It liet fan de ibis
Koos TiemersmaIt komt my net sa faak oer.
Dat ik fan in boek genietsje, fan de taal dy't brúkt wurdt, fan de sfear dy't it ferhaal opropt - en dat ik, as ik it boek útlêzen njonken my dellis, my oufreegje: wat haw ik no lêzen, wat wie't ferhaal?
Soe dit it ferhaal wêze:
In sjoernalist fynt oan de râne fan in kanaal it lyk fan Eva, in mongoloïde puber dy't al in skoftsje fermist waard. Eva hie in goed kontakt mei Obi Okere, in Nigeriaanske keunstner dy't yn har stêd tahâldt. In ûndersyk nei har dea wurdt opset. Hat it in ûngelok west west of is se fermoarde? Yn dat lêste gefal wurdt wiist nei Obi. In Afrikaan yn in stêd dêr 't de fraach wol as net in asylsikerssintrum spilet. Ik soe sa mar kinne, no?
Obi is in nijsgjirrich minske, dêr't wy - lêzers - sympaty foar fiele. Hy draacht syn...