in minske ta ûnnatuerlike dingen. Mar wat hie se moaie skonken, krekt ûnder dy koarte rokken wei.
Ik seach it oan en ik seach yn har in heldin. In goadin.
Doe kaam in EO-pearioade. Gert/Gerd wie hielendal yn 'e Hear. Halleluja! En sa. Hermien die mei. Offere har op. Mar yntusken libbe se mei mei har dochters dy 't in oare hear fûn hiene. Porno. Yntusken fûn Hermien ek in eigen hear. Sint Alkoholika.
En Gert/Gerd mar de weiten hin úthingje. Sêft knyn. Mar ja, der moast wol fertsjinne wurde. Bûgje en bûgje - EO bea in fracht oan ynkommen.
Hermien keas foar harsels. En de flesse fansels. En se stoar. Hjoed. 59 jier.
Wer in goadinne nei de bliksem. Mar har skonken hâld ik yn myn ûnthâld. En har blik yn 'e eagen. Benammen as se nei har oanhingsel seal. Dy Gert/Gerd.
Tsja...
25 maaie 2003
Takomme wensdje moat ik nei Drachten ta. Nei kafee 'Marktzicht'. It sil de boppeseal wol wurde.
'Marktsicht' keppelje ik yn myn gedachten altyd oan Sybe. Sybe fertelde my in jier as wat lyn dat er kanker hie. Wy seagen elkoar oan, doe. En wy diene der it it swijen ta. Kanker yn Sybe - it moast slim wêze. In moanne as wat letter wie Sybe dea.
'Marktsicht' is ek Rink van der Velde, melkko fan de Friese Pers Boekerij.
Moarn oer Rink en de FPB en 'Marktzicht'.
24 maaie 2003
Jenny ropt krekt fan ûnderen dat Turkije it 'Eurovisiesongfestival' wûn hat.
Moai, tink ik. Klear. Turkije.
Op itselde stuit betink ik (nee: in feit dat opslein is yn 'e harsens, oait ris in kear opfongen) dat dit oeheden al foar de 48'ste kear holden waard. It is dus mooglik dat ik al 48 kear konfrontearre bin mei dizze ûnsin. In 'Songfestival' - wylst it fansels om de 'act' giet sa stadichoan. De 'útstrieling' en sa. It ferske (the song) docht der net ta.
Mar: jout dit 'songfestival' net folle mear de skiednis fan de televyzje oan?
23 maaie 2003
Fan 't jier wurdt wer de winner fan de Gysbert Japiks-priis oanwiisd. En ik ha my der noch net iens drok oer makke. Sil ik ek net dwaan. Jo kinne wol mei wylde ideeën komme (sa 't ik dat yn 2001 die)( en dy 't ik eins noch altyd hiel goed fyn), mar as der suver nimmen is dy 't se searieus nimt, kinne jo jo better stilhâlde. Gjin toeters en bellen om dizze 'mem fan alle Frysk-literêre prizen' hinne.
Dus.
Ferline kear Tsjêbbe Hettinga. Poëzij. Fan 't jier proaza dêrom. Of giet it sa net mear?
No ja, wat kin 't my ek skele.
De priiswinner is trouwens al bekend. By my. Nimmen oars as Durk van der Ploeg kin it wurde, fan 't hjerst. De man skriuwt him in ûngelok, is fan ûnbesprutsen gedrach (tink ik) en syn lêstferskynde boek fûn ik in boppeslach - no ja: in goed boek.
En Durk van der Ploeg is sa stadichoan oan de priis ta.
23 maaie 2003
Jo stean der gewoanwei net sa by stil, mar lêsten - mei troch dat gedonder om Harkemase Boys en Quick Boys hinne - foel it my ynienen op hoefolle fuotbalklups dy 't meidogge yn de saterdjekompetysjes har 'Boys' neame.
Apart fenomeen.
Hawwe sokke klups ek in frouljusoudieling? En hoe neame dy froulju har dan? Drachtster Girls - bestean dy? Of Broekster Girls?
Of Quick Girls?
Of fuotbalje op saterdje gjin froulju?
Tsjongejonge - wêr kin in minske al net oer neitinke!
21 maaie 2003
Tsjong! tink ik dus: ik bin in tige befoarrjochte persoan.
* - Dizze wike is healwei en de post brocht my it samle Gysbertwurk fan Piter Terpstra en in (moaie!) kar út de ferhalen fan Froukje Annema. Frysk en Frij. Fansels Frysk en Frij.
* - De Friese Pers Boekerij frege my om in stikmannich boeken oan te freegjen as resinsje-eksimplaren. Doch ik moarn.
* - De Afûk wol in besprek fan my: 'De silveren rinkelbel' fan Waling Dykstra. Fryske Klassiken. "Silveren?" Ik tocht 'sulveren'.
* - Ik krige in berjocht fan 'e bank dat der wer in pear hûndert Euro byskreaun wie (Euro? Wat is dat yn gûnen?). Omt ik doedestiids wat foar it Frysk die...
Oan 'e oare kant: jo besteegje in moai nusje oeren oan in petear mei oersetter/bewurker Gerrit Hoekstra - Dronryp en Easterwierrum. Jo sjogge dat ferhaaltsje werom en nearne komme jo jo namme tsjin.
Ik waard wol útnoege om frijkaarten oan te freegjen... ha!
In skriuwer stelt yn Fryslân hartstikke neat foar. In slaaf, in koely, in arbeider - doch dyn wurk en hâld dy fierder de bek.
19 maaie 2003
Ik sit op myn lúkse draaistoel foar myn computer en myn fingers gean oer it tûtseboerd en typje dizze tekst.
Bam! It stiet der.
De sin dy 't ik al sa faak skriuwe wollen hie. Sa'n sin dy 't oanjout dat ik de skriuwerswâld eins wol hiel "relekst" belibje, oer my hinne komme lit. Ik bedoel: wat stelt it allegear foar? Wat hat de Fryske skriuwerswrâld - behalve Klaas Jansma fansels (achjezus...sielich sa stadichoan) - noch te betsjutten? Neat dus.
Ik sit foar dy ferrekte computer en myn fingers gean oer dit tûtseboerd. Ik skriuw dus ik bin. En ik sjoch ûnderwilens om my hinne. In fracht boeken sjoch ik. Kreas tsjin 'e muorre plakt. Alfabetys op oarder brocht. In stikmannich fikse steapels boeken stean op 'e flier lykwols. Mar ik sjoch - yn myn keamer, in hokje fan trije by fiif meter, - ek withoefolle mappen lizzen. Brieven, knipsels, útprinte e-mails. En ik tink: do moatst sa stadichoan ris oan it skiftsjes, heite - rubrisearje.
Ja ja ja - yn 'e gaos fyn ik myn paad, bin ik mysels - dus lokkich.
18 maaie 2003
Spitich, mar it is net oars. Erosmos hâldt de digitale doar yn 't slot. By in lêste besykjen (fan 'e moarn) om yn 'e kunde te kommen mei EH syn eroatise siden, krige ik wer dy Ingelstalige tekst: it is my ferbean de doar te iepenjen. Tsja.
Sit der wat achter dy doar?
Ik leau der sa stadichoan neat mear fan.
Dat ik sil meikoarten it adres fan 'Erosmos' fan myn list mei trochferwizings ferwiderje.
17 maaie 2003
Efkes - foar mysels - wat sturtswylje. Lyts guod, sis mar.
* - Ea is my tasein dat 'Erosmos' - de sekssite fan Eeltsje Hettinga, earder Kistwurk, út en troch gastskriuwer by 'Farsk' - op 15 maaie de doarren iepen sette soe. Ik haw it ferskate kearen besocht: nada!
* - Grappich trouwens dat guon minsken presys witte hoe 't de taal fan 'Gysbert Japiks' klonken hat, fjouwerhûndert jier lyn. Der binne sels lju dy 't witte hoe 't it Middelnederlâns útsprutsen waard. Hat immen in idee hoe 't it Frysk, hoe 't it Nederlâns yn Multatuli syn tiid klonk?
* - Piter Boersma - jo witte wol, dy fan Wiuwert, allround persoan, rûnom yn te setten - skreau in roman oer 100 jier keatsen yn Mantgum. Suchtsuchtsuchterdesucht... - dy keatserij dochs... Sa bliuwt dy sport (folkloare?) wichtich. Firtueel.
* - Hy hat gelyk,Willem Winters: hy ried my net fan 'e sokken mei syn skûtmobyl (befrijingsdei). Sterker noch: ik waard hielendal net fan ' e sokken riden. En alhiel net troch immen op sa'n motorisearre rôlstoel. Mar dat boek dêr 't wy it oer hiene - it sammele dichtwurk fan Bob van Dalen, houthanneler te Ljouwert - dat bestiet wol. En is in feest!
* - Ik tink wolris, dy Jetske Bilker - dy fan Achlum -, skriuwt sa stadichoan ek as in echte saakkundige. Teminsten, sa komt sy op my - folsleine Fryskliterêre nitwit as ik de berjochten leauwe mei op myn e-mail - oer. In oardiel oer in boek, in miening. Tsjong!
* - En - ropt Jant van der Weg op in boat earne yn Fryslân, fol mei Ibby-freonen - der moatte folle mear Fryske berneboeken komme. In bern dat, sis mar, fiif Frysktalige berneboeken yn 'e wike lêst, is wol ferskuorrende gau útlêzen. No, tink ik, dat jildt net allinne foar berneboeken... Mar der is hope: Anny de Jong ("Ik haw krekt in boek ynlevere"), ek op dy boat oanwêzich, krige de skriuwkribels yn sa'n ynspirearjend selsskip. "Ik krij der suver nocht oan en begjin wer oan in boek".
* - Hie Josse de Haan ek net noch wat nijs?
16 maaie 2003
Wat is dat dochs, dy keatserij. Ik snap der sa stadichoan neat mear fan. Ik bedoel: keatsen! In marzjinale sport mids oare sporten. Dat is dúdlik. Oumetten nei it tal minsken dat komt te sjen as der earne yn Fryslân in haadklassepartij spile wurdt. Hoefolle? Lit my sizze 300 minsken. Gemiddeld. Ja, ik bin in freonlik minske. Ik benaderje it keatsen - tsjin better witten yn - posityf.
Keatsen stelt dus as sport neat mear (earder minder) foar as honkbaljen, kuorbaljen, atletyk, doarpsgymnastyk, volleyball, klootschieten, rugby, basketball, fierljeppen, skaken, Frysk damjen, gewoan damjen, silen, linedûnsjen, sjitskiifsjitten, hurdrinnen, turnjen, skûtsjesilen, klaaisjitten, kuierjen, swientjetikken, ensafuorthinne...
Allegear sporten foar de leafhawwers.
Mar dy keatserij wurdt útfergrutte. Yn de Fryske media. Want dat is wol sa'n grutte sport!
Jo sille mar yn 'e wâlden wenje, yn 'e súdwesthoeke, yn it súdeasten, op de eilannen - jo freegje jo elke mendje wer ou: keatsen, wat is dat? Dy klaaikluten, dy greidhoekeminsken, ja: dy begripe it wol. Mar safolle oandacht foar in sport dy 't beoefene (en wurdearre) wurdt yn sa'n lyts part fan de provinsje, dy 't mar sa'n bytsje minsken oan publyk lûkt - oerwurdearring en gjin ein!
En dan: al dy boeken dy 't oer dat keatsen skreaun wurde! Oer keatsferienings dy 't 100 jier bestean. As soe dat keatsen echt wichtich wêze, foar elkenien.
15 maaie 2003
Ek op myn thússide haw ik sa'n tellerke fan Nedstat. Jo krije in indikaasje wat it tal besikers oan jo side oanbelanget: hoefolle deis en wêr komme se wei. In indikaasje, net mear. Ik haw dat tellerke allinne mar op de iepeningsside stean, net op de side fan myn deiboek. Dat de lju dy 't (via har 'favorites') daalk trochskeakelje nei myn deiboek, wurde net meiteld. Fyn 'k prima. It is ek mar sa'n aardichheidsje, dy teller. En it is mar út en troch dat ik efkes sjoch.
Hjoed haw ik efkes sjoen.
Oan't niis hiene der hjoed 37 besikers west.
Ik haw ek in interne teller, allinne troch my te besjen via in koade. Dy teller mjit alles: hoefolle besikers totaal oan alle siden, hoe fytse se troch myn siden hinne, hokker side wurdt it meast besocht (deiboek), wêr komme sei wei, hokker server wurdt brûkt, ensfh. It seit himsels dat dizze teller gâns hegere tallen jout as dy Nedstatteller. En ik wol graach leauwe dat dy interne teller it krekte tal besikers sjen lit...
Nijsgjirriger as it tal besikers fyn ik it lân dêr 't se weikomme. Ik bedoel: jo gean der fan út dat it benammen Friezen binne dy 't myn side in besite bringe. Uteinlik is dy side folslein Frysktalich. No, Friezen wenje rûnom! Dizze wike (behalve út alle dielen fan ús lân): Australië, Japan, Frankryk, België, Thailân, Maleisië, Dútslân, Feriene Steaten, Grut Brittanje, Noarwegen - ik neam mar in hânfol.
Hoe komme dy lju oan myn adres? Freegje ik my wier ou.
No ja, oant safier de berjochten oer myn tellers. Ik kin ynearsten wer fierder. Ik ha mysels (myn idelens dus) wer genôch kidele.
15 maaie 2003
Sûnt in wike leit dus dat mânske boek fan Piter Terpstra yn 'e boekhannel: "De Gysbert Japiks Trilogy". Trije boeken yn ien bân. Priis €20.
De ourûne moannen stroffele ik yn dyselde boekhannel oer fikse steapels Gysbert-boeken: trije (losse) romans foar 5 euro it stik. Selde boeken. Aardige stunt fan de Friese Pers Boekerij: smyt Piter syn Gysbert-oeuvre yn 'e ramsj.
Se moatte by de FPB tocht ha: sa reitsje wy ús foarrie kwyt - Goasse Brouwer (Frysk en Frij) rêdt him dêrnei mar mei syn prachtútjefte.
14 maaie 2003
Oe!, ik wie efkes te betiid... Ik klikte niis Erosmos - wie 't sa net? - oan en ik fernaam yn prachtich Ingels dat it my net tastien is en smyt in each op de siden ûnder dit adres.
Noch in hoart en ik mei sjen nei Eeltsje Hettinga syn wiete dreamen!
De 15de maaie wie my tasein as begjindatum.
No ja, dat wurdt him jûn dus neat mear. Ik sit op bêd. Der moat moarn wer hurd wurke wurde. Faaks dat ik de frou aansen noch efkes kidelje. Ferwachtsje ik eins ek net folle fan. Ek hja moat moarn wurkje. Hurd wurkje, sei se earder op 'e jûn.
Hawar, oer in skoftsje Eeltsje syn plaatsjes besjen, syn teksten lêze, syn filmkes rinne litte - keunst!
13 maaie 2003
It is it lot fan in skoalmaster fansels - min ofte mear ouskie nimme fan jo learlingen as groep, as klasse. Ein fan 'e wike gean ik mei myn bern fierder as individu. Ik sit earne yn in ûnbidich grutte gymnastykseal ta te sjen hoe 't se har eksamenwurk dogge, thús mei ik (foar myn fak) dat wurk besjen en beoardielje. En elk jier wer fernim ik sa'n bern, myn learling in hiel skoallejier lang (dochs!) - ûnderdiel fan in klassemienskip - úteinlik as in individueel wêzen.
Hjoed hie 'k myn lêste lessen yn de eksamenklassen.
Fjouwer eksamenklassen, 92 bern.
Tsja.
Hjoed liet ik se los, myn bern. Lykas al safolle jierren. Hjoed haw ik sein: 'Sukses! Doch de dingen sa 't se dien wurde moatte...'.
Se seagen my oan, de bern. Se seagen myn triennen net. Fansels net. Sij hawwe gjin weet fan de swiete apels dy 't ik oan 'e ein fan de simmer hiel hoeden fan de beam plôke - doedestiids -, elk jier op 'e nij.
12 maaie 2003
Wylst ik fan 'e moarn, it sil kertier oer achten wêze, in stik bôle reemeitsje, sjoch ik troch it keukensrút hoe 't sa'n grien meunster fan Fryslân Myljeu in tentakel útstekt en de ynhâld fan ús kontener leechskoddet yn syn grouliif.
'de reek kringelet dit gedicht...' lês ik op 'e sydkant fan de auto en dêr ûnder sjoch ik myn namme.
Ferrek!
It is wier ek ommers. In jier as wat lyn hat immen in rigel út in gedicht fan my selektearre. In gaadlike rigel foar in jiske-auto. En hjoed wurdt dy rigel my suver oan hûs besoarge! De hiele moarn sil dy wein myn tekst troch Menaam ride.
In dei kin minder begjinne. Foar in dichter.
11 maaie 2003
It wie net iens in ûnnoflik byinoarwêzen, juster yn 'e Boalserter Martinytsjerke. Aldergeloks sieten wy op stuollen en net yn dy idioat-hurdhouten banken dy't ik my yn 't sin bringe kin fan eardere besites oan tsjerken. Hoe 't minsken dat in lange sneinspreek folhâlde! No ja, echte tsjerkegongers binne dêr fan jongsouoan yn behurde fansels.
Utjouwerij Frysk en Frij - Goasse Brouwer cs - wie der yn slagge en helje in moaigrutte ploech publyk nei Boalsert. Grize koppen foar 't measte. En dy harken mei ynmoed nei foarlêzerij en sjongerij.
Aly van der Mark hie in kreas petear mei Piter Terpstra - de man kin relativearje! Syn trilogy oer Gysbert Japiks (yn ien bân ferskynd by FF) is foar 95 persint optocht, sei er. Der is mar in ferrekt bytsje oan histoarys ferantwurde feitemateariaal oer de persoan Gysbert bekend. Histoarise romans, seker wol - mar dan wol de klam op romans. Fansels.
Oanbean waard ek de dichtbondel 'Myn hert dat trillet my': 103 fersen fan likefolle dichters en dichteressen yn in werklik skitterende útjefte! Ryp en grien, jong en âld by elkoar brocht yn in unyk boek fan 142 siden. Soks kin hjoeddedei yn Fryslân. Guon fan de meiwurkers lieten har ynspirearje - sa haw ik yntusken lêzen - troch de persoan Gysbert, troch syn wurk, syn bertestêd. Mar likefolle (of mear eins) leveren in frij fers as bydrage.
As meiwurker krige ik sa'n bondel. Mei in slúf mei dêryn €35 - it honorarium, swart útbetelle.
Doe wie 't skoft. Nei dat skoft soe der 'mei-inoar sjongen' wêze. Dat haw ik net meimakke. Jenny en ik makken in kuier troch Boalsert, ús earbetoan oan Gysbert Japiks. Want der binne grinzen. Oan in tsjerkebesite. Tegearre lieten sjonge is sa'n grins. Foar my.
10 april 2003
Wat in ambivalint gefoel haw ik. Wat de oarloch yn Irak oanbelanget. Fansels bin 'k bliid dat dat gedoch (foar 't meastepart) ourûn is en dat elkenien syn eigen oerwinning fiere kin. Mar tagelyk haw ik soargen. Oer de kommende dagen.
Dy jonge Amearikaanse bern - soldaten! yn 't gefjochtpak stelt it hiel wat foar - binne bloednerveus. Elke Irakees (of wat der mar op liket) kin in selsmoardner wêze. Dat: sjitte by twifel. En hup, dêr gean wer withoefolle Irakese boargers. Of Amearikaanse soldaten. Ik bin bang dat dizze sitewaasje noch in moai skoft duorje sil.
Want: wat is in minskelibben wurdich?
Menear S.Hoessein is in allemachtigen soad libbens wurdich. Fernaam ik de ourûne wiken. Tûzenen minskelibbens binne fergriemd om ien gek, ien dwylsinnige figuer te pakken te krijen. En as ik de media leauwe mei, is der noch altyd gjin bewiis fan syn dea. Okee, syn bylden wurde nei ûnderen helle, mei skuon en sloffen wurdt slein op posters mei syn oubylding, soms rydt in tank in muorke ûndersteboppe - moaie plaatsjes, mar wat dogge wy der mei? Wat ha wy der oan?
It is eins te bernachtich foar wurden!
Wêr gong dizze oanfal op Irak om? It lân soe wrâldbedriigjende massaferneatigingswapens hawwe. Neat fan fernommen oant no. Hear Hoessein wie libbensgefaarlik foar elkenien, moast dea. Syn lyk haw ik noch net sjoen.
Dat - en ik haw it al earder skrean - : oalje en macht. Wat oars?
9 april 2003
Elke Fryske skriuwer is der mei bekend: fan dy lytse kaartsjes mei in koarte resinsje. 'Aanschafinformatie' fan 'Biblion' - it eardere 'Nederlands Bibliotheek- en Lectuur Centrum' (NBLC). Ynformaasje dus foar de bibliotheken.
De skriuwer krijt sa'n kaartsje meast via de útjouwer.
De lêste jierren stiet faak de namme Jelle van der Meulen ûnder dy resinsjes. In net-Fries om utens. Van der Meulen makke koartlyn in internetside (http://home.tiscali.nl/~jmeulen/fries/) dêr 't tsientallen fan dy koarte resinsjes fan Fryske boeken, kreas oardere op skriuwersnamme, op te lêzen binne. De list wurdt nei alle gedachten útwreide.
In prachtich ûndernimmen, fyn 'k. In soarte fan neislachwurk foar in lêzer. Foar elkenien eins, dy 't nijsgjirrich is nei it oardiel fan dizze Biblionresinsint oer resinte Fryske boeken. Hoe wurdt de bibliotheek ynformearre?
8 april 2003
By de post hjoed in aardich bondeltsje: 'Farskskrift'. Moarn sil ik it lêze, better besjen. Hjoed haw ik it trochblêde. 'Winaam' is de titel. Want - dat haw ik yn 'e gauwichheid al begrepen - elk nûmer sil in téma hawwe. En it téma fan dizze earste bondel is it (einlings weromfûn en dus koestere) bertedoarp fan Abe de Vries - einredakteur fan Farsk en fan alles wat fierder mei dat digitale blêd te krijen hat.
Prachtich ûndernimmen fan 'Utjouwerij Bornmeer'.
Fiks tûker oanpakt as dat spitigernôch mislearre projekt 'Kistwurk'. Want saakliker?
8 april 2003
Ik hie it mysels tasein dat ik it dwaan soe en it is my slagge: ik haw in grut part (mear as de helte) fan de fuotbalwedstriid Ajax-ACMilan besjoen. Op de televyzje. Kin 'k der moarn yn alle gefallen oer meiprate. Op myn wurk. Mei myn learlingen. Oer Ajax prate is nofliker as oer de sitewaasje yn Irak.
Wat my opfoel: fuotbaljen op dit nivo is echt ynternasjonaal. By 't begjin fan de wedstriid stiene der twa Nederlânse spilers op it fjild. Ien oan Ajax-kant (in Van der Vaart) en ien oan Milanese kant (Seedorf). Fierder wie 't fan de hiele wrâld fan alles wat.
In oar ding dat opfoel wie de Pavlov-reaksje fan 't publyk op de tribunes fan de Amsterdam Arena. Wurdt tsjin 'ús' fluite, dan geane wy massaal ferbaal te kear. Ek as Seedorf oan 'e bal is. Want - hoewol in eksAjaxman - it is in ferrieder. Of soks. Jo koene op sa'n reaksje wachtsje. Fûn ik spannend om te belibjen. Spannender as dy balskopperij.
Ik bin gjin psygolooch, mar ik woe al dat ik dit gedoch ferklearje koe.
Ajax-supporters binne ougryslik rjochte op it shirt fan de eigen klup. Wa 't yn dat shirt sit is dus net echt fan belang.
Ik hie in noflike jûn.
7 april 2003
Nee, ik skriuw hjoed net oer de oarloch yn Irak. As ik yn 'e krante lês oer tûzenen slachtoffers oan Iraakse kant (soldaten en boargers) en ik sjoch op CNN suver allinne mar bylden fan Amearikaanse suksessen en (yn 'e werhelling en nochris yn 'e werhelling) in hantsjefol jûchheiroppende Irakezen dy 't Ingelse soldaten yn Basra wolkom hjitte -
As ik op België-tv in reportaazje sjoch oer sjoernalisten dy 't alle war dogge om de oare kant fan sa'n oarloch sjen te litten (de kant fan Irakese boargers, gewoane minsken - it minsklike aspekt), mar dy't ougryslik tsjinwurke wurde troch it 'Koalysjeleger' -
As ik yn myn wertinkens it begryp 'skjinne oarloch' tsjinkom -
As ik bylden sjoch fan sikehûzen yn Bagdad -
my is it dan finaal oer. Hjir wol ik hjoed net oer skriuwe. Ik wurd mislik fan wat der bart yn Irak, it wurd mislik fan de berjochtjouwing fan 'the free press' oan 'the free world'...
It rezjym Saddam Hoessein moast brutsen, ferneatige wurde. Ik koe my dêr wol yn lykfine. Fansels, de man is in gek, in dwylsinnige diktater - mar sa binne der mear. Rûnom yn 'e wrâld.
Okee.
Mar moat dit no tûzenen minskelibbens kostje? Safolle gewoane minskelibbens?
No ja, hjir wol ik dus net oer skriuwe. Omt ik der mislik fan wurd.
Mar ik haw noch wol in fraach. Dy massaferneatigingswapens (biologys en sa), dêr 't it ek om begûn wie - wannear dûke dy op? Wannear wurde dy op grutte skaal fûn? Asjeblyft sa gau mooglik! As wie 't allinne mar om foar it Amearikaanse thúsfolkje dizze dwylsin te ferantwurdzjen.
Godgodallahallah - en dan ek noch in slachting yn Afrika...
3 maart 2003
Fan Trinus Riemersma syn 'Eigen Eker' oernommen:

It sil heve!

UTJOUWERIJ VENUS
set útein

De nije útjouwerij dêr’t ik in moanne lyn oer skreaun haw yn dizze rubryk en dêr’t ek yn ’e parse omtinken oan jûn is, giet definityf troch.
De partisipanten binne:

Dineke Bos, finânsjes
Josse de Haan, redaksje (sammeljen en begelieden fan manuskripten)
Trinus Riemersma, produksje en disterbúsje

De ferantwurdlikheid foar it útjeftebelied berêst by De Haan en Riemersma
Wy hawwe elk op ús mêd de nedige ûnderfining en rûtine opdien, dat ik tink dat wy in izersterk team foarmje. De earste wike fan maart wurdt de stiftingsakte tekene en dan kinne wy los. Ik ha der freeslik sin oan.

Meikoarten sille wy in side op it ynternet ynrjochtsje dêr’t neiere meidelingen op folgje.
1 maart 2003
Sûnt in healjier bin ik (wer) lid fan de klup en ik makke fan 'e midzje de bysûndere ledegearkomste mei. Fan de Koperative Utjowerij, dy 't - sa die bliken - wer ris wrakselet mei in fizy op de takomst. Trinus gjin lid en dus ek gjin net-betelle krêft mear, Josse dy 't in helder diskusjestik yn 'e striid smiet, in minimaal bestjoer dat fiks ûnder fjoer leit en him dus oufrege: moatte wy fierder mei de KU of sette wy der in streek ûnder? Wichtige feiten, in wichtige fraach. Beskiedend foar de gong fan saken. De Koperative Utjouwerij wer ris yn in idintiteitskrisis.
Ik bin lid, ik fyn dat ik net it foech ha en smyt myn oantekens de wrâld yn. Mar wol dit: de KU giet troch as koôperaasje, as klup fan skriuwers, mar dat der yn de takomst ien en oar feroarje sil, dat is wis. Yn juny sil de leden dy takomstfizy foarlein wurde.
Hiel nijsgjirrich fûn ik de fraach: moat it algemien-kulturele blêd 'De Moanne in útjefte fan de KU bliuwe of soe 't better wêze en bring dat blêd by in oare útjouwerij (of sa) ûnder? De redaksje, sa waard ús dúdlik makke, fielt it measte foar de lêste opsje (bettere kommunikaasje, guon saaklike saken út hannen jaan kinne bgl). Guon leden hiene dêr muoite mei: 'De Moanne/Trotwaer' is dochs it besitekaartsje fan de Koperative Utjowerij.
Oan 'e ein fan de gearkomste dielde Josse de Haan mei dat er per direkt betanket as lid fan de KU.
1 maart 2003
Alwer krekt oer de deigrins: it is alwer moarn.
Jûn lies ik de lêste siden fan 'De lange jacht' fan Rink van der Velde. In werprintinge en dus in werlêzing, sântjin jier letter. Ik herinnerje my dat ik dit boek doedestiids hartstikke goed fûn. Ik herinnerje my dat ik de ourûne jierren op mear as ien plak 'De lange jacht' de bêste Frysktalige misdiedroman ea ferskynd neamd ha.
De werlêzing hat neat oan dat oardiel feroare. Dit boek is - nei myn betinken, en fansels yn alle beskiedenens - ien fan de hichtepunten yn it oeuvre fan Rink van der Velde. Omt de haadfiguer (Kasper de Wagt, sjoernalist yn 'e neidagen fan syn karriêre) sa oertsjûgjend in Rinkminske is. En omt de plot sa soarchfâldich (en tagelyk sa nonsjalant, sa sabeare maklik) útwurke wurdt. En omt it boek goed skreaun is.
Ik herinnerje my ek dat 'De lange jacht' foar my ien fan de ynspiraasjeboarnen wie: der sil in tiid komme dat ik ek misdiedromans skriuw!
Dat sa'n deiboek jo ta sok sizzen bringt...
27 febrewaris 2003
Ik tink: wy (skriuwers) meitsje ús te drok oer dy jonkjes en famkes (manlju en froulju kin ek) dy 't ynhierd binne om ús wurk te beoardieljen. Wy hechtsje te folle wearde oan in oardiel dat skriftlik dellein wurdt. It stiet yn 'e krante, yn dat tydskrift - hartstikke wichtich! In ultym oardiel. Sa is it en net oars.
Tink ik ek faak. As immen oer in nij boek fan my skriuwt.
Mar tagelyk: ik skriuw ék resinsjes. Resinsjes dy 't yn in renomearre, literêr tydskrift ferskine. En ik wit hoe 't ik soms wrakselje mei myn oardiel, hoe 't ik teksten op 'e nij skriuw, hoe 't ik de bondel wer en op 'e nij lês, hoe 't ik (dochs!) rekken hâld mei de persepsje fan de auteur, hoe 't ik (benammen) in negatyf oardiel besykje dochs in fangnet te jaan....
Ik lês in resinsje oer in boek fan my. In oare auteur lêst myn resinsje oer syn boek. Sa giet soks yn dit lytse Fryskliterêre wrâldsje. Soms binne wy tefreden - mar faak ergerje wy ús. Ergerje ik my. Te maklik in negatyf oardiel útsprutsen (sjoch my ris kritys wêzen...), soms te maklik posityf (ik wol dat fanke/dy jonge net kwetse..).
Resinsjes. In ienmansputsje faak, te faak.
Dizze gedachten kamen yn my op doe 't ik jûn yn Hallum yn de bibletheek wat om my hinne rûn. Ik hie myn keunstke dien - skoft. Ferskate kearen waard ik oansprutsen troch froulju dy 't my fregen (fergen eins) om in nije misdiedroman. Alles hiene se lêzen. Fan my. Ek dat deiboek. Geweldich! Mar wannear komt der no wer ris in nije roman?
Ja, tink ik - jo kinne as kritikus wol warber wêze, mar de froulju ûnder elkoar bepale de wearde fan in boek.
Moat ik it letter dochs noch ris djipper oer ha.
Efkes tusken heakjes: Der wie ien yn 'e Hallumerbibletheek dy 't de negative resinsje fan Ernst Bruinsma yn 'De Moanne' lêzen hie. Oer myn Deiboek. ' Tsja', sei se, 'Wat sil ik der fan sizze. Neffens my hat de resinsint it boek mar foar in part lêzen. Nei alle gedachten tige befoaroardiele. Mei sokke minsken sille wy it yn Fryslân dwaan moatte'.
Efkes hie 'k oanstriid en jow de frou in tút.
Mei de Bruinsma's sille wy it dwaan moatte, ynearsten... Tsja...
Ik haw de debútbondel fan Abe de Vries yntusken twa kear lêzen. Moarn noch in kear. En dan sil ik myn resinsje skriuwe. Foar 'De Moanne'.
27 febrewaris 2003
In noflik minske om mei gear te wurkjen, Jan Tekstra. Tegearre wiene wy juster warber yn de bibletheek fan Drylts. Jan - noch heas fan de rippetysjes mei De Kast (hy moat sa'n 20 nije nûmers ynstudearje) - song syn lieten en it publyk harke mei ynmoed. En dan is it moai om te sjen hoe 't guon sêft dy teksten meisongen. Oaren hiene de eagen ticht. Suver in serene sfear.
Oan my dan de 'taak', dizze jûn, dy sfear te ferpesten mei in hurd misdiedferhaal (de prolooch fan 'Yn reek ferflein'). Dat boek waard trouwens omraken ferkocht. Want, sa hearde ik:"Wy binne no wol nijsgjirrich nei de ôfrin". Sjoch - ek aardich oan sa'n jûn.
Letter lies ik in pear stikjes út it Skriuwersdeiboek.
Hawar, de kop is der ou. Drylts wie foar ús de earste kear yn in rige fan fjouwer. De literêre jûnen yn it ramt fan de Fryske Boekewike.
Jûn nei Hallum.
25 febrewaris 2003
It middelste part fan de nije roman fan Willem Abma (de siden 76 - 103 fan 'In Ierse nimf') wie foar my in ferrassing. Hapsnap rint de auteur yn deiboekfoarm troch it jier 1983. Is it suver in skriuwersdeiboek.
Sa skriuwt er, behalve oer de persoanlike soares, bygelyks oer syn omgong mei Michaël Zeeman - doedestiids ferkeaper by De Tille, mar ek útjouwer fan Fryske boeken. Willem syn romans ferskynden by De Tille, yn '83. "Michaël is ien fan de minsken yn waans freonskip ik my fersind haw. In minske hat soms eachkleppen op blykber". Rigen Fryske skriuwers komme lâns, syn foarkar foar âldfrinzige Fryske wurden, de Fryske lessen by Jan Stienstra, de wearzge fan guon resinsinten - dy dingen. Hiel werkenber. Mar benammen hiel earlik.
By 't lêzen fan dit deiboek fernimme jo de hân fan in 'echte' skriuwer. It binne gjin losse oantekens yn 'e marzje fan in skriuwersbestean, fan in minskebestean yn syn algemienens. Dizze deiboekteksten binne foar publikaasje beslipe, behoffene. Binne dus - yn 2003 - literêre teksten.
Sa'n deiboek (as ûnderdiel fan in lytse roman) set jo ta tinken. 1983 - wat die iksels yn dy tiid?
24 febrewaris 2003
Wat in djippe wûnen binne slein, wat moat dat in wrâld oan trauma's opsmiten ha! Doe, dy 11te septimber fan it jier 2001. De Feriene Steaten waard har ynienen bewust fan de eigen kwetsberens. Nea earder meimakke soks, nea earder sa direkt oanfallen (en ferslein!) as op dy alfte septimber. Fan it jier 2001.
Wat komt fuort út frustraasje? No, wraak bygelyks? Om sjen te litten dat 'wy' noch altyd de grutste, de bêste, de ... binne? Danoontje, superrrrrrrrrrrpower - soks, tink ik.
Irak. In ûnbetsjuttend lantsje (as jo de oalje efkes ferjitte...), mar wol in lân mei in idioat oan it bewâld. Mar der binne mear lannen mei idioaten dy 't thús de macht bepale. Folle mear! Irak hat massaferneatigingswapens. Hawwe Pakistan en India ek. Atoomwapens. Like slim. Slimmer.
Mar de pylken binne rjochte op Irak. Dêr sil it heve. Dêr moat it barre. Dêr sille wy sjen litte hoe geweldich wy binne, dat wy echt in supermacht binne!
Dat Irak gefaarlik waard troch de oankeap fan Amearikaanse wapens (sinten!), dêr prate wy leaver net oer. Dat is al 12 jier lyn...
Hawar, de Feriene Steaten sille hoe dan ek Irak platwâldzje. Nimmen hâldt har tsjin. Thús ('back home') sille se witte dat wy wer wraak namen. Want wy binne dochs 'the greatest' of sa...
Dy oanslaggen fan 11 septimber sille wreken wurde. Yn 'e ivichheid. En it leafst sa fier mooglik fan de Feriene Steaten ou. It moat net te ticht by komme.
24 febrewaris 2003
Fan 'e midzje mei Jan Tekstra ús mienskiplik optreden trochsprutsen. De kommende wiken sille wy fjouwer kear op stap yn it ramt fan de Fryske Boekewike. In sjonger en in skriuwer oan elkoar keppele, sa'n 'literêre jûn'. Al jierren docht bliken dat dit in hiel aardige formule is.
Wy dogge net al te yngewikkeld, ha wy oupraat. En wy lizze ússels seker net in strak skema op. Jan syn lieten wurde ouwiksele mei wat foarlêzerij fan my. En wy sille elkoar in interviewtsje ounimme. Faaks dat der wat fragen út it publyk komme, opmerkings. Interaksje. Gjin deade boel.
Ik ha der wol nocht oan eins. It is yntusken al moai wat jierren lyn dat ik soks foar de lêste kear by d' ein hie. Mei Jan wie 'k noch nea op stap.
24 febrewaris 2003
Wat in flauwe opmerking yn it ferslach fan it Fryske Boekefeest, hjoed yn de Ljouwerter. As soene Fryske skriuwers allinne mar nei sa'n feest komme as se persoanlik útnoege wurde én fergese kaartsjes krije. Faaks dat it program sa't dat de lêste trije jier opset is, mear oansprekt.
Fryske skriuwers binne gjin dûnsers. Dat is wis. Stive bonken fan it oeren achter it buro sitte, de tekstferwurker? Aldens miskien?
Ik wit it net. Ik wie der net by. Ik bin ek gjin dûnser trouwens. Noait west.
23 febrewaris 2003
Lês ik hjoed yn 'Boekenijs':
"Op myld-iroanyske toan fertelt Joop Boomsma wat der op it mêd fan de Fryske literatuer en kultuer te rêden west hat yn 2001."
Kloppet. It giet oer myn Skriuwersdeiboek2001. Ik lês fierder:
"Boppedat skriuwt er oer himsels, syn bern, it wurk, syn emoasjes en syn fijân."
Syn fijân...?
Syn fijân!!
Ik bin my der net fan bewust dat ik in fijân haw. Ik bedoel: in eksplisite fijân. Immen dy't ik haatsje. Immen dy't my hatet. Immen dy 't ik nei it libben stean soe of dy 't my nei it libben stiet, in fijân. Wat is in fijân?
Wêr tsjut dit op?
Wa is dy fijân?
Wurdt Eeltse Hettinga bedoeld? Kin ik my net foarstelle. EH-1 in fijân? As Eeltsje en ik elkoar earne moetsje, fûstkje wy, prate wy noflik oer literatuer, oer oare saken. Mei Eeltsje haw ik noch nea in kweawurd sprutsen. Okee, ik haw him op papier foar de harsens slein, hy my noch folle hurder - mar om no oer fijânnen te praten...? Tsjonge jonge...
Tagelyk wit ik dat der in stikmannich fan dy rinhûntsjes binne dy't it aardich fine om fjurkes te stoken.
Mar dy sitte dochs net yn 'e redaksje fan 'Boekenijs'?
Ien wennet yn Ingelân, dat wit ik... in skoathûntsje....
23 febrewaris 2003
Skriuwt hjoed in 'Harkema' yn de nijsgroep alt.culture.friesland.frysk:

"Wat in IK IK IK IK en nochris IK, dy Boomsma. En as jo gjin wraldliteratuer skriuwe kinne dan lulle jo mar wat yn it Frysk om noch wat oandacht te krijen.
Met veel leuke foto's van de schrijver en zo."


Ik haw him antwurd jûn. De ynlieding fan myn thússide:

Wolkom.... ensfh.

De man - ik nim foar 't gemak mar oan dat it in man is - kin lêze. Mar soe er ek begripe wat er lêst?
22 febrewaris 2003
Op dit stuit dûnset, tink ik, Theater Romein noch. It Fryske Boekefeest 2003.
Ik bin der net by. Omt wy Jelmer (en syn freondinne) jûn op it fleantúch setten. Schiphol. Net dat er syn eigen kont net rêde kin, krekt as soene wy him helpe moatte. Mar jo wolle de soan dochs útswaaie as er op in wrâldreis giet. Op 't stuit fleant er nei Bangkok, dan Singapore, Australië, Nij Seelân, Hong Kong - in reis dy 't in jier duorje sil. Of langer.
Theater Romein dûnset. Fryske skriuwers dûnsje.
Ik hie jûn de triennen yn 'e eagen doe 't ik Jelmer syn hân seach, swaaiend, foarby de Schipholdûane. In jier net efkes byprate kinne. Elkoar oanreitsje kinne, elkoars eagen sjen.
10 jannewaris 2003
Jûn let (wie 't al wer) lies ik Babs har besprek fan de dichtbondel fan Sikke Doele. 'Longereilân'. Yn de LC. In skoft lyn rekke ik te set oer dyselde bondel. Ik skreau in resinsje foar 'De Moanne'. En ferdomd: wy hawwe suver itselde ferhaaltsje skreaun. Wat betsjut soks?
9 jannewaris 2003
Ik lês in soad. Neffens guon in allemachtigen soad. Us mem sei eartiids al: do ferlêst dyn ferstân nochris. No, dat sil dan yntusken wol bard wêze.
Wurde jo wizer fan al dat lêzen? Yn myn gefal skraachwurk. Ik lês benammen ferdivedaasje: romans, misdiedromans, poëzij, ferhalen - yn mear as ien, twa talen. En wurd ik dêr wizer fan? No nee. It ûntspant, it ferdivedearret. Ja, ek gedichten ferdivedearje my. Want ek poëzij is fantasij, sûnder djipdollerij, sûnder pretinsje. Lit ús benammen en asjebleaft gewoan dwaan. Gjin holle tusken wolkens.
Poëzij: ferhalen mei in pear wurden. In dichter is ek mar in minske dy 't ien kear deis skyt en twa kear pisset.
8 jannewaris 2003
Neffens Klaas Jansma (besprek Omrop Fryslân) soe Itty Sluis yn har roman oer Trui Jentink te min yn 'e djipte dold hawwe. Der hiene mear neukpartijen beskreaun wurde moatten (myn útlis fan syn dreech-skynhillich-kalvinistise wurden). Tryst. Sokke wurden fan Jansma. Itty hat in topprestaasje levere. Sij hat in wurk skreaun dat my djip yn it moed taaste. Omt se sa ticht by Trui bleau. Omt se besocht hat ûnder de hûd fan Trui te bliuwen. Feitlik - mar seker persoanlik. Sis mar: fan frou ta frou.
Ik tink, in bytsje fantasij Klaas - sels kalvinisten fantasearje wolris oer seks - en do hiest dit ferhaal begrepen, op syn wearde skat. Net alles hoecht út- en opskreaun te wurden. Nochris lêze!
8 jannewaris 2003
It is eins folslein surrealistys. Sa'n prachtich lân as Noard-Amearika, mei sokke frjemde (ik soe hast sizze: idioate) minsken oan it regear! Der wurdt searieus tocht oan oarlogen (tsjin relatyf lytse, kwetsbere lannen as Irak en Noard-Korea - lannen mei in fout rezjym), tagelyk sille der miljarden pompt wurde yn programma's dy 't rike Amearikanen noch riker meitsje moatte..., wylst dat lân al hast yn elkoar donderet ûnder in gigantise skuldelêst.
Allinne dy (eventuele) oarloch tsjin Irak kostet yn de tariedings al miljarden dollars. Wêr komt dat jild wei? 'Virtual reality'? Dat de Amearikaanse boargers soks pikke... Dat wy - dochs nofteren Nederlanners - meigean...
6 jannewaris 2003
No wenje wy sa stadichoan hast tritich jier yn dit hûs. Tsientallen ferskate soarten fûgels haw ik yn ús tún observearje kinnen. Fan sparver oant readboarst, fan ielreager oant pestfûgel. In dei as wat lyn skarrele ynienen in reidhintsje oer it gers. Wurdt ek al in minskebist dus.
6 jannewaris 2003
Ein novimber ferline jier krige ik via de e-mail in wiidweidich parseberjocht: 'Nije belangenorganisaasje foar Fryske skriuwers: FFYS'. Dy oukoarting stiet foar 'Frije Fryske (Ynternet) Skriuwers'. In nije organisaasje dy 't him ouset tsjin it Skriuwersbounbestjoer (dat neat út 'e wei sette soe) en tsjin de literatuerbefoardering sa't dy útoefene wurdt troch it FLMD (doocht ek net). Foar 40 Euro jiers koe'k lid wurde fan de klup - de earste trije moanne trouwens wiene fergees. Ik bin net lid wurden, mar ik haw it epistel mei niget lêzen. Eins fûn'k it wol in nijsgjirrich en sympatyk ûndernimmen. Nij fjoer yn de Fryske skriuwerij, in klup dy 't opkomt foar de belangen fan internetskriuwers. In skop ûnder de kont foar FLMD en Skriuwersboun. Neat ferkeards oan.
Sûnt hearde ik neat mear fan de FFYS. Ja, ien kear noch. Yn in berjochtsje fan Cor van der Wal, ien fan de inisjatyfnimmers: hy trune my oan om dochs lid te wurden - dy fjirtich Euro soe er mei alle wille persoanlik opsûpe. Hy hie it yn datselde berjocht ek oer 'humor' en sa. Dochs in grap dus, dat FFYS? Spitich. Ik hie dy klup wol in skoftsje folgje wollen. Net mei nocht oan ûnnocht. Mei oprjochte belangstelling.
5 jannewaris 2003
Fan 'e moarn wer op Kistwurk sjoen. In stap fierder as fannacht. Dúdlikens. Kistwurk is yndied skiednis. As trou lêzer fan de digitale ferzy kin 'k allinne mar dat wurd fan juster werhelje: spitich.
4 jannewaris 2003
It is 7 menuten foar tolven. In skoftsje lyn seach ik by Kistwurk - neat dus. De boel is beferzen. Gjin nijs, gjin inkele reaksje op wat ik die, op wat ik lêze woe, wêr 't ik nijsgjirrich nei wie. Ik woe fan 't jier eins sa min mooglik skriuwe oer Kistwurk. My wurdt dat dus wol hiel maklik makke. Kistwurk bestiet net mear. Kistwurk is skiednis, tink? Literêre histoarje...? Spitich. Mar wol in feit.
4 jannewaris 2003
Tongersdjetemidzje siet ik yn sa'n Amsterdamske kroech dêr 't jo de hiele dei in 'lunch' of byneed in 'breakfast' foar set wurde kin. It reinde as de sykte, by kloften skoden paraplu's foar de ruten lâns. Binnen wie 't smûk, rûnom wie noflik petear. Dúts hearde ik. Ingels, Frâns, Portugees, Spaans ek noch efkes. In iennichste Nederlâns waard sprutsen troch in Sjinees famke dat de bestellingen opnaam en omparte. Ik tocht: en dan binne der yn Fryslân noch altyd lju dy 't har lulk meitsje omt der yn iepenbiere gelegenheden Frysk praat wurdt.
3 jannewaris 2003
De trije earste dagen fan dit jier wie 'k benammen lui. Lui yn 'e kop, bedoel ik: lêze, reizgje, besites oan famylje, oan in museum, oan in hurdfytswedstriid - dat wurk. Passyf konsumearje. Jo kinne soks oer jo hinne komme litte sûnder neitinke te hoegen. Fyn 'k eins wol noflik. Mar jûn sette Jelmer my wer op skerp. Wy hiene it der alris oer hân, koartlyn, mar niis kaam er mei in opsetsje foar in folslein nije Skriuwersthússide. It is wier fansels: myn thússide yn syn hjoeddeistige foarm is slim ferâldere - jo kinne der mei goed fatsoen net mear mei foar de kreammen lâns. Op 'e kop de boel, nije lay-out, nije foto's, nije teksten. En dus ek in nij adres, in .nl-adres.
Oan it wurk, âlde! Dat wie sa'n bytsje it boadskip.
In nije útdaging dus, spinreach út 'e kop - der is fan alles te dwaan. De kommende wiken.
3 jannewaris 2003
Jo hâlde de media yn 'e gaten, altyd op syk nei nij fjoer yn de Fryske skriuwerij. Ik sykje ynearsten mar efkes fierder.
nei boppe» © Joop Boomsma